Olympyske Winterspullen 2018

Olympyske Winterspullen 2018
PyeongChang 2018 Winter Olympics.png
holden ynPyeongchang
   (Súd-Koreä)
jier2018
data8-25 febrewaris
organisatorIOC
dielnimmende lannen91
dielnimmende atleten2.952
eveneminten102 yn 15 sporten
iepeningsseremoanje9 febrewaris
slutingsseremoanje25 febrewaris
edysjes
foarrige edysjeSotsji 2014
folgjende edysjePeking 2022
Temaside Sport

De Olympyske Winterspullen fan 2018, offisjeel bekend as de XXIII Olympyske Winterspullen (Ingelsk: XXIII Olympic Winter Games; Frânsk: les XXIIIes Jeux Olympiques d'Hiver; Koreaansk: 제23회 동계 올림픽, offisjele transliteraasje: Je-isipsamhoe Donggye Ollimpik), wiene in grut ynternasjonaal sportevenemint yn 'e tradysje fan 'e Olympyske Spullen, dat yn 'e winter fan 2018 holden waard yn Pyeongchang, in distrikt yn it noardeasten fan Súd-Koreä (net te betiizjen mei de Noardkoreaanske haadstêd Pyongyang). Pyeongchang wie it trêde Aziatyske plak dat de Olympyske Winterspullen organisearre, nei Sapporo (1972) en Nagano (1998), beide yn Japan. Hoewol't de Olympyske Winterspullen fan 2018 formeel fan 9 oant 25 febrewaris duorre, wiene it skyskânsspringen en it curlingtoernoai al in dei earder, op 8 febrewaris úteinset. Oan dizze edysje fan 'e Winterspullen namen krapoan 3.000 sporters diel, dy't ôfkomstich wiene út 91 ûnderskate lannen. Foar Ekwador, Eritreä, Kosovo, Maleizje, Nigearia en Singapoer wie it de alderearste dielname oan 'e Winterspullen. It evenemint omfieme fierders 102 ûnderdielen yn 15 ferskillende sporten, wêrfan't it meastepart organisearre waard yn it distrikt Pyeongchang, hoewol't foar beskate ûnderdielen útwykt waard nei it oanbuorjende distrikt Gangneung. Nei de Olympyske Simmerspullen waarden yn Pyeongchang ek de Paralympyske Winterspullen organisearre.

Other Languages
Аҧсшәа: Пхёнчхан 2018
беларуская (тарашкевіца)‎: Зімовыя Алімпійскія гульні 2018 году
Bahasa Indonesia: Olimpiade Musim Dingin 2018
norsk nynorsk: Vinter-OL 2018
srpskohrvatski / српскохрватски: Zimska Olimpijada 2018
Simple English: 2018 Winter Olympics