Rocco Siffredi

Rocco Siffredi
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Rocco Siffredi 2010.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Rocco Siffedi, Rocco Sifferdi,
Rocco Sifredi, Rocky Siffreddy,
Roco Siffredi, Rocco Lorenz,
Robbo Siffredi of Beverley,
Ginger Rocco, Dario
echte nammeRocco Antonio Tano
nasjonaliteitFlag of Italy.svg Italjaansk
berne4 maaie 1964
berteplakOrtona (Itaalje)
etnisiteitFlagge fan de Napolitanen.PNG Napolitaansk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, pornoakteur,
regisseur, produsint
jierren aktyf1987 & 19892004 & 2009 – no
offisjele webside
www.roccosiffredi.com

Rocco Siffredi, echte namme: Rocco Antonio Tano (Ortona, 4 maaie 1964), is in Italjaansk model, neakenmodel, pornografysk akteur, pornoregisseur, pornografyprodusint en mainstream-akteur, waans namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Rocco Siffedi, Rocco Sifferdi, Rocco Sifredi, Rocky Siffreddy en Roco Siffredi, en dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e skûlnammen Robbo Siffredi of Beverley, Rocco Lorenz, Ginger Rocco en Dario. Hy ûntliende syn artystenamme oan it personaazje Roch Siffredi, dat spile waard troch de akteur Alain Delon, yn 'e Frânske misdiefilm Borsalino (1970). Syn bynamme is The Italian Stallion (de "Italjaanske Dekhynst").

Libben

Jonkheid

Siffredi waard yn 1964 berne yn it Italjaanske Ortona, yn 'e regio Abrúzzen. Mei santjin jier joech er syn oplieding oan in technyske hegeskoalle deroan, en ferfear er nei de Frânske haadstêd Parys, dêr't er as ober yn it restaurant fan syn broer wurke. Hy rekke foar it earst by de pornoyndustry belutsen doe't er yn 1984 yn in Paryske seksklub Gabriel Pontello mette, de haadredakteur fan it pornoblêd Supersex Magazine. Dyselde brocht him yn 'e kunde mei de Frânske pornoprodusint Marc Dorcel en pornoregisseur Michel Ricaud, dy't Siffredi yn 1987 syn earste rol yn in pornografyske film joegen, yn Attention, Fillettes... ("Attinsje, famkes..."). Dêrnei seid er de pornoyndustry foarearst farwol, en wurke er twa jier as model.

Pornokarriêre

Yn 1989 kearde Siffredi mei help fan 'e Poalsk-Dútske pornoaktrise Teresa Orlowski werom yn 'e pornoyndustry. Neitiid spile er sawol yn pornofilms mei in plot (feature films) as út 'e losse hân wei filme, "spontane", reality-eftige produksjes (gonzo), wêryn't er seks bedreau dy't útinoar rûn fan gewoantsjes oant ekstreem. Fanwegen syn atletyske uterlik en syn grutte penis krige er al rillegau in grutte kliber fans. In grut diel fan dy fans bestie (en bestiet noch) út homo's, ek al hat Siffredi nea meiwurke oan homoseksuële pornografy. Wol posearre er yn desimber 1990 foar it neakenblêd Playgirl, dat him foar in grut part op it homoseksuële segmint fan 'e merk rjochtet.

Siffredi wurke jierrenlang gear mei de Amerikaanske akteur/regisseur/produsint John Stagliano, better bekend as "Buttman", de oprjochter fan Evil Angel, ien fan 'e grutste en ynfloedrykste pornostudio's fan 'e wrâld. Letter rjochte er syn eigen label Rocco Siffredi Produzioni op, wêrfan't it eigentlike produksjebedriuw yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest fêstige wie. Dêrfoar wied er net inkeld as akteur, mar fan 1993 ôf ek as regisseur wurksum. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Siffredi ein 2013 yn 552 pornofilms spile, wylst er der 273 regissearre hie. Syn skaaimerk wie dêrby de ekstremere films, mei anale en rûge seks (spuie, hierlûke, smoarseks, slaan, spanking, yrrumasio en anilingus). Gauris rint de seks yn syn films út op sado-masogisme of eroatyske fernederings, wêrby't de manlike akteur (yn 'e regel hysels) faker al as net dejinge is dy't dominearre of fernedere wurdt. Inkeldris hat er folslein de ûnderhearrige spile, yn films as Rocco More than Ever in London 2, Animal Trainer 11 en Marquis de Sade; yn dy lêste film ferskynde er sels as travestyt.

Rocco Siffredi en Stormy Daniels presintearje it AVN Awards-gala, yn 2010.

Troch himsels kwetsber op te stellen, kriget er syn tsjinspylsters fierder mei as wannear't er sels de dominante posysje ynnommen hie. De Amerikaanske aktrise Bobbi Starr sei dêroer: "Elts fanke yn 'e yndustry dat mei him wurke hat [...], sil sizze dat se mei him dingen dien hat, dy't se nea mei in oar dien hawwe soe." Ien fan Siffredi syn meast beruchte sênes wie dy mei Sidony Lamour, yn Sandy Insatiable, út 1995, wêrby't er har holle yn in trochspielende wc treau wylst er anale seks mei har bedreau. Yn Rocco Ravishes L.A., út 2009, helle Siffredi oantinkens op oer de produksje fan dy sêne, dy't neffens him sawol spontaan as mei ûnderling goedfinen plakfûn, wêrnei't er him nochris oerdie mei in optwingerige Bobbi Starr.

Njonken syn ferneamde gonzo-films is Siffredi ek bekend wurden mei de feature film út 1995 Tarzan X: Shame of Jane (oarspronklik titele Jungle Heat). Dêryn spile er de rol fan Tarzan njonken in Jane dy't fertolke waard troch syn frou Rosa Caracciolo, en liet er sjen dat er ek echt aktearje kin. Siffredi stiet fierders bekend om ferskate langjierrige gearwurkings, lykas syn rige fan teskroeiende sênes mei de Britske aktrise Kelly Stafford, syn globetrotterij en mienskiplike produksjes mei John Stagliano, en syn bân mei de Spaanske akteur Nacho Vidal, foar wa't er de mentor spile.

Yn juny 2004 kundige Siffredi oan dat er tenei allinne noch mar as regisseur en produsint wurkje soe. As reden dêrfoar joech er dat syn soannen grutter waarden, en no sa stadichoan gjin genoegen mear namen mei "Heit giet nei syn wurk ta," mar persiis witte woene hoe en wat. Kollega-regisseur Axel Braun sei oer Siffredi syn karriêre: "It probleem is dat er al jierren besiket om ien te finen dy't him "opfolgje" kin, mar dat is noch net sa maklik. Hy miende dat er dy opfolger fûn hie yn Nacho Vidal, mar doe socht Nacho syn eigen wei." Nei fiif jier fan frustraasje en teloarstelling oer de manlike akteurs dêr't er mei wurkje moast, makke Siffredi yn 2009, mei 45 jier, in comeback as pornoakteur.

Rocco Siffredi mei syn frou Rosa Caracciolo.

Mainstream-karriêre

Yn 1999 spile Siffredi mei yn 'e kontroversjele Frânske mainstream-film Romance X, fan regisseur Catherine Breillat. Fjouwer jier letter, yn 2003, wurke er nochris mei oan ien fan har films, Anatomie de l'Enfer. Dêryn fertolke er in rol dy't Breillat spesjaal foar him skreaun hie, nammentlik dy fan in homoseksuële man dy't yn in heteroseksuële relaasje behelle rekket. Beide films omfetsje seksuële sênes dy't net simulearre binne, al wurdt fansels lang net alles sjen litten, mei't it gjin porno is. It is in striidkwestje oft Siffredi yn Romance X wiere mienskip hie mei syn tsjinspylster, maintstream-aktrise Caroline Ducey (sy seit fan nee, Sifredi seit fan ja).

Fierders is Siffredi ek ferskate kearen op 'e Italjaanske tillefyzje kommen yn net-pornografyske rollen. Sa hat er in reklamespotsje opnommen foar Amica Chips, in snack, wêroer't grutte kontroverse ûntstie. En mei syn frou Rosa Caracciolo ferskynde er yn in spotsje foar 48248, in sms-tsjinst. Fierders naam er sûnder erch diel oan in ôflevering fan it ferburgen-kameraprogramma Scherzi a Parte, wêryn't er it slachtoffer fan in grap waard.

Priveelibben

Yn 1993 mette Siffredi yn it Frânske Cannes de Hongaarske pornoaktrise Rosa Caracciolo (echte namme: Rózsa Tassi), mei wa't er datselde jiers noch troude. Yn 1995 spile er mei har yn 'e film Tarzan X: Shame of Jane. Hja hawwe twa soannen, Lorenzo (1996) en Leonardo (1999). Om syn bern naam er yn 2004 it beslút om op te hâlden mei te wurkjen as pornoakteur. Doe't er dêr yn 2009 wer op 'e nij mei begûn, fertelde er: "Ik haw it der mei de frou oer hân, en sy seit dat it inkeld myn probleem is, it giet har en de jonges neat oan. En se sei: 'Do hast sels besletten om op te hâlden, dat ha wy nea fan dy frege. Dus ast wer begjinne wolst, doch dat dan.' "

Other Languages
Afrikaans: Rocco Siffredi
العربية: روكو سيفريدي
български: Роко Сифреди
emiliàn e rumagnòl: Rocco Siffredi
español: Rocco Siffredi
français: Rocco Siffredi
hrvatski: Rocco Siffredi
italiano: Rocco Siffredi
Nederlands: Rocco Siffredi
português: Rocco Siffredi
sicilianu: Roccu Siffredi
srpskohrvatski / српскохрватски: Rocco Siffredi
српски / srpski: Роко Сифреди
ślůnski: Rocco Siffredi
Türkçe: Rocco Siffredi
Tiếng Việt: Rocco Siffredi