Murd

Murd
Ilder.jpg
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
famylje: martereftigen (Mustelidae)
skaai: lytse marters (Mustela)
soarte
Mustela putorius
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De murd ( Latynske namme: Mustela putorius) is in lyts linich sûchdier dat ta de famylje fan de martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela) heart, en dat lânseigen is yn it grutste part fan Jeropa (wêrûnder Fryslân) en in stikje fan westlik Sibearje. Dit bist ûntjoech him yn it Midden- Pleistoseen yn West-Jeropa, en is it naust besibbe mei de steppemurd, de swartpoatmurd en de Jeropeeske nerts. Mei de earste beide fan dy trije soarten kinne murden fruchtbere neikommelingen produsearje. De murd is de wylde foarfaar fan 'e fret, dy't mear as 2.000 jier lyn domestisearre waard foar ûngediertebestriding.

Fersprieding

Algemiene fersprieding

Fersprieding fan 'e murd.

De murd is lânseigen yn hast hiele Jeropa, útsein Yslân, Ierlân, hast hiele Noarwegen, de noardlike trijefearns fan Sweden, de noardlike helte fan Finlân, it suden en uterste noarden fan Ruslân, de eastlike helte fan 'e Oekraïne, East-Traasje, de súdlike helte fan Albaanje, hast hiele Grikelân en de eilannen yn 'e Middellânske See. Yn Grut-Brittanje komt er inkeld foar yn Wales en de westlike Midlannen fan Ingelân, mei dêrby noch in pear isolearre populaasjes yn noardlik Ingelân en oan 'e westkust fan Skotlân. Bûten Jeropa komt de murd ek foar yn in part fan westlik Sibearje en yn it Marokkaanske Rifberchtme.

Fersprieding yn Nederlân en Fryslân

Yn Nederlân komt de murd frijwol oeral foar, en yn Fryslân ûntbrekt er allinnich op 'e Waadeilannen. Op Flylân, Skiermûntseach en de ûnbewenne Waadeilannen is er nea foarkommen, en op it Amelân en Skylge is er nei in koarte oanwêzigens wer ferdwûn. Op it Fryske fêstelân wurdt de murd faker yn it binnenlân synjalearre, en liket ek de Waadkust en de Iselmarkust wat te mijen.

Other Languages
aragonés: Mustela putorius
žemaitėška: Šešks
беларуская: Лясны тхор
беларуская (тарашкевіца)‎: Тхор лясны
български: Черен пор
català: Turó comú
Cymraeg: Ffwlbart
čeština: Tchoř tmavý
kaszëbsczi: Zwëczajny twórz
Чӑвашла: Хура пăсара
dansk: Ilder
Esperanto: Putoro
eesti: Tuhkur
euskara: Ipurtats
suomi: Hilleri
français: Mustela putorius
Nordfriisk: Elk
Gaeilge: Cat coille
galego: Furón bravo
hrvatski: Tvor
interlingua: Mustela putorius
ייִדיש: אילטיס
Ido: Putoro
ქართული: ქრცვინი
한국어: 긴털족제비
Kurdî: Bûkink
latgaļu: Meža saskys
latviešu: Meža sesks
македонски: Твор
Nedersaksies: Ulk
Nederlands: Bunzing
norsk nynorsk: Ilder
norsk: Ilder
Picard: Fuchioe
português: Tourão
rumantsch: Telpi
română: Dihor
русский: Лесной хорёк
Scots: Foumart
srpskohrvatski / српскохрватски: Mustela putorius
slovenčina: Tchor tmavý
slovenščina: Evropski dihur
српски / srpski: Твор
Seeltersk: Ulk
svenska: Iller
удмурт: Бызара
українська: Тхір лісовий
Tiếng Việt: Chồn hôi châu Âu
West-Vlams: Fiesjow
walon: Vexhåd
中文: 歐洲鼬
粵語: 歐洲鼬