Pierre Curie

Pierre Curie, 1903
Pierre en Marie Curie yn harren laboratoarium

Pierre Curie (Parys, 15 maaie 1859 - dêre, 19 april 1906) wie in Frânsk natuerkundige.

  • libben en wurk

Libben en wurk

Curie krige syn oplieding oan de Sorbonne. Tegearre mei syn broer Jacques fûn hy yn 1880 de piëzo-elektrisiteit. Hy die wiidweidich ûndersyk op it mêd fan magnetisme, wat ûnder oaren resultearre yn de nei him neamde wet fan Curie. Yn 1895 ûntduts hy de Curietemperatuer.

Fan 1897 ôf arbeide Curie, tegearre mei syn frou Marie Skłodowska, oan it ûndersyk nei radioaktiviteit. Sy ûntdutsen doe yn 1898 de eleminten radium en polonium. Dat wie dreech wurkjen omdat sy net in goed tarist laboratoarium ta harren foldwaan hienen. Curie krige it Legion d'honneur foar syn ûntdekking, mar wegere dy omdat er mear ferlet hie fan bettere ûndersyksfasiliteiten. Yn 1903 ontfongen Curie en en de frou, en tagelyk ek Henri Becquerel, de Nobelpriis foar de Natuerkunde. Dy waard wol yn tank oannaam. Yn 1904 waard Pierre Curie ek noch ûnderskieden mei de Matteucci Medalje.

Yn 1904 waard Curie heechlearaar natuerkunde oan de Sorbonne sadat er fan bettere ûndersyksfasiliteiten gebrûk meitsje koe. Curie stoar lykwols twa jier letter al, in moanne foar syn 47e jierdei, doe't oerriden waard troch in hynder en wein. Marie gie fierder mei syn wurk.

Pierre Curie wie, lykas syn frou, in grut gelearde, mar Marie stiek boppe him út en waard ferneamder meidat sy mear tiid fan libjen krige.

Pierre en Marie Curie krigen twa dochters: Irène dy't ek paadsljochtsjen wurk op it mêd fan de skiekunde dien hat en Ève dy't sjoernaliste en pianiste waard.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pierre Curie fan Wikimedia Commons.
Other Languages
Afrikaans: Pierre Curie
aragonés: Pierre Curie
العربية: بيار كوري
asturianu: Pierre Curie
azərbaycanca: Pyer Küri
تۆرکجه: پی یر کوری
беларуская: П’ер Кюры
беларуская (тарашкевіца)‎: П’ер Кюры
български: Пиер Кюри
bosanski: Pierre Curie
català: Pierre Curie
کوردی: پیەر کوری
čeština: Pierre Curie
Deutsch: Pierre Curie
Ελληνικά: Πιερ Κιουρί
English: Pierre Curie
Esperanto: Pierre Curie
español: Pierre Curie
euskara: Pierre Curie
فارسی: پیر کوری
français: Pierre Curie
Gàidhlig: Pierre Curie
galego: Pierre Curie
עברית: פייר קירי
հայերեն: Պիեռ Կյուրի
hrvatski: Pierre Curie
Kreyòl ayisyen: Pierre Curie
magyar: Pierre Curie
Bahasa Indonesia: Pierre Curie
Ilokano: Pierre Curie
Yorùbá: Pierre Curie
íslenska: Pierre Curie
italiano: Pierre Curie
Basa Jawa: Pierre Curie
ქართული: პიერ კიური
Кыргызча: Кюри Пьер
қазақша: Пьер Кюри
ភាសាខ្មែរ: ព្យែរ គុយរី
한국어: 피에르 퀴리
kurdî: Pierre Curie
Latina: Petrus Curie
Lëtzebuergesch: Pierre Curie
lietuvių: Pierre Curie
latviešu: Pjērs Kirī
Malagasy: Pierre Curie
မြန်မာဘာသာ: ပယ်ရီကျူရီ
македонски: Пјер Кири
Bahasa Melayu: Pierre Curie
नेपाल भाषा: पिएरे क्युरी
Nederlands: Pierre Curie
norsk nynorsk: Pierre Curie
occitan: Pierre Curie
Oromoo: Piyeer Kurii
Picard: Pierre Curie
polski: Pierre Curie
Piemontèis: Pierre Curie
پنجابی: پیری کیوری
português: Pierre Curie
română: Pierre Curie
armãneashti: Pierre Curie
русский: Кюри, Пьер
संस्कृतम्: पिएरे क्युरी
sicilianu: Pierre Curie
srpskohrvatski / српскохрватски: Pierre Curie
Simple English: Pierre Curie
slovenčina: Pierre Curie
slovenščina: Pierre Curie
српски / srpski: Пјер Кири
svenska: Pierre Curie
Kiswahili: Pierre Curie
Tagalog: Pierre Curie
Türkçe: Pierre Curie
українська: П'єр Кюрі
oʻzbekcha/ўзбекча: Pierre Curie
Tiếng Việt: Pierre Curie
Winaray: Pierre Curie
მარგალური: პიერ კიური
文言: 皮耶居禮
粵語: 居里
Kabɩyɛ: Pierre Curie