Opiumkrigen

Fjochterij by Kanton tidens de Twadde Opiumkriich

Tusken 1839 en 1860 waarden twa opiumkrigen útfochten tusken Ingelân en Sina.

De Earste Opiumkriich begûn yn 1839 en einige yn 1842. De reden foar de oarloch wie it slûkjen fan opium troch de Britten nei Sina dat miljoenen minsken, sels guons fan de hegerein, ferslaafd makke. Doe't de Sinezen dêrtsjin optrede woenen, seagen de Britten dat as in konflikt dat mei in kriich beslein wurde moast. Mar de feitlike reden lei djipper. De Sinezen hienen iuwenlang harren ekonomy sluten hâlden foar Jeropeeske hannelers en de Britten beskôgen dat as ûnakseptabel.

De Twadde Opiumkriich begûn yn 1856 en einige yn 1860. De reden dat de oarloch útbruts hie der mei te krijen dat de Sinezen it tige dreech fûnen om de ôfspraken, makke mei de Britten nei de earste kriich, nei te kommen en de Britten nije easken stelle woenen. Om dizze ûnwilligens fan de Sinezen foar altyd de kop yn de drukken, gong in kombinearre Britsk-Frânske troepemacht opnij yn de oanfal.

Other Languages
العربية: حروب الأفيون
asturianu: Guerres del Opiu
čeština: Opiové války
English: Opium Wars
Esperanto: Opia milito
Bahasa Indonesia: Perang Candu
íslenska: Ópíumstríðin
Basa Jawa: Perang Candhu
한국어: 아편 전쟁
latviešu: Opija kari
Bahasa Melayu: Perang Candu
Nederlands: Opiumoorlogen
پنجابی: افیمی جنگاں
português: Guerras do ópio
Scots: Opium Wars
srpskohrvatski / српскохрватски: Opijumski ratovi
Simple English: Opium Wars
slovenčina: Ópiové vojny
Soomaaliga: Dagaalka Opium
Basa Sunda: Perang Candu
svenska: Opiumkrigen
українська: Опіумні війни
Winaray: Mga Gera Opyo
粵語: 鴉片戰爭