Olof Palme

Olof Palme

Sven Olof Joachim Palme (Stockholm, 30 jannewaris 1927 - dêre, 28 febrewaris 1986) wie in Sweedsk politikus. Hy wie lieder fan de Sweedske Sosjaal-demokratyske Partij (Socialdemokratiska arbetarepartiet) en twa kear premier fan Sweden, earst fan 1969 oant 1976, de twadde kear fan 1982 oant it stuit dat er yn Stockholm (1986) fermoarde waard.

Libben en oplieding

Palme waard yn Stockholm berne en grutbrocht yn de begoedige wyk Östermalm. Hy kaam út in 'upper-class'-húshâlding. Nettsjinsteande dat waard er sosjalist. Dat kaam omdat er yn syn studintetiid as in soartemint fan wurdfierder troch hiel Jeropa teach.

Hy studearre yn 1947-1948 oan it Kenyon College yn Ohio (Feriene Steaten) en wie in jier letter ôfstudearre. Ynspirearre troch de protte debatten dy't er fierd hie, skreau er in krityske skripsje oer The Road to Serfdom fan Friedrich Hayek. Nei ferskate rûnreizen troch de Feriene Steaten gie er nei Sweden werom om oan de universiteit fan Stockholm fierder te studearjen. Yn dy tiid waard er ek polityk aktyf doe't er him by de Sweedske Uny fan Studinten ynskreau. Yn 1952 waard er ta foarsitter fan dy ferieniging keazen. Syn fakânsjes fierde er op it foar bûtenlanners ferbeane eilantsje Fårö.

Palme joech sels trije reden wêrom't er sosjalist wurden wie.

  • Yn 1947 wenne er in debat oer belestings tusken de sosjaal-demokraat Ernst Wigforss, de konservatyf Jarl Hjalmarsson en de liberaal Elon Andersson by.
  • It libben yn de FS yn de jierren '40 liet him de gefolgen sjen fan de ferskillen tusken earm en ryk en it rasisme foar swarten oer.
  • In reis troch Aazje joech him ynsjoch yn de gefolgen fan kolonisaasje en ymperialisme.
Other Languages
aragonés: Olof Palme
العربية: أولوف بالمه
беларуская: Улаф Пальмэ
беларуская (тарашкевіца)‎: Уляф Пальмэ
български: Улоф Палме
বাংলা: ওলফ পালমে
brezhoneg: Olof Palme
bosanski: Olof Palme
català: Olof Palme
čeština: Olof Palme
dansk: Olof Palme
Deutsch: Olof Palme
Ελληνικά: Ούλωφ Πάλμε
English: Olof Palme
Esperanto: Olof Palme
español: Olof Palme
eesti: Olof Palme
euskara: Olof Palme
suomi: Olof Palme
français: Olof Palme
Gàidhlig: Olof Palme
galego: Olof Palme
hrvatski: Olof Palme
magyar: Olof Palme
Bahasa Indonesia: Olof Palme
Yorùbá: Olof Palme
íslenska: Olof Palme
italiano: Olof Palme
Basa Jawa: Olof Palme
ქართული: ულოფ პალმე
한국어: 올로프 팔메
kurdî: Olof Palme
Latina: Olavus Palme
Lëtzebuergesch: Olof Palme
lietuvių: Olof Palme
latviešu: Ūlofs Palme
македонски: Улоф Палме
Nederlands: Olof Palme
norsk nynorsk: Olof Palme
norsk: Olof Palme
occitan: Olof Palme
polski: Olof Palme
português: Olof Palme
Runa Simi: Olof Palme
română: Olof Palme
русский: Пальме, Улоф
Scots: Olof Palme
srpskohrvatski / српскохрватски: Olof Palme
Simple English: Olof Palme
slovenčina: Olof Palme
slovenščina: Olof Palme
shqip: Olof Palme
српски / srpski: Улоф Палме
svenska: Olof Palme
Türkçe: Olof Palme
українська: Улоф Пальме
oʻzbekcha/ўзбекча: Olof Palme
Tiếng Việt: Olof Palme
Winaray: Olof Palme