Mount Cook

Mount Cook

Mount Cook (Maori: Aoraki, 'de berch dy't de wolkens pakt') is de heechste berch (3766 meter) fan Nij-Seelân en leit op it Sudereilân. De berch krige syn namme fan kapitein Stokes, de kartograaf dy't dit gebiet yn kaart brocht, en is neamd nei de Ingelske seefarder James Cook, dy't Nij-Seelân foar Grut-Brittanje ûntdekt hat. De berch is in toeristyske trekpleister.

Mount Cook leit yn it Nasjonaal park Aoraki/Mount Cook, dat yn 1953 iepene waard en mei it Nasjonaal park Westland Tai Poutini, it Nasjonaal park Mount Aspiring en it Nasjonaal park Fiordland ien fan UNESCO syn World Heritage Sites is. It park hat mear as 140 berchtoppen boppe de 2.000 meter en 72 gletsjers, dy't 40 % (700 km²) fan it park bedekke.

Mount Cook bestiet út trije toppen de Lege top, Middelste top en Hege top. De Tasmangletsjer leit yn it easten en de Hookergletsjer bewesten.

Mount Cook Village (ek bekend as The Hermitage) is in toeristysk sintrum en it basiskamp fan de berch. It leit 7 km fan de Tasmangletsjer en 12 km ten suden fan Mount Cook.

  • keppeling om utens

Keppeling om utens

Other Languages
Afrikaans: Mount Cook
aragonés: Aoraki
беларуская: Кука
български: Кук (връх)
brezhoneg: Aoraki
català: Mont Cook
Cymraeg: Aoraki
čeština: Mount Cook
dansk: Mount Cook
Esperanto: Aoraki
español: Monte Cook
eesti: Aoraki
euskara: Cook mendia
فارسی: کوه کوک
suomi: Mount Cook
français: Aoraki/Mont Cook
עברית: הר קוק
Հայերեն: Կուկի լեռ
hrvatski: Mount Cook
íslenska: Mount Cook
日本語: クック山
ქართული: კუკის მთა
한국어: 쿡산
lietuvių: Kuko kalnas
latviešu: Aoraki
Māori: Aoraki
македонски: Кукова Планина
Nederlands: Mount Cook
norsk nynorsk: Aoraki/Mount Cook
polski: Góra Cooka
پنجابی: آوراکی
português: Monte Cook/Aoraki
Runa Simi: Aoraki Urqu
română: Aoraki
русский: Гора Кука
srpskohrvatski / српскохрватски: Mount Cook
Simple English: Mount Cook
slovenčina: Cookov vrch
српски / srpski: Maunt Kuk
Kiswahili: Aoraki
Türkçe: Cook Dağı
українська: Гора Кука
Tiếng Việt: Aoraki
中文: 庫克山