Sherlock Holmes

Byld fan Sherlock Holmes yn Meiringen, Switserlân.

Sherlock Holmes wie in optochte speurder út de ferhalen fan de Ingelske skriuwer Arthur Conan Doyle.

Holmes wie in riejaand speurder, dy't mei syn grutte kentnis fan de misdie en syn redenaasjetalint saken oplosse koe dêr't oaren net útkomme koenen. Hy wie de haadfiguer yn likernôch sechtich misdiedferhalen fan Doyle, meast mei Dr. John Watson as syn selskipsman.

Doyle hat him by de beskriuwing fan de figuer ynspirearje litten troch syn learaar by syn stúdzje genêskunde, Joseph Bell. De opset fan de ferhalen wie lykwols in neifolging fan Edgar Allen Poe., mei de figuer fan Auguste Dupin. Lykas Poe hat er syn haadfiguer en alter-ego opdield yn twa persoanen: de speurder dy't de redenaasjes fan de skriuwer stalt jout en syn selskipsman de ik-figuer dy't it de speurder mûglik makket de lêzer de oplossing út te lizzen. Dit stramyn waard ek troch ferskate neifolgers fan Doyle brûkt.

Sherlock Holmes waard tige populêr; sa populêr dat der in lawine fan protesten kaam doe't Arthur Conan Doyle yn 1893 syn held stjerre liet. Mûglik wie dat foar in part de grûn foar de weromkomst fan Sherlock Holmes yn 1901. De populêrens laat yn de 20e iuw ta mear as 200 films oer Holmes. Op Baker Street 221 B yn Londen, it adres dêr't Sherlock Holmes yn de ferhalen wennet, is in Sherlock Holmes Museum ynrjochte.

Other Languages
العربية: شرلوك هولمز
asturianu: Sherlock Holmes
azərbaycanca: Şerlok Holms
žemaitėška: Šerluoks Huolmsos
Bikol Central: Sherlock Holmes
беларуская: Шэрлак Холмс
беларуская (тарашкевіца)‎: Шэрлак Голмз
български: Шерлок Холмс
brezhoneg: Sherlock Holmes
bosanski: Sherlock Holmes
čeština: Sherlock Holmes
Ελληνικά: Σέρλοκ Χολμς
Esperanto: Sherlock Holmes
español: Sherlock Holmes
français: Sherlock Holmes
Հայերեն: Շերլոկ Հոլմս
hrvatski: Sherlock Holmes
Bahasa Indonesia: Sherlock Holmes
íslenska: Sherlock Holmes
italiano: Sherlock Holmes
Кыргызча: Шерлок Холмс
қазақша: Шерлок Холмс
한국어: 셜록 홈즈
Lëtzebuergesch: Sherlock Holmes
latviešu: Šerloks Holmss
Malagasy: Sherlock Holmes
မြန်မာဘာသာ: ရှားလော့ခ်ဟုမ်း
македонски: Шерлок Холмс
Bahasa Melayu: Sherlock Holmes
Nāhuatl: Sherlock Holmes
Nederlands: Sherlock Holmes
norsk nynorsk: Sherlock Holmes
português: Sherlock Holmes
română: Sherlock Holmes
русский: Шерлок Холмс
sicilianu: Sherlock Holmes
srpskohrvatski / српскохрватски: Sherlock Holmes
Simple English: Sherlock Holmes
slovenčina: Sherlock Holmes
slovenščina: Sherlock Holmes
српски / srpski: Šerlok Holms
Türkçe: Sherlock Holmes
татарча/tatarça: Шерлок Холмс
українська: Шерлок Холмс
oʻzbekcha/ўзбекча: Sherlock Holmes
Tiếng Việt: Sherlock Holmes
文言: 福爾摩斯
粵語: 福爾摩斯
Bân-lâm-gú: Sherlock Holmes