Piano

Buffetpiano
Fleugel

De piano is in slachynstrumint ek wol snaarynstrumint neamd, út de siterfamylje dat bespile wurdt mei in klavier.

De orizjinele namme is eins pianoforte, wat letterlik sêft en sterk betsjut. Dêrmei wurdt oanjûn dat der lûd en sêft op te spyljen wie, eat dat by it klavesimbel, ien fan de foarrinners fan de piano, sa goed as net mooglik wie. Omdat de namme fierder ynkoarte is ta piano, hat de term pianoforte ûnderwilens de betsjutting krigen fan autentyk ynstrumint fan de barok en klassike perioade. De húskeamerpiano (ek buffetpiano neamd) is meastal fertikaal opboud (steand) en de piano mei de snaren hoarizontaal wurdt fleugel of fleugelpiano neamd. De piano is yn 1700 útfûn troch Bartolomeo Cristofori yn Florence.

Meganyk

Yn rêst drukke sêfte filten dimpers tsjin de snaren, om trochklinken foar te kommen. Troch it deldrukken fan in toets wurdt dy dimper fan de oanbelangjende snaar ôf tild, en slacht in mei hurd filt beklaaide hammerkop tsjin de snaren. It triljen fan de snaren wurdt troch in kaam (foar it midden- en hegetoanegebiet) en in baskaam (foar it legetoanegebiet) oerbrocht nei de sjongboaiem sadat dy begjint te sjongen ( resonânsje). As de toets loslitten wurdt, wurdt de dimper fuortdalik wer tsjin de snaar drukt sadat de toan ferstillet. Om it folume fan de klank grutter te meitsjen, binne de snaren yn it midden- en hegetoanegebiet dûbeld of sels yn trijefâld útfierd. De heechste toanen wurde ornaris net dimpt, omdat de heechste toanen folle koarter trochklinke.

De piano hat twa of trije pedalen:

  • It lofter pedaal bringt by de steande piano de hammerkoppen yn rêstposysje tichter by de snaren, sadat it lûd fan de oanslach sêfter wurdt; koartere ôfstân betsjut hjirby minder akseleraasje mei as gefolch minder krêft by it reitsjen fan de hammer op de snaren. De muzykterm foar dit pedaal is una corda. By in fleugel ferskoot dit pedaal nammentlik it hiele klavier ynklusyf meganyk, sadat de hammers yn stee fan de twa of trije snaren, de toets noch mar twa of ien reitsje, wat in minder folume jout. As it pedaal op 'e nij yn de oarspronklike posysje brocht wurdt hjit dat tre corde, dat 3 snaren betsjut.
  • It rjochter pedaal ( sustainpedaal) lit de toan trochklinke nei it loslitten fan in toets sadat mei it yndrukken fan dit pedaal alle dimpers fan de snaren helle wurde. As der praat wurdt oer mei pedaal spyljen dan wurdt steefêst it rjochter pedaal bedoeld.

As in tredde (middelste) pedaal oanwêzich is, kin soks ferskate betsjuttings ha:

  • moderatorpedaal of stúdzjepedaal dat in filtstripe tusken de hammerkoppen en de snaren bringt. Dit middelste pedaal is bedoeld foar it fêst setten as men oefenje wol sûnder tefolle lûdsoerlêst te feroarsaakjen. In soad steande piano's ha sa'n pedaal.
  • sostenutopedaal, dat alle snaren trochklinke lit dêr't de toets fan yndrukt is op it stuit dat it pedaal yntrape wurdt. Allinnch de gruttere fleugelpiano's en guon steande piano's lykas de Yamaha U3C ha sa'n pedaal.

De measte pianos's ha 88 toetsen, mei in Ambitus (berik) fan A0 tot C8, (fan ''A oant c'''''), dat is in berik fan sân oktaven plus in lytse terts. It tal snaren kin de piano oars wêze. Soks hinget ôf fan de mensuer dy't troch de fabrikant brûkt is. De snaren fan in piano binne yn in jitizeren freem spand. De lûkkrêft op it freem fan alle snaren meiïnoar is sawat 18.000 kilogram. Alle moderne húskeamerpiano's binne krússnarich útfierd om de lingte/dikte/spanningsferhâlding optimalisearje te kinnen binnen de beheinings fan de jûne hichte fan de piano.

In fleugel is yn wêzen in piano wêrby't de snaren net steand, mar lizzend opsteld binne. Se binne meastentiids langer útfierd en klinke - benammen de leechste snaren - helderder, troch in bettere lingte/dikte/spanningsferhâlding. De fleugel ûntliend yn it Nederlânsk syn namme oan de flerkefoarm.

Other Languages
Afrikaans: Klavier
Alemannisch: Klavier
አማርኛ: ፒያኖ
aragonés: Piano
العربية: بيانو
asturianu: Pianu
azərbaycanca: Piano
башҡортса: Фортепиано
žemaitėška: Pianėns
беларуская: Фартэпіяна
беларуская (тарашкевіца)‎: Фартэпіяна
български: Пиано
বাংলা: পিয়ানো
བོད་ཡིག: རྣོ་སྦྲེང་།
brezhoneg: Piano
bosanski: Klavir
català: Piano
Mìng-dĕ̤ng-ngṳ̄: Gáung-kìng
Cebuano: Pyano
Cymraeg: Piano
کوردی: پیانۆ
čeština: Klavír
dansk: Klaver
Deutsch: Klavier
Zazaki: Piyano
Ελληνικά: Πιάνο
English: Piano
Esperanto: Piano
español: Piano
eesti: Klaver
euskara: Piano
فارسی: پیانو
suomi: Piano
Võro: Klavvõr
français: Piano
Gaeilge: Pianó
galego: Piano
Avañe'ẽ: Kuãytasã
ગુજરાતી: પિયાનો
客家語/Hak-kâ-ngî: Kông-khìm
עברית: פסנתר
हिन्दी: पियानो
Հայերեն: Դաշնամուր
Fiji Hindi: Piano
hrvatski: Glasovir
magyar: Zongora
interlingua: Piano
Bahasa Indonesia: Piano
ייִדיש: פיאנע
Ilokano: Piano
Ido: Piano
íslenska: Píanó
italiano: Pianoforte
日本語: ピアノ
la .lojban.: pipno
Basa Jawa: Piano
ქართული: ფორტეპიანო
Кыргызча: Клавир
қазақша: Фортепиано
ಕನ್ನಡ: ಪಿಯಾನೋ
한국어: 피아노
коми: Зонгорö
Latina: Clavile
Lëtzebuergesch: Piano
lumbaart: Piano
lietuvių: Fortepijonas
latviešu: Klavieres
မြန်မာဘာသာ: စန္ဒရား
македонски: Пијано
മലയാളം: പിയാനോ
मराठी: पियानो
Bahasa Melayu: Piano
Nāhuatl: Pianotli
Nedersaksies: Piano
नेपाल भाषा: पियानो
Nederlands: Piano (instrument)
norsk nynorsk: Piano
norsk: Piano
occitan: Piano
ਪੰਜਾਬੀ: ਪਿਆਨੋ
polski: Fortepian
Piemontèis: Piano
پنجابی: پیانو
português: Piano
Runa Simi: Yatana qallwa
română: Pian
armãneashti: Phianu
русский: Фортепиано
русиньскый: Клавір
sicilianu: Chianuforti
Scots: Pianae
srpskohrvatski / српскохрватски: Klavir
Simple English: Piano
slovenčina: Klavír
slovenščina: Klavir
Soomaaliga: Biyaano
shqip: Pianoja
српски / srpski: Клавир
Seeltersk: Klavier
Basa Sunda: Piano
svenska: Piano
Kiswahili: Piano
తెలుగు: పియానో
Tagalog: Piyano
Tok Pisin: Piano
Türkçe: Piyano
ئۇيغۇرچە / Uyghurche: پىئانىنو
українська: Фортепіано
اردو: پیانو
oʻzbekcha/ўзбекча: Fortepiano
vèneto: Pianoforte
Tiếng Việt: Dương cầm
West-Vlams: Piano
Winaray: Piano
中文: 钢琴
粵語: 鋼琴
Bân-lâm-gú: Kǹg-khîm
isiZulu: Ipiyano
Kabɩyɛ: Piyaanoo