Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen

Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen
South Georgia and the South Sandwich Islands
flaggewapen
Flag of South Georgia and the South Sandwich Islands.svgCoat of arms of South Georgia and the South Sandwich Islands.svg
geografyske lokaasje
South Georgia and the South Sandwich Islands in its region (special marker).svg
algemien
gebietsdiel fanFlag of the United Kingdom.svg Feriene Keninkryk
pol. statusoerseesk gebiet
haadstêdKing Edward Point
offisjele taalIngelsk
ynwennertal30 (2006)
befolkingstichtens0,005 / km²
oerflak3.903 km² (ynkl. wetter)
bykommende ynformaasje
muntienheidPound sterling (GBP) (£)
tiidsôneUTC-2
tillefoan+500
ynternetekstinsje.gs
websidewww.sgisland.gs
South Georgia and South Sandwich Islands.png

Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen binne in kloft eilannen oan de râne fan de Skotiasee yn de súdlike Atlantyske Oseaan, hja foarmje in ûnderdiel fan de Skotiarêch.

De eilannekloft is in oerseesk gebietsdiel fan it Feriene Keninkryk en wurdt fanút de Falklâneilannen bestjoerd (ôfstân: 1455 km). De eilannen wurde ek klaimd troch Argentynje en wiene ynset ûnder de Falklânoarloch. Oarspronklik wiene de eilannen yndield by de Falklâneilannen, mar yn 1985 waarden Súd-Georgje en de Súdlike Sandwich eilannen as in apart territoarium foarme.

Skiednis

Alhoewol't de eilannen op it heden gjin permaninte befolking hawwe, waard Súd-Georgje yn de 19e iuw as útfalsbasis brûkt foar de walfiskfeart. Sunt 1908 binne de eilannen yn Britske hannen en oant 2001 hiene de Britten dêr in lytse basis fêstige. Dy basis wurdt tsjintwurdich brûkt foar permanint wittenskiplik ûndersyk. Ek is der in biologysk ûndersyksstasjon fêstige op Fûgeleilân.

Other Languages
srpskohrvatski / српскохрватски: Južna Georgija i arhipelag Južni Sandwich