Minne Simens | ferskaat

Ferskaat

Monumint

Op 11 septimber 1878 waard by syn bertedoarp in monumint ûntbleate ta oantins oan Simons. Op it plak fan it monumint hat eartiids in hûs stien, dêr't de dopersken doe yn gearkamen. Simons soe syn leauwegenoaten dêr tasprutsen hawwe. Op it stuit wurdt deroan wurke om dêr in Ynternasjonaal Minne Simens Sintrum op te rjochtsjen.

Minnisten

Doopsgezinden wurde ek wol mennoniten of minnisten neamd. Yn de Feriene Steaten binne der ferskate groepen leauwenden dy't harren "Mennonite Church" neame. Oer de hiele wrâld ferspraat libje dopersken. Op it stuit binne der mear as 1,3 miljoen dopersken wrâldwiid.

Anekdoate

In anekdoate: Meniste leugen.
Minne Simens waard healweis de 16e iuw neisitten troch de Spanjerts. De koets dêr't er mei reizge waard oanholden en Spaanske soldaten fregen oft Simons yn'e koets siet. 'Nee, nee!' rôpen de benaude passazjiers. De doperske learaar Hans Busschaert, waarns oertsjûging him ferbea om te ligen, bûgde oer nei bûten en sei: 'Der wurdt sein dat Minne Simens net yn dizze koets sit'; sa koe de reis ûnbehindere fuortset wurde.

Other Languages
العربية: مينو سيمونز
asturianu: Menno Simons
brezhoneg: Menno Simons
català: Menno Simons
Cymraeg: Menno Simons
čeština: Menno Simons
Deutsch: Menno Simons
English: Menno Simons
Esperanto: Menno Simons
español: Menno Simons
français: Menno Simons
magyar: Menno Simons
Bahasa Indonesia: Menno Simons
italiano: Menno Simons
한국어: 메노 시몬스
Latina: Menno Simons
Malagasy: Menno Simons
Nederlands: Menno Simons
Deitsch: Menno Simons
português: Menno Simons
русский: Менно Симонс
svenska: Menno Simons
українська: Менно Сімонс