Soefisme

dânsjende derwisjen

It soefisme is in mystyke streaming yn de islam. Ien dy't it soefisme oan hinget wurdt in soefy neamd. Hja foarmje mystike bruorskippen, dêr't de derwisjen begjinnelingen binne op it soefypaad. Yn it soefisme binne tsientallen skoallen, tarikat neamd. Guons dêrfan binne ynternasjonaal, oaren allinnich lokaal aktyf. It wurd Soefy komt fan soef, wat wol yn it Arabysk betsjut. Foarhinne droegen de soefys altyd wol en libben sober.

It leauwen

Soefisten leauwen dat de koran en de folsleine regels fan de sjaria uterlike regels binne en dat in ferskaat oan ferdjippings dêryn fûn wurde kin. Sy brûke wol it symboal fan in roas om dat út te byldzjen. De toarnen fan de roas, dy't de roas beskerming jouwe, symbolisearren dêrby de dissipline fan de regels fan de sjaria. De stamme fan de roas symbolisearret it ynderlike paad ( tarika). De blêden fan de roas stiene symboal foar it ûnderfinen fan de ynderlike kennis fan God. De rook fan de roas stiet foar it ûnderfinen fan de werklikheid sa as dizze is.

Neffens guon soefys hawwe ortodokse moslims de kearn fan de Islam bedobbe ûnder alderlei om politike redens betochte en oerdreaune ferhalen, dy't letter in hillige status krigen hawwe.

Troch de iuwen hinne hawwe soefys yn de islam oer it algemien in soarte gedoochstatus hân. Hjirmei wienen sy better ôf as harren kristlike gelikensen, de gnostisy. Mar dat hat lykwols net altiten sa west en ek tsjintwurdich binne der soefys dy't troch radikale wahabiten bestriden wurde. Op dit stuit hawwe soefys it swier te ferduorjen yn Iran.

In bekende soefy is ûnder oare Tjelal ed-Din Rûmy út de 13e iuw.

Other Languages
Acèh: Tasawôh
Afrikaans: Soefisme
Alemannisch: Sufismus
aragonés: Sufismo
العربية: صوفية
مصرى: صوفيه
asturianu: Sufismu
azərbaycanca: Sufizm
تۆرکجه: صوفی‌لیک
башҡортса: Суфыйсылыҡ
žemaitėška: Sofėzmos
беларуская: Суфізм
беларуская (тарашкевіца)‎: Суфізм
български: Суфизъм
বাংলা: সুফিবাদ
brezhoneg: Soufiegezh
bosanski: Tesavuf
català: Sufisme
нохчийн: Суьпалла
Cymraeg: Swffïaeth
کوردی: سۆفیگەری
čeština: Súfismus
dansk: Sufisme
Deutsch: Sufismus
ދިވެހިބަސް: ޞޫފީން
Ελληνικά: Σούφι
English: Sufism
Esperanto: Sufiismo
español: Sufismo
eesti: Sufism
euskara: Sufismo
فارسی: تصوف
føroyskt: Sufisma
français: Soufisme
galego: Sufismo
עברית: סופיות
हिन्दी: सूफ़ीवाद
հայերեն: Սուֆիզմ
hrvatski: Sufizam
magyar: Szúfizmus
Bahasa Indonesia: Sufisme
ייִדיש: סופיזם
Ilokano: Supismo
íslenska: Súfismi
italiano: Sufismo
Basa Jawa: Sufisme
ქართული: სუფიზმი
Адыгэбзэ: Суфиигъэ
Кыргызча: Суфизм
қазақша: Сопылық
한국어: 수피파
kurdî: Sofîtî
Latina: Sufismus
lietuvių: Sufizmas
latviešu: Sūfisms
македонски: Суфизам
മലയാളം: സൂഫിസം
मराठी: सूफी पंथ
Bahasa Melayu: Kesufian
Nederlands: Soefisme
norsk nynorsk: Sufisme
norsk: Sufisme
ਪੰਜਾਬੀ: ਸੂਫ਼ੀਵਾਦ
polski: Sufizm
Piemontèis: Sufism
پنجابی: تصوف
پښتو: تصوف
português: Sufismo
română: Sufism
русский: Суфизм
русиньскый: Суфізм
संस्कृतम्: सूफीमतम्
саха тыла: Суфизм
sicilianu: Sufismu
Scots: Sufism
سنڌي: تصوف
srpskohrvatski / српскохрватски: Sufizam
Simple English: Sufism
slovenčina: Sufizmus
slovenščina: Sufizem
Soomaaliga: Suufi
shqip: Sufizmi
српски / srpski: Суфизам
svenska: Sufism
Kiswahili: Usufii
Türkçe: Tasavvuf
татарча/tatarça: Суфичылык
ئۇيغۇرچە / Uyghurche: سوپىزم (تەسەۋۋۇپ)
українська: Суфізм
اردو: تصوف
oʻzbekcha/ўзбекча: Tasavvuf
Tiếng Việt: Sufi giáo
walon: Soufisse
Winaray: Sufismo
吴语: 苏菲主义
Vahcuengh: Suhfeicujyi
中文: 蘇非主義
粵語: 蘇菲派
Bân-lâm-gú: Sufi-phài