Ljouwert (stêd)

Ljouwert
20100707 Willemskade Zuiderstadsgracht Leeuwarden NL.jpg
Sifers
Ynwennertal95.949 (2013)
Oerflak84,11 km²
Hichte0,2 - 3 m. boppe seenivo [1][2]
Polityk
LânNederlân
ProvinsjeFryslân
GemeenteLjouwert
BoargemasterFerd Crone
Oar
StiftingFúzjeferdrach 1435
Postkoade8900 - 8939
Koördinaten53° 12′ NB, 5° 47′ EL
WebsideWebstee Ljouwert
1rightarrow.png Dizze side giet oer de stêd Ljouwert. Foar de gemeente, sjoch: Ljouwert (gemeente).
'De Kelders'

Ljouwert (Ljouwertersk: Leewarden of Liwwadden; Nederlânsk: Leeuwarden; Aastersk/Skylgersk: Lieuwadden; Amelânsk: Liewa'den; Biltsk: Luwt; Hylpersk: Leauwert; Skiermûntseagersk: Leeuwerts; Stellingwerfsk: Liwwadden of Luwadden; Westerkertiersk: Leeuwerd) is de haadstêd fan Fryslân en ek it haadplak fan de gemeente Ljouwert. De stêd hat 95.949 ynwenners (desimber 2013) en is dêrmei de grutste stêd binnen de provinsje.

Ljouwert is ûntstien út trije terpen oan de eastlike igge fan de Middelsee, te witten de terpen Aldehou, Nijehou en Hoek. De formele gearfoeging fan de trije terpen krige syn beslach yn in rige Aldfryske oarkonden yn de earste helte fan de 15e iuw. Nei de ein fan de Fryske frijheid ûntjout Ljouwert him ûnder frjemde hearskers as bestjoersplak fan de lettere provinsje Fryslân.

Op it mêd fan ûnderwiis en wittenskip hat Ljouwert trije hegeskoallen, de kursus- en taalynstelling Afûk, de Fryske Akademy en de Wetsus Akademy (wettertechnology). Ljouwert hat 29.628 hbû en mbû-studinten (stân 2010).[3]

Mei in gerjochtshof en in rjochtbank is Ljouwert foar it rjocht yn de provinsje Fryslân, as ek foar arrondisseminten bûten de provinsje, in plak mei betsjutting. Ljouwert is ien fan de alve Fryske stêden yn Westerlauwersk Fryslân. Yn 2018 is Ljouwert, mei de Malteeske haadstêd Valetta, Kulturele Haadstêd fan Jeropa. Dat jiers sille der yn it ramt fan it projekt Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 alderhanne kulturele eveniminten yn Ljouwert organisearre wurde.

Other Languages
Afrikaans: Leeuwarden
aragonés: Ljouwert
العربية: ليوواردن
azərbaycanca: Leuvarden
беларуская: Леўвардэн
беларуская (тарашкевіца)‎: Леэўвардэн
български: Леуварден
brezhoneg: Leeuwarden
català: Ljouwert
Cymraeg: Leeuwarden
čeština: Leeuwarden
dansk: Leeuwarden
Deutsch: Leeuwarden
Ελληνικά: Λέουβαρντεν
emiliàn e rumagnòl: Leeuwarden
English: Leeuwarden
Esperanto: Leeuwarden
español: Leeuwarden
eesti: Leeuwarden
euskara: Leeuwarden
فارسی: لیوواردن
suomi: Leeuwarden
føroyskt: Leeuwarden
Nordfriisk: Ljouwert (stää)
Gaeilge: Leeuwarden
Gàidhlig: Leeuwarden
galego: Leeuwarden
Gaelg: Ljouwert
客家語/Hak-kâ-ngî: Leeuwarden
עברית: ליוורדן
hrvatski: Leeuwarden
magyar: Leeuwarden
Bahasa Indonesia: Leeuwarden
íslenska: Leeuwarden
italiano: Leeuwarden
Basa Jawa: Leeuwarden
Latina: Leovardia
Limburgs: Leeuwarden
lietuvių: Leuvardenas
latviešu: Leuvardena
Baso Minangkabau: Leeuwarden
Bahasa Melayu: Leeuwarden
Plattdüütsch: Liwwadden
Nedersaksies: Liwwadden (stad)
Nederlands: Leeuwarden (stad)
norsk nynorsk: Leeuwarden
norsk: Leeuwarden
occitan: Leeuwarden
polski: Leeuwarden
português: Leeuwarden
Runa Simi: Leeuwarden
română: Leeuwarden
русский: Леуварден
sardu: Leeuwarden
Scots: Leeuwarden
srpskohrvatski / српскохрватски: Leeuwarden
Simple English: Leeuwarden
slovenčina: Leeuwarden
slovenščina: Leeuwarden
shqip: Leeuwarden
српски / srpski: Леуварден
Seeltersk: Ljouwert
svenska: Leeuwarden
Kiswahili: Leeuwarden
ślůnski: Leeuwarden
Türkçe: Leeuwarden
українська: Леуварден
اردو: لیوردن
Tiếng Việt: Leeuwarden
West-Vlams: Leeuwarden
Volapük: Leeuwarden
Winaray: Leeuwarden
吴语: 吕伐登
Zeêuws: Leeuwarden
中文: 吕伐登
粵語: 呂華登
Bân-lâm-gú: Leeuwarden (siâⁿ)