Markus Antonius

Markus Antonius

Markus Antonius (14 jannewaris 83 f.Kr.1 augustus 30 f.Kr.) wie Romeinsk steats- en kriichsman. Nei de dea fan Julius Caesar naam er de leie yn hannen yn it Romeinske Ryk. Hy kaam al gau yn konflikt mei de Romeinske Senaat dy't stipe op Caesar syn efterneef, adoptyfsoan en erfgenamt Oktavianus (de lettere keizer Augustus). Yn in koarte boargerkriich waard Antonius ferslein, dêrnei fersoene sy har. Mei Aemelius Lepidus foarmje sy it saneamde Twadde Trijemanskip. Yn 40 ferdiele sy it ryk ûnder elkoar, Antonius krige it easten te bestjoeren, Oktavianus it westen, Lepidus Afrika.

Lepidus waard yn 36 út it Trijemanskip set en tusken Antonius en Oktavianius kaam it ta in ferwidering. Alhoewol't er boaske wie mei de suster fan Oktavianus, Oktavia, rekket hy folslein ûnder de ynfloed fan de Egyptyske keninginne Kleopatra. Uteinlik trout er mei har yn 32 en Oktavianus ferklearret him en Kleopatra de oarloch. Yn 31 waard har float en dy fan him by Aktium beslissend ferslein. Antonius en Kleopatra begienen selsmoard.

Other Languages
Afrikaans: Marcus Antonius
Alemannisch: Marcus Antonius
azərbaycanca: Mark Antoni
беларуская: Марк Антоній
български: Марк Антоний
brezhoneg: Marcus Antonius
bosanski: Marko Antonije
català: Marc Antoni
čeština: Marcus Antonius
English: Mark Antony
Esperanto: Marko Antonio
español: Marco Antonio
euskara: Marko Antonio
français: Marc Antoine
hrvatski: Marko Antonije
Bahasa Indonesia: Markus Antonius
Yorùbá: Mark Antony
íslenska: Marcus Antonius
italiano: Marco Antonio
Basa Jawa: Mark Antony
Кыргызча: Антоний Марк
қазақша: Марк Антоний
lietuvių: Markas Antonijus
latviešu: Marks Antonijs
монгол: Марк Антони
Bahasa Melayu: Marcus Antonius
Plattdüütsch: Marcus Antonius
Nederlands: Marcus Antonius
português: Marco Antônio
română: Marc Antoniu
русский: Марк Антоний
srpskohrvatski / српскохрватски: Marko Antonije
Simple English: Mark Antony
slovenčina: Marcus Antonius
slovenščina: Mark Antonij
српски / srpski: Марко Антоније
Seeltersk: Marcus Antonius
Türkçe: Marcus Antonius
татарча/tatarça: Марк Антоний
українська: Марк Антоній
oʻzbekcha/ўзбекча: Antoniy Mark
Tiếng Việt: Marcus Antonius