Naarden

Lizzing fan Naarden
Utsicht op Naarden.
Utsicht op Naarden.

Naarden is in stêd en eardere gemeente yn It Goai yn de provinsje Noard-Hollân. De gemeente hat in oerflakte fan 32,89 km² (wêrfan 11,47 km² wetter) wêryn 17.038 minsken wenje (2010). Naarden is in festingstêd en is lid fan de Feriening Nederlânske festingstêden. Sûnt 2009 is Joyce Sylvester waarnimmend boargemaster fan Naarden, neidat Peter Rehwinkel op 14 septimber 2009 de nije boargemaster fan Grins wurden is.

De festing

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Naarden.
Naarden besjoen út de loft wei, de stjerfoarm is hjirby goed te sjen

Naarden is ien fan de best bewarre festingstêden yn Europa en foaral ferneamd om syn unike stjerfoarm. De festing hat seis bastions, in dûbele omwâling en dûbele greftengurdle. Der is goed te wanneljen oer de ferdigeningswurken. Ek in rûnfeart om de wurken is mooglik. De grutte, treflik restaurearre festing, wêrfan de measte dielen út de 17e iuw komme, is foar it grutste diel frij tagonklik. De festing biedt ek ûnderdak oan it Nederlânsk Festingmuseum yn it bastion Turfpoarte. Hjir kin de besiker sjen hoe't in festing der yn it gebrûk der út seach, en fierder de kolleksje foarwerpen fan 1350 - 1945 besjen. By de frekwinte aktiviteiten yn it museum, binnen én bûten, kinne besikers ek ûnderfine hoe't it der yn in festing om en ta gie. It Wetterlynjepaad rint om de festing hinne wêrtroch't de grutte fan de wurken goed sichtber wurdt. Teffens biedt de festing ûnderdak oan it twajierlikse, lanlike FotoFestival Naarden. De komplete festing is noch altiten eigendom fan de Steat. Nei opheffing fan de militêre funksje binne de dielen derfan earst nei Definsje oerhevele en dêrnei nei de portefúlje fan de Ryksgebouwetsjinst.

Grutte of Sint-Fitustsjerke

Grutte of Sint-Fitustsjerke

De Sint-Fitustsjerke is in grutte, goatyske basilyk út de 14e en 15e iuw. Ein 15e iuw waard de tsjerke beafeartsoarde troch it ferkrijen fan reliken fan Sint-Fitus. Sûnt 1576 is de tsjerke herfoarme. Fan grut belang binne de houten ferwulften mei dêrop skilderingen út de 16e iuw. De Grutte Tsjerke is jierliks op Goed Freed it dekor fan in fameuze, de hiele dei duorjende útfiering fan de Mattheuspassy fan Johann Sebastian Bach, organisearre troch de Nederlânske Bachferiening, tradisjoneel besocht troch ûnder mear leden fan it regear. Elk simmerseizoen binne der oargelkonserten yn de tsjerke, meastal op de twa oargels (Bätz-Witte en it lytse fan Flentrop). Op 22 oktober 2005 trouden hjir prins Floris en Aimée Söhngen.

Stedspoarten

Naarden hie fan it jier 1673 oant 1915 twa stedspoarten, nammentlik de Utertske Poarte en de Amsterdamske Poarte. Ut definsje-oerwegings waard der njonken de Utertske poarte in wei (Kapitein Meyerwei) troch de omwâling oanlein. De poarte bleau behâlden en stiet no bekend as de Utertske Poarte. De Amsterdamke Poarte mei it wetterpoartsje waard sloopt. Yn 1939 waard der rjochting Bussum in tredde ferbiningswei troch de omwâling oanlein. Yn de Naardenske folksmûle stiet dizze wei bekend as De Doorbraak.

Bastions en ravelinen

De festing hat 6 bastions en 6 ravelinen. De bastions binne:

  • Katten (noard)
  • Oranje (noardeast)
  • Promers, mei bomfrije kazerne (súdeast)
  • Turfpoarte mei festingmuseum (súd)
  • Nij-Mole (west)
  • Ald-Mole mei Grut en Lyts Arsenaal (noardwest)

It Spaanske Hûs

Gevelsteen dy't herinnert oan it Bloedbad fan Naarden in 1572

It Spaanske Hûs is ien fan de lêst oerbleaune midsiuwske gebouwen yn de stêd. Nei alle gedachten wie it ea in gasthûs of de kapel fan in gasthûs. By de ferovering fan Naarden troch de Spanjerts waard it gebou brûkt as stedhûs. Op de foargevel sitte noch altiten twa gevelstiennen as oantinken oan de ' Spaanske Moard'. Letter is it gebou ek noch brûkt as waach, militêre bakkerij en Comenius museum.

Stedhûs

It Stadhuis komt út 1601 en is in dúdlik en fraai foarbyld fan de Hollânske renêssânsestyl. Kenmerkend oan dit gebou is de dûbele trepgevel. Yn it stedhûs wurde gemeentefergaderingen, houliken en kulturele aktiviteiten hâlden. Yn de hal fan it Stedhûs stiet in makette, dy't yn ien eachopslach in dúdlik oersjoch fan de festing jout.

Naarderbosk

De Naarderbosk leit oan de Gooimar tusken Muiderberg, Naarden en de A1. It bestiet út in rekreaasjegebiet, golfbaan, jachthaven, wenwyk en een bedriuweterrein. De wenwyk en de jachthaven binne yn de jierren tachtich oanlein. It rekreaasjegebiet fan honderd hektare leit tusken it wengebiet en de Hollânske Brêge. It boskgebiet is yn de jierren 70 oanlein en yn 2002 op'en nij ynrjochte.

Ynternasjonaal Teosofysk Sintrum

It Ynternasjonaal Teosofysk Sintrum leit op in lângoed yn Naarden, yn de bosken tichtby de Goaimar. It wurdt besocht troch minsken út alle lannen fan de wrâld.

Other Languages
aragonés: Naarden
brezhoneg: Naarden
català: Naarden
čeština: Naarden
dansk: Naarden
Deutsch: Naarden
English: Naarden
Esperanto: Naarden
español: Naarden
euskara: Naarden
فارسی: ناردن
suomi: Naarden
français: Naarden
Gaeilge: Naarden
հայերեն: Նարդեն
Bahasa Indonesia: Naarden
italiano: Naarden
日本語: ナールデン
Basa Jawa: Naarden
한국어: 나르던
Limburgs: Naarden
македонски: Нарден
Bahasa Melayu: Naarden
Nedersaksies: Naarden
Nederlands: Naarden
norsk: Naarden
occitan: Naarden
polski: Naarden
português: Naarden
română: Naarden
русский: Нарден
shqip: Naarden
Seeltersk: Naarden
svenska: Naarden
Tiếng Việt: Naarden
Volapük: Naarden
Winaray: Naarden
Zeêuws: Naerden
中文: 纳尔登
Bân-lâm-gú: Naarden