Oerseeske gebietsdielen fan Frankryk

Alle Frânske oerseeske gebietsdielen.

De oerseeske gebietsdielen fan Frankryk, dy't yn it Frânsk yn it spraakgebrûk yn 'e regel de DOM-TOM neamd wurde (in ôfkoarting fan départements d'outre-mer, "oerseeske departeminten", en territoires d'outre-mer, "oerseeske territoaria"), binne alle gebieten dy't bestjoerlik ûnder de Frânske steat falle en net ûnderdiel útmeitsje fan Jeropeesk Frankryk. Dizze gebieten hawwe ferskillende soarten politike status en ûnderskate nivo's fan autonomy, mar allegear binne se fertsjintwurdige yn it Frânske Parlemint (útsein fansels dy dy't gjin ynwenners hawwe), en sadwaande ek yn it Jeropeesk Parlemint.

De oerseeske gebietsdielen fan Frankryk omfiemje eilannen yn 'e Atlantyske, Yndyske, Stille en Súdlike Oseaan en yn 'e Karibyske See, fierders in diel fan it Súdamerikaanske kontinint en teffens in taartpunt fan Antarktika dêr't oanspraak op makke wurdt. De lânclaim yn Antarktika en de ûnbewenne eilannen yn 'e Súdlike en Yndyske Oseaan binne byinoar foege ta de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen of TAAF (Terres Australes et Antarctiques Français). Yn totaal hawwe de oerseeske gebietsdielen fan Frankryk in oerflak fan 119.394 km² en in befolking fan likernôch 2.691.000 (yn jannewaris 2013).

Oerseeske departeminten

Oerseeske departeminten (départements d'outre-mer) binne folslein yntegrearre yn 'e Frânske steat, en hawwe persiis deselde rjochten en politike status as de departeminten fan Jeropeesk Frankryk.

  • Flag of French Guiana.svg Frânsk Guyana (sûnt 1946)
  • Flag of Guadeloupe (local) variant.svg Guadelûp (sûnt 1946)
  • Flag of Mayotte (local).svg Majot (sûnt 2011)
  • Snake Flag of Martinique.svg Martinyk (sûnt 1946)
  • Proposed flag of Réunion (Nationalist movement).svg Réunion (sûnt 1946)
Other Languages
Bahasa Melayu: Perancis Seberang Laut
srpskohrvatski / српскохрватски: Francuski prekomorski departmani i teritorije
Simple English: Overseas France