Tabak

Piiptabak
Tabaksfjild

Tabak is in produkt makke fan de blêden fan de tabaksplant Nicotiana tabacum, dat as genietmiddel smookt, kôge (prûmtabak) en snúfd wurdt.

Tabak is lang brûkt as in enteogeen yn Noard- en Súd-Amerika. Nei de komst fan de Jeropeanen yn Noard Amerika waard it lykwols hannelsguod en in rekreaasjedrug. De populêre tabak late ek ta ekonomyske ûntjouwing fan it suden fan de Feriene Steaten oant it plak meitsje moast foar katoen. Nei de Amerikaanske Boargeroarloch ûnstie de sigaret. De grutte fraach nei dit produkt late rillegau ta it ûntstean en oanwaaksen fan grutte tabaksûndernimmingen oant de wittenskip fraachtekens sette by it tabaksgebrûk, sa mids 20e iuw.

Der binne in protte soarten tabak, dy't allegearre levere wurde troch it planteskaai Nicotiana. It wurd nicotiana (en ek nikotine) is neamd nei Jean Nicot, de Frânske ambassadeur foar Portegal, dy't yn 1559 tabak as medisyn nei it hof fan Catherine de Medici stjoerde.[1]

It gebrûk fan tabak is in sosjaal (mar hieltyd minder) akseptearre foarm van ferslaving; foaral it alkaloïde nikotine dat yn tabak sit, laat ta wennen en ôfhinklikens.

Fral it brûken fan smookbere foarmen fan tabak, benammen sigaretten, foarmet in wichtige oarsaak van swierrichheden mei de sûnens oer de hiele wrâld; smokers libje trochsneed 5 oant 10 jier koarter as net-smokers, en in protte syktes hâlde in mear of minder sterk ferbân mei it gebrûk fan tabak, fan longkanker, hertinfarct, beroerte, mûle- tonge- slokdarm- maach- en blaaskanker oant emfyseem en COPD.

Dokters riede it gebrûk fan tabaksprodukten dan ek sterk ôf en yn in soad lannen binne warskôgings op de ferpakking ferplicht. Yn Nederlân bestiet sûnt 1990 de Tabakswet dy't dêrnei hieltiid fierder oanskerpe wurdt om it smoken te ûntmoedigen. De nasjonale oerheid bart jierlik grutte bedragen oan aksyns op de ferkeap fan tabaksprodukten.

Other Languages
Afrikaans: Tabak
Alemannisch: Tabak
አማርኛ: ትምባሆ
aragonés: Tabaco
Ænglisc: Pīpwēod
العربية: تبغ شائع
অসমীয়া: ধঁপাত
asturianu: Tabacu
تۆرکجه: توتون
башҡортса: Тәмәке (сеймал)
žemaitėška: Tabuoks
беларуская: Тытунь (сыравіна)
беларуская (тарашкевіца)‎: Тытунь
български: Тютюн
Bahasa Banjar: Timbaku
বাংলা: তামাক
brezhoneg: Butun
буряад: Тамхи
català: Tabac
Cymraeg: Tybaco
کوردی: تووتن
dansk: Tobaksvare
Deutsch: Tabak
Ελληνικά: Καπνός (φυτό)
English: Tobacco
Esperanto: Tabako
español: Tabaco
فارسی: تنباکو
suomi: Tupakka
Võro: Tubak
føroyskt: Tubbak
français: Tabac
Gaeilge: Tobac
हिन्दी: तम्बाकू
magyar: Dohány
Bahasa Indonesia: Tembakau
ייִדיש: טאבאק
Ilokano: Tabako
Ido: Tabako
íslenska: Tóbak
italiano: Tabacco
日本語: たばこ
Basa Jawa: Bako
ქართული: თამბაქო
Кыргызча: Тамеки
қазақша: Темекі
ಕನ್ನಡ: ತಂಬಾಕು
한국어: 담배
Latina: Tabacum
Limburgs: Toebak
lietuvių: Tabakas
latviešu: Tabaka
मैथिली: सुर्ती
မြန်မာဘာသာ: ဆေးလိပ်
മലയാളം: പുകയില
монгол: Тамхи
मराठी: तंबाखू
Mirandés: Tabaco
नेपाली: सुर्ती
नेपाल भाषा: सुर्ति
Nederlands: Tabak
norsk nynorsk: Tobakk
norsk: Tobakk
Nouormand: P'tun
occitan: Tabat
ਪੰਜਾਬੀ: ਤਮਾਕੂ
Deitsch: Duwack
پنجابی: تماکھو
português: Tabaco
română: Tutun
armãneashti: Tutumi
русский: Табак (сырьё)
Scots: Tabaccae
srpskohrvatski / српскохрватски: Duvan (proizvod)
සිංහල: දුම්කොළ
Simple English: Tobacco
slovenčina: Tabak (produkt)
slovenščina: Tobak
chiShona: Fodya
Soomaaliga: Buuri
shqip: Duhani
српски / srpski: Дуван (производ)
svenska: Tobak
Kiswahili: Tumbaku
தமிழ்: புகையிலை
ತುಳು: ಪುಗೆರೆ
ไทย: ยาสูบ
Tagalog: Tabako
Türkçe: Tütün
татарча/tatarça: Тәмәке (чимал)
українська: Тютюн (сировина)
اردو: تمباکو
oʻzbekcha/ўзбекча: Tamaki
West-Vlams: Toebak
Winaray: Tabakò
Vahcuengh: Go'ien
中文: 烟草
粵語: 煙草
Bân-lâm-gú: Ta-bá-koh
डोटेली: सुर्ती