Reklame

Times Square, New York

Reklame (fan it Frânske réclame) is in foarm fan kommunikaasje mei as doel om potinsjele klanten oer te heljen ta de oanskaf fan beskate produkten of tsjinsten, om in beskaat bedriuw yn 'e bekendheid te bringen of om beskate ideeën út te dragen. In protte reklame is spesifyk bedoeld om 'e konsumpsje fan it oanpriizge guod te befoarderen troch it skeppen en fuortsterkjen fan in merkimago en merktrou. Reklame kin ek plakfine troch it sponsorjen fan saken dy't yn earste ynstânsje neat te krijen hawwe mei wat der promoate wurdt, lykas in sportploech.

Reklame is yn 'e regel kommersjeel bedoeld, behalven saneamde ideële reklame, wêrmei't goede doelen of idealen oanpriizge wurde. Reklame kin ûnder de oandacht brocht wurde mei advertinsjes yn printe media, troch reklamespotsjes op 'e radio en tillefyzje, troch posters op oanplakbuorden, mei pop-ups op it ynternet en op ferskate oare manearen.

Skiednis

De ierste reklame-uterings geane teminsten werom op 'e Romeinske Tiid, mei't der reklameboadskippen weromfûn binne yn 'e ruïnes fan 'e Súditaljaanske stêd Pompeï, dy't yn 79 n.Kr. ferwuostge en oerdutsen waard troch in lavastream by in útbarsting fan 'e fulkaan de Fesuvius. Lange tiid waarden reklame-uterings as fulgêr beskôge, hoewol't dat de measte keaplju der net fan wjerhold om der gebrûk fan te meitsjen. It earste reklameburo waard yn 1843 yn it Amerikaanske Philadelphia oprjochte troch Volney Palmer.

Yn Nederlân wie Anton Sinkel yn 1839 ien fan 'e earsten dy't gebrûk makke fan reklame, troch oer syn winkel yn manufaktueren te Amsterdam in ferske meitsje te litten ("In de Winkel van Sinkel is alles te koop...") dat in protte minsken noch altyd kenne. Moderne reklame ûntstie fanôf de 1920-er jierren troch de ynnovative techniken dy't yntrodusearre waarden troch de tabaksyndustry. Yn 2011 waard der wrâldwiid $467 miljard útjûn oan reklame (wêrfan $143 miljard yn 'e Feriene Steaten).


Other Languages
aragonés: Publicidat
العربية: إعلان
অসমীয়া: বিজ্ঞাপন
azərbaycanca: Reklam
башҡортса: Тәҡдимнамә
Boarisch: Weabung
беларуская: Рэклама
беларуская (тарашкевіца)‎: Рэкляма
български: Реклама
বাংলা: বিজ্ঞাপন
brezhoneg: Bruderezh
català: Publicitat
Chavacano de Zamboanga: Publicidad
Cebuano: Pagpublisydad
Cymraeg: Hysbysebu
کوردی: بانگەشە
čeština: Reklama
Чӑвашла: Янрав
dansk: Reklame
Deutsch: Werbung
Ελληνικά: Διαφήμιση
English: Advertising
Esperanto: Reklamo
español: Publicidad
eesti: Reklaam
euskara: Publizitate
فارسی: تبلیغات
suomi: Mainonta
Võro: Reklaam
français: Publicité
furlan: Publicitât
Gaeilge: Fógraíocht
galego: Publicidade
ગુજરાતી: જાહેરાત
עברית: פרסומת
हिन्दी: विज्ञापन
հայերեն: Գովազդ
hrvatski: Oglašavanje
Kreyòl ayisyen: Reklam
magyar: Reklám
Bahasa Indonesia: Iklan
ייִדיש: רעקלאמע
Iñupiak: Maniuġun
íslenska: Auglýsing
italiano: Pubblicità
日本語: 広告
Patois: Advataizin
Basa Jawa: Iklan
ქართული: რეკლამა
Кыргызча: Жарнама
қазақша: Жарнама
ಕನ್ನಡ: ಜಾಹೀರಾತು
한국어: 광고
kurdî: Reklam
lietuvių: Reklama
latviešu: Reklāma
македонски: Реклама
മലയാളം: പരസ്യം
मराठी: जाहिरात
Bahasa Melayu: Iklan
नेपाली: विज्ञापन
नेपाल भाषा: विज्ञापन
Nederlands: Reclame
norsk nynorsk: Reklame
norsk: Reklame
occitan: Publicitat
polski: Reklama
português: Publicidade
română: Publicitate
русский: Реклама
sicilianu: Pubbricitati
srpskohrvatski / српскохрватски: Reklama
Simple English: Advertising
slovenčina: Reklama
slovenščina: Oglaševanje
chiShona: Kushambadza
српски / srpski: Реклама
Seeltersk: Wierwenge
Basa Sunda: Pariwara
svenska: Reklam
తెలుగు: ప్రకటన
тоҷикӣ: Таблиғот
Türkçe: Reklam
татарча/tatarça: Реклама
ئۇيغۇرچە / Uyghurche: ئېلان
українська: Реклама
Tiếng Việt: Quảng cáo
walon: Reclame
吴语: 广告
中文: 廣告
粵語: 廣告
Bân-lâm-gú: Kóng-kò
Kabɩyɛ: Tɔm susuu