Stâl

In âlderwetske groppestâl.

In stâl is in oerdutsen romte dêr't fee holden wurdt. Meastal giet it dêrby om kij, skiep, geiten of bargen, mar it kin ek om hynders gean. Der bestiet in grut tal ferskillende soarten stâlen:

  • beddestâl, in stâl foar it hâlden fan jonge bargen
  • groppestâl of gropstâl, in no fierhinne yn ûnbrûk rekke stâl foar it hâlden fan kij (mei groppen foar de ôffier fan stront efter de eigentlike stâlen), foarhinne de meast foarkommende soarte stâl op molkfeehâlderijen yn Fryslân
  • hynstestâl, in gebou of in inkele stâl yn in gebou dêr't hynders holden wurde
  • lisboksestâl, in moderne stâl foar it hâlden fan kij
  • melkstâl, in stâl dêr't kij molken wurde kinne
  • potstâl, in âlderwetske skieppe- of kowestâl, no wer yn gebrûk yn 'e biologyske feehâlderij
  • skieppekoai, in stâl of hok foar skiep

In hinnehok kin net oanmurken wurde foar in stâl, of it moat wêze dat it om in gebou ter grutte fan in loads giet. Op buorkerijen befynt in stâl him faak yn of fuort njonken de pleats. Foarhinne, doe't men noch fan hynstekrêft ôfhinklik wie, hiene in protte gewoane huzen ek in stâl foar it hâlden fan 'e eigen ryd- of lûkhynders.

  • boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.


Other Languages
aragonés: Estallo
žemaitėška: Kūtė
беларуская: Хлеў
беларуская (тарашкевіца)‎: Хлеў
català: Estable
čeština: Chlév
dansk: Stald
Deutsch: Stall
Esperanto: Stalo
español: Establo
eesti: Laut
euskara: Ukuilu
føroyskt: Fjós
français: Étable (ferme)
magyar: Istálló
Ido: Stablo
italiano: Stalla
Limburgs: Sjtal
lietuvių: Tvartas
Nederlands: Stal (bouwwerk)
norsk nynorsk: Fjøs
norsk: Fjøs
Nouormand: Établle
português: Estábulo
русский: Хлев
sicilianu: Stadda
srpskohrvatski / српскохрватски: Štala
svenska: Stall
тоҷикӣ: Оғил
українська: Хлів
vèneto: Stała
vepsän kel’: Lävä