Timpeliers

De flagge fan de Timpeliers.

De oarder fan de earme ridders fan Kristus en de timpel fan Salomo, better bekend as de Timpeliers of Timpelridders, wie in Midsiuwske geastlike ridderoarder dy't by in krústocht stifte is om pylgers yn it Hillige Lân te beskermjen. De namme Timpeliers is ôflaat fan de Timpel fan Salomo, dêr't no de Al-Aqsa-moskee op de Timpelberch stiet. Ien fan de doarren dy’t der no noch altyd yn sit hat fan de oarder west en is jûn troch kening Baldwyn fan Jerusalim. De oarder gie troch mei bestean ek nei de ein fan de hearskippij yn Jeruzalim.

De oarder wie net allinnich in ridderlike oarder mar ek in soarte kleaster. De leden fan de oarder wienen tagelyk ridder en muonts. Se waarden dan ek wol de soldaten fan Jezus neamd, yn it Latyn Milites Christi. De geastlike regels binne ûntliend oan Bernardus fan Clairvauc en dy regels binne oanfold mei militêre regels.

It skyld fan de Timpeliers hat in swarte râne mei in read krús op in wite eftergrûn. In symboal wat betsjut dat se de eed fan earmoede ôflein hawwe. De militêre oarder is lykwols ryk en in machtige organisaasje, se wie ûnôfhinklik fan 'e tsjerke en fan keningen. Dat soarge foar jaloerskens en oergeunst by ferskate Jeropeeske hearskers. Hja lieten de oarder ûntbine en in soad ridders binne op de brânsteapel bedarre. De oarder bestie dêrnei yn Portegal fierder as de Oarder fan Jezus Kristus. De Portugeeske kening Hindrik de Seefarder, brûkte sawat hûndert jier letter jild fan de Portugeeske oarder foar it finansieren fan ûntdekkingsreizen.

Other Languages
aragonés: Orden d'o Temple
العربية: فرسان الهيكل
žemaitėška: Tamplėirē
беларуская: Тампліеры
беларуская (тарашкевіца)‎: Тампліеры
български: Тамплиери
brezhoneg: Urzh an Templ
bosanski: Templari
Cymraeg: Urdd y Deml
Чӑвашла: Тамплиерсем
Deutsch: Templerorden
Ελληνικά: Ναΐτες Ιππότες
Esperanto: Templanoj
eesti: Templiordu
français: Ordre du Temple
Gaeilge: Teamplóirí
hrvatski: Templari
magyar: Templomosok
Bahasa Indonesia: Ksatria Templar
íslenska: Musterisriddarar
ქართული: ტამპლიერები
한국어: 성전기사단
Lëtzebuergesch: Templeruerden
lietuvių: Tamplieriai
македонски: Темплари
Bahasa Melayu: Knight Templar
Nedersaksies: Tìmpelders
Nederlands: Tempeliers
norsk nynorsk: Tempelriddarordenen
Nouormand: Orde du Templle
polski: Templariusze
русский: Тамплиеры
srpskohrvatski / српскохрватски: Templari
Simple English: Knights Templar
slovenčina: Rád templárov
slovenščina: Templjarji
српски / srpski: Темплари
українська: Тамплієри
Tiếng Việt: Hiệp sĩ Đền thánh
West-Vlams: Tempeliers