Pinksterbea

Pinksterbea
oarspr. titelVeni, Creator Spiritus
auteurRabanus Maurus
taalLatyn
foarmliet
sjenrehymne
skreaun9e iuw
oersetting nei it Frysk
Fryske titelPinksterbea
publikaasje1982, yn Opdracht
oersetterKlaas Bruinsma

Pinksterbea, yn it oarspronklike Latyn: Veni, Creator Spiritus (letterlik: "Kom, Skeppende Geast"), is in kristlike hymne oan 'e Hillige Geast, skreaun troch de njoggende-iuwske Frankyske benediktynske mûnts, abt, aartsbiskop fan Mainz, teolooch, dichter en skriuwer Rabanus Maurus. It is in gesang dat ferbûn is mei it pinksterfeest, doe't neffens de bibelske Hannelingen fan de Apostels de Hillige Geast útstoart waard oer de eardere dissipels fan Jezus fan Nazaret. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard publisearre yn 1982.