Winsjester

Winsjester
Winchester
Winchester 13.JPG
Sifers
Ynwennertal 41.420 (2001)
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Distrikt Winsjester
Greefskip Hampshire
Oar
Koördinaten
Webside Winchester City Council

Winsjester ( Ingelsk: Winchester) is in stêd yn it Ingelske greefskip Hampshire. Yn de stêd wenje om-ende-by 40.000 ynwenners.

Ut de skiednis

Winsjester is in hiel âlde stêd dêr't al sûnt 2000 f.Kr. in minsklike delsetting wie. Yn de 2e iuw f.Kr. wie it de grutste izertiiddelsetting fan Ingelân. Yn 44 waard de stêd troch de Romeinen ferovere en krige de namme Venta Belgarum.

Yn de stêd stean in protte histoaryske bouwurken, wêrûnder de ferneamde 12e iuwske Katedraal fan Winchester, dêr't de grêven lizze fan ferskate Ingelske keningen.

In skoftlang hat de stêd tsjinne as haadstêd fan it âlde keninkryk Wesseks. Troch kening Aelfred de Grutte waard yn de 9e iuw fan Winsjester de wichtichste stêd makke fan syn keninkryk en de stêd soe haadstêd bliuwe fan Ingelân oant-en-mei de ferovering troch Willem de Oermasterder yn 1066. Willem ferklearre sawol Winsjester as Londen ta haadstêd en liet him yn beide stêden kroane. Letter krige Londen lykwols de oerhân. Yn de Midsiuwen wie de stêd in wichtich sintrum foar de wolhannel.

De romanskriuwer Jane Austen ferstoar yn Winsjester op 18 july 1817 en is begroeven yn de katedraal.

Other Languages
Afrikaans: Winchester
العربية: ونشستر
беларуская: Вінчэстэр
беларуская (тарашкевіца)‎: Ўінчэстэр
български: Уинчестър
brezhoneg: Winchester
català: Winchester
Cymraeg: Caerwynt
čeština: Winchester
dansk: Winchester
Deutsch: Winchester
English: Winchester
Esperanto: Winchester
español: Winchester
eesti: Winchester
euskara: Winchester
فارسی: وینچستر
suomi: Winchester
Gaeilge: Winchester
हिन्दी: विंचेस्टर
Bahasa Indonesia: Winchester
íslenska: Winchester
한국어: 윈체스터
Latina: Wintonia
lietuvių: Vinčesteris
Nederlands: Winchester
norsk nynorsk: Winchester
Nouormand: Ouînchêtre
polski: Winchester
português: Winchester
română: Winchester
Scots: Winchester
srpskohrvatski / српскохрватски: Winchester
Simple English: Winchester
slovenčina: Winchester
slovenščina: Winchester, Anglija
српски / srpski: Винчестер
svenska: Winchester
తెలుగు: వించెస్టర్
українська: Вінчестер
اردو: ونچیسٹر
Tiếng Việt: Winchester
Volapük: Winchester
吴语: 温彻斯特
中文: 温彻斯特
粵語: 溫車士打
Bân-lâm-gú: Winchester