Skiermûntseach (eilân)

Skiermûntseach
Dorpschiermonnikoog.jpg
De Langestreeek yn it doarp Skiermûntseach, by winter.
flagge wapen
Flagge fan Skiermûntseach.png Schiermonnikoog wapen.svg
Wapen fan Skiermûntseach
lokaasje
Map - NL - Municipality code 0088 (2009).svg
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
boargemaster Dick Stellingwerf ( KU)
sifers en geografy
haadplak Skiermûntseach (doarp)
grutste plak Skiermûntseach (doarp)
ynwennertal 946 (2017)
befolkingstichtens 21,5 / km²
oerflak 199,07 km²
● wêrfan lân 43,99 km²
● wêrfan wetter 155,08 km²
tal doarpen 1
skiednis
oprjochte 1851
1816 – 1851 Schiermonnikoog wapen.svg Gritenij Skiermûntseach
oar
netnûmer 0519
postkoade 9166
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.schiermonnikoog.nl

Skiermûntseach of Skiermuontseach ( Nederlânsk: Schiermonnikoog), yn it Skiermûntseagersk: Schiermonnikeich, Lytje Pole of gewoan it Eilaun, is ien fan de fiif Westfryske eilannen. It is mei 946 ynwenners (30 april 2017) de lytste gemeente fan Nederlân kwa ynwennertal. De gemeente hat in oerflak fan 199,07 km², wêrfan't fan 155,08 km² wetter, en 43,99 km² lân is.

Eilân

Sûnt 1989 is it grutste part fan it eilân in Nasjonaal park. Fan Skiermûntseach giet in fear nei Lauwerseach.

It eilân feroaret, lykas oare Fryske eilannen, ûnder ynfloed fan de Noardsee en Waadsee, hieltiid fan foarm. Om't de wettelike grinzen fan de gemeente, en fan de provinsje, útgongen fan de lytste omfang, lei om 2000 hinne de eastpunt fan it hjoeddeiske, gruttere eilân yn Grinslân, yn de gemeente Iemsmûn. Op 1 jannewaris 2006 is de grins dêrom oanpast, dat dy no troch de Eilannerbalch rint. Op himsels wie it in foardiel om dúdlikens te hawwen oer de ferantwurdlikens oer it eilân, bygelyks by rampbestriding. Lykwols moast de provinsje Fryslân foar de 0,7 km2 lân- en 7 km2 wettergebiet 274.000 euro oan Grinslân betelje, en de gemeente Skiermûnseach nochris 23.000 euro oan Iemsmûning. Dat hie der mei te krijen dat de ferdieling fan it gemeentefûns en fan it provinsjefûns beide basearre binne op gebiet. De lizzing fan it eilân sil no alle tsien jier op 'e nij besjoen wurde.

De Noardertoer, ien fan 'e beide fjoertuorren fan Skiermûntseach.

Skiermûntseach hat ien persoan dy't folslein ferantwurdlik is foar de hiele wetterketen op it eilân, sa wol foar it drinkwetterbedriuw en Wetterskip Fryslân. De meiwurker hâldt tafersjoch op de drinkwetterproduksje, it suverjen fan ôffalwetter, it peilbehear en de dykbewaking. Yn 2010 is it drinkwetterbedriuw renovearre. It bedriuw kin maksimaal 60.000 liter drinkwetter yn de oere produsearje. Dêrneist kin der op it eilân 300 kubike meter drinkwetter opslein wurde.

Other Languages
aragonés: Skiermûntseach
العربية: سخيرمونيكوخ
brezhoneg: Skiermûntseach
čeština: Schiermonnikoog
Esperanto: Schiermonnikoog
español: Schiermonnikoog
français: Schiermonnikoog
客家語/Hak-kâ-ngî: Schiermonnikoog
Հայերեն: Շխիրմոնիկոխ
Bahasa Indonesia: Schiermonnikoog
italiano: Schiermonnikoog
Basa Jawa: Schiermonnikoog
Limburgs: Schiermonnikoog
Bahasa Melayu: Schiermonnikoog
Nedersaksies: Schiermonnikoog
Nederlands: Schiermonnikoog
norsk nynorsk: Schiermonnikoog
română: Schiermonnikoog
русский: Схирмонниког
Simple English: Schiermonnikoog
Seeltersk: Schiermönkooge
українська: Схірмонніког
Volapük: Schiermonnikoog
Bân-lâm-gú: Schiermonnikoog