Lânsfeint

Lânsfeint mei syn wiif. Daniel Hopfer. Hy hat in mânske Zweihänder oer it skouder, en in lytse Katzbalger oan'e heup, beide typysk foar de lânsfeint.
Lânsfeinten, ets fan Daniel Hopfer, ±1530.

Lânsfeinten binne frije soldaten (fuotfolk), hiersoldaten, meast út Dútslân, dy't troch keizer Maksimiliaan, dy't de earste lânsfeinteregiminten foarme, en Albrecht fan Saksen nei Fryslân kamen en hjir fan 1500 - 1515 húsholden. Letter kamen sy ek fan Alsace, Flaanderen, en it Rynlân. Harren hâlden en dragen op it slachfjild koe tige ferskille; bytiden wiene sy tige dapper en dissiplinearre, mar disoarder en ûnbetrouberens kaam ek faak foar.

Wapene mei in lange spear, helleburd, koart swurd ("Katzbalger") en bytide ek in twahânsswurd ("Bidenhänder" of "Zweihänder"). Se droegen "plunderhosen" en hienen in eigen moraal en earekoade. Yn de kroniken fan Peter en Worp fan Thabor hieten se Duytsche Knechten. De Swarte Heap is in Frysk foarbyld fan lânsfeinten.

Etymology

De term komt fan it Dútske, Land, "lân" + Knecht, "(tsjinst)feint", en wurdt yn sa. 1480 foar it earst neamd. It wie oarspronklik de oantsjutting foar de hiersoldaten fan de lege lannen fan it Hillige Roomske Ryk om Underskaat te meitsjen mei de Switserske Landsknechten. Al yn 1500 wie der betizing oer it wurd en waard it ek wol stavere as Lanzknecht en yn ferbân brocht mei in Lanze, " lâns".

Other Languages
Alemannisch: Landsknecht
العربية: لاندسكنيشت
català: Lansquenet
čeština: Lancknecht
Deutsch: Landsknecht
Ελληνικά: Λάντσκνεχτ
English: Landsknecht
español: Lansquenete
euskara: Landsknecht
français: Lansquenet
עברית: לאנדסקנכט
Bahasa Indonesia: Landsknecht
italiano: Lanzichenecchi
Latina: Landsknecti
lietuvių: Landsknechtai
norsk: Landsknekt
polski: Landsknecht
português: Lansquenete
русский: Ландскнехт
српски / srpski: Ландскнехти
svenska: Landsknekt
Türkçe: Landsknecht
українська: Ландскнехт
Tiếng Việt: Landsknecht
中文: 國土傭僕