Permafrost

Pears: permafrost
Blau: yn de winter beferzen grûn (15 dagen of mear it jier)
Rôse: grûn minder as 15 dagen it jier beferzen
Trochsnee fan permafrost mei in iiskile krekt ûnder it oerflak.
Stienringen op permafrost op Spitsbergen

Yn de geology is permafrost of kryotyske ierde de oantsjutting foar grûn dy't twa jier as langer beferzen bliuwt. Permafrost wurdt it meast fûn op hege breedtegraden (dat wol sizze lân tichtby de noardpoal en súdpoal), mar alpine permafrost komt foar op grutte hichten op folle legere breedtegraden. At de ûndergrûn wettertichte rots is, is der iis, grif at de grûn mear as sêd fan wetter is, mar dat hoecht op oare plakken net sa te wêzen. Sa'n 0.022% fan it totale wetter op ierde is permafrost en komt foar yn 24% fan it lân op it noardlik healrûn.De boppekant fan de permafrost hjit permafrost-tafel (meastal op de djipte fan de maksimale teilaach).

Yn de winter is de grûn oant op grutte djipte beferzen en simmerdeis raant allinnich it boppeste laachje dat in pear sintimeter oant in pear meter dik wêze kin. It wetter út de boppelaach kin net sakje yn de beferzen boaiem, dat it lân sil sompich wurde. De laach dy't wol raant en wer befriest, hjit de aktive laach. Yn de aktive laach kin planten woartelje, yn de permafrost net. De dikte fan de aktive laach hinget fan it waar ôf en wikselt mei it jier, mar sit meast tusken 60 en 360 sm. De dikte fan de permafrostlaach kin tsientallen meters wêze (by Barrow yn Alaska is ea goed 400 meter metten).

Permafrost kin in soad koalstof yn opslein wêze, yn de foarm fan fean en as metaangas. Resint ûndersyk fan de permafrost wurdt yn rûsd dat de permafrost yn de hiele wrâld 1400–1700 Gt koalstof befettet. Dy mannichte koalstof is grutter as de koalstof yn alle no libjende organismen en twa kear safolle as de koalsof (CO²) dy't hjoeddedei yn de atmosfear sit.

Other Languages
Afrikaans: Ysgrond
العربية: تربة صقيعية
asturianu: Permafrost
žemaitėška: Omžėnē šalmenē
беларуская: Вечная мерзлата
català: Permagel
čeština: Permafrost
dansk: Permafrost
English: Permafrost
español: Permafrost
eesti: Igikelts
euskara: Permafrost
فارسی: خاک منجمد
suomi: Ikirouta
français: Pergélisol
galego: Permafrost
עברית: קפאת-עד
hrvatski: Permafrost
Kreyòl ayisyen: Pèmafwòs
magyar: Permafroszt
Bahasa Indonesia: Permafrost
italiano: Permafrost
日本語: 永久凍土
Кыргызча: Көп жылдык тоң
қазақша: Мәңгі тоң
한국어: 영구동토
Limburgs: Permafros
Bahasa Melayu: Ibun abadi
Nederlands: Permafrost
norsk nynorsk: Permafrost
norsk: Permafrost
português: Pergelissolo
română: Permafrost
саха тыла: Ирбэт тоҥ
Scots: Permafrost
srpskohrvatski / српскохрватски: Permafrost
Simple English: Permafrost
slovenčina: Permafrost
slovenščina: Permafrost
српски / srpski: Пермафрост
svenska: Permafrost
Türkçe: Donmuş toprak
oʻzbekcha/ўзбекча: Abadiy muzloq yer
中文: 永久冻土
Bân-lâm-gú: Éng-kiú tòng-thó͘