Saba

Saba
Flagge fan SabaWapen fan Saba
FlaggeWapen
Lokaasje fan Saba
Offisjele taalNederlânsk, Ingelsk
HaadstêdThe Bottom
Steatsfoarmbysûndere gemeente fan Nederlân
Gebiet
% wetter
13 km²
-­%
Ynwenners (2004)1428
MuntAmerikaanske Dollar (USD)
TiidsôneUTC -4
Nasjonale feestdeiSaba Day, earste freed fan desimber
LânkoadeBES
Ynternet.an/.nl (.bq)
Tillefoan599

Saba is in Nederlânsk eilân yn de Karibyske See. It is it lytste bewenne eilân fan de eardere Nederlânske Antillen. Mei Sint Maarten en Sint Eustaasjes foarmet it de SSS-eilannen. Saba is sûnt 10 oktober 2010 in "bysûndere gemeente" fan Nederlân (formiel in iepenbier lichem). Tegearre mei Bonêre en Sint Eustaasjes foarmet it hjirmei de BES-eilannen. Der wenje likernôch 1.400 minsken op Saba, dêr't de measten fan yn it haadplak The Bottom wenje. It eilân wurdt pleatslik ek wol 'De Unskansearre Keninginne' (The Unspoiled Queen) neamd.

Skiednis

Saba soe op 13 novimber 1493 ûntdutsen wêze troch Kristoffel Kolumbus, doe't der noch yndianen op it eilân wennen. Kolumbus neamde it eilân San Cristóbal.

In mooglike ferklearing foar de namme fan it eilân is dat dit ôfkeart waard as S. †bal en as Saba lêzen waard. In oare ferklearing kin wêze dat Saba in fariant wêze soe op it Nederlânske wurd fan skoech, omdat de wichtichste yndustry op it eilân skuonmakker wie doe’t de Dominikaan Jean-Baptiste Labat it eilân yn 1701 besocht. Ek it wurd ‘siba’, dat Arawak-Yndiaansk is foar ‘stien’ kin in ferklearing wêze.

Yn 1632 sloch in Ingelsk skip bruk by Saba; de oerlibjenden wiene nei alle gedachten de earste Jeropeeske bewenners fan it eilân. Yn 1635 kleemde in Frânsman it eilân foar Loadewyk XIII fan Frankryk. Yn 1640 die de West Yndyske Kompanjy in ekspedysje nei Saba fan Sint Eustaasjes ôf om it eilân te kolonisearjen. Dy kolonisten soene yn 1664 troch Sir Henry Morgan wer fan it eilân ferjage wurde. Sûnt 1816 is it eilân lykwols Nederlânsk besit. Oerbliuwsels fan de earste delsettings binne te finen op it westlik part fan Saba, by Tent Bay.

Saba is in stik as wat kearen fan ‘eigner’ wikselle. Neist Nederlân en Ingelân hawwe ek Frankryk en Spanje gesach oer it eilân hân.

Yn de 17e en 18e iuw wie de grutste yndustrie fan Saba de eksport fan sûker en rum. Letter spile ek de fiskerij, benammen de fiskerij op kreeft, in wichtige rol yn de ekonomy fan it eilân.

De omkriten fan Saba.

Yn 1938 waard begûn mei it oanlizzen fan in dyk op it eilân. Oant dat jier bestie de ynfrastruktuer op it eilân allinnich noch mar út treppen. Yn 1960 is op it noardlike puntsje fan Saba in fleanfjildsje bout. Yn 1965 dy’t de earste telefyzje harren yntroduksje op it eilân. Elektrisiteit waard opwekt troch in generator, dochs wie der net alle dagen stream, dat wie pas fan 1970 ôf it gefal.

Yn 1969 waard de doe 23-jierrige Joseph Richardson administrateur fan Saba. Hy wie de earste net-blanke administrateur op de Nederlânske Antillen.

Saba wie oant 1983 ta in ûnderdiel fan it eilângebiet de Boppenwynske eilannen, wêr’t ek Sint Eustaasjes en Sint-Marten ta behearden. Yn 1983 krige it in selsstannige status as eilângebiet en in eigen sit yn de steaten.

Op 1 septimber 2009 makke Saba bekend fuortendaliks út de Nederlânske Antillen stappe te wollen. Dit fanwegen it barren dat Saba net langer wachtsje woe op de ûntwikkelings om de takomst fan de Nederlânske Antillen hinne.[1] Neffens steatssekretaris Bijleveld fan it Keninkryksrelaasjes wie it foar Saba lykwols juridysk net mooglik om op dat stuit út de Antillen te stappen.[2]

Op 10 oktober 2010 waarden de Nederlânske Antillen opheft, wêrtroch Saba, lykas Sint Eustaasjes en Bonêre, as iepenbier lichem in soarte fan bysûndere gemeente fan Nederlân waard.

Other Languages
Afrikaans: Saba
Alemannisch: Saba (Insel)
aragonés: Saba
العربية: سابا (جزيرة)
azərbaycanca: Saba
Boarisch: Saba
беларуская: Саба
български: Саба
brezhoneg: Saba
bosanski: Saba
català: Illa de Saba
čeština: Saba
Deutsch: Saba (Insel)
English: Saba
Esperanto: Saba
español: Isla de Saba
eesti: Saba saar
euskara: Saba
فارسی: سیبا
føroyskt: Saba
français: Saba
Nordfriisk: Saaba
Gagauz: Saba
galego: Saba
עברית: סאבא
Հայերեն: Սաբա կղզի
hrvatski: Saba
magyar: Saba
Bahasa Indonesia: Saba
italiano: Saba (isola)
日本語: サバ島
қазақша: Саба (арал)
한국어: 사바 섬
Limburgs: Saba
lietuvių: Saba
latviešu: Saba
македонски: Саба
Nederlands: Saba
norsk: Saba (øy)
occitan: Saba
ਪੰਜਾਬੀ: ਸਾਬਾ
Papiamentu: Saba
پنجابی: سابا
português: Saba
română: Saba
русский: Саба (остров)
Scots: Saba
Simple English: Saba
српски / srpski: Саба
Basa Sunda: Saba
svenska: Saba (ö)
Kiswahili: Saba (kisiwa)
தமிழ்: சேபா
ไทย: ซาบา
Türkçe: Saba (ada)
українська: Саба (острів)
اردو: سابا
Tiếng Việt: Saba
West-Vlams: Saba
中文: 薩巴
粵語: 薩巴島