Sekretaresse

Rose Mary Woods, de sekretaresse fan 'e Amerikaanske presidint Richard Nixon (omtrint 1970).

In sekretaresse of siktaresse (fan it Latynske secretarum) is immen dy't foar har of syn berop administrative en ûnderstypjende wurksumheden ferrjochtet foar in funksjonaris of in ynstânsje. By sok wurk moat men tinke oan dingen dêr't bgl. dokters of direkteuren sels gjin tiid foar hawwe en dy't maklik oan in ûnderhearrige oerdroegen wurde kinne. 'Sekretaresse' is net de froulike foarm fan sekretaris, dat gjin ûnderstypjende administrative funksje is, mar in bestjoersfunksje. Sa'n 99% fan 'e Nederlânske sekretaresses is in frou; de seldsume manlike sekretaresses wurde yn 'e regel sekretarieel meiwurker of soms sekretariaatsmeiwurker neamd. It komt ek foar dat sekretaresses fan heechpleatste persoanen sels ek wer ûnderhearrige sekretaresses hawwe, dy't dan simpelwei administratyf meiwurkers neamd wurde.

Skiednis

It berop sekretaresse giet, sij it net ûnder dy namme, werom oant yn 'e Midsiuwen, doe't de (faak analfabete) eallju gauris in mûnts yn 'e tsjinst hiene oan wa't se harren brieven diktearren, dy't ynkommende post oan harren foarlies en dy't faak ek de boekhâlding byhold. Sokke funksjonarissen waarden wol oantsjut mei de Latynske term secretarum. As se yn 'e tsjinst fan in kening of oare machtige foarst stiene, koene se faak grutte macht fergarje.

Yn 'e santjinde iuw ûntstiene yn 'e Nederlannen troch de grutte ekonomyske bloei in soad hannelskantoaren, dêr't manlju, saneamde klerken, wurken dy't der in deitaak oan hiene om brieven en dokuminten op te stellen, ferstjoeren en argivearjen. Fan 'e njoggentjinde iuw ôf waarden op kantoaren út it eachpunt fan netheid en dissipline almar mear froulju oannommen om licht administratyf wurk te dwaan. Dêrby beholden manlju it ferantwurdlike wurk en hantlangen de froulju inkeld, foar in diel om't se net alhiel foar fol oansjoen waarden, mar ek om't der allinne jonge froulju sûnder in protte wurkûnderfining oan it wurk wiene, om't doedestiden troude froulju net wurkje mochten.

Fan 'e 1920-er jierren ôf waard it foar lju yn liedingjaande funksjes hieltyd gewoaner om in (froulike) sekretaresse yn 'e tsjinst te nimmen, dy't harren direkt ûnderstypje koe yn har deistich wurk. Pas nei de 1970-er jierren, lykwols, groeide it berop fan sekretaresse út fan poer ûnderstypjend ta (dêrnjonken) ek begeliedend en inisjearjend. Fan 'e 1980-er jierren ôf krigen sekretaresses almar mear wurdearring, mei't harren wurkjouwers begûnen te beseffen dat se in ûnmisber ûnderdiel fan it bedriuw wurden wiene. Dêr kaam yn 1989 de fiering fan sekretaressedei út fuort, dy't elts jier op 'e trêde tongersdei fan april falt, en wêrby't sekretaresses yn it sintsje set wurde.

Other Languages
aragonés: Secretario
العربية: سكرتارية
català: Secretari
Deutsch: Sekretär
English: Secretary
Esperanto: Sekretario
eesti: Sekretär
فارسی: منشی
suomi: Sihteeri
français: Secrétariat
עברית: מזכיר
हिन्दी: सचिव
Bahasa Indonesia: Sekretaris
日本語: 秘書
Basa Jawa: Sekretaris
ქართული: მდივანი
한국어: 비서
lietuvių: Sekretorius
македонски: Секретар
Bahasa Melayu: Setiausaha
नेपाल भाषा: सचिव
Nederlands: Secretaresse
norsk nynorsk: Sekretær som yrke
norsk: Sekretær
srpskohrvatski / српскохрватски: Sekretar
Simple English: Secretary
Soomaaliga: Xoghaye
српски / srpski: Секретар (дужност)
Tiếng Việt: Thư ký
粵語: 秘書