Klaus Kinski

Klaus Kinski yn Cannes 1988
Kinski syn berteplak yn Sopot, Poalen

Klaus Kinski (Sopot, 18 oktober 1926 - Lagunitas, Kalifornje, 23 novimber, 1991) wie in Dútsk akteur, ferneamd om syn ynbannich spyljen en fanwege syn eksplosive temperamint. Hy aktearre yn mear as 130 films en wurdt wierskynlik it meast ûnthâlden troch syn gearwurking mei skriuwer/regisseur Werner Herzog.

Yn de Twadde Wrâldkriich wie Kinski by de paratroepen en waard finzen nommen troch it Britske leger yn Nederlân, ein 1944. Yn it kriichsfinzenekamp "Camp 186" yn Berechurch Hall yn Colchester, Essex, Ingelân, stie er foart it earst op de planken.

Yn 1950 hat Kinski trije dagen opnommen west yn in psychiatrysk sikehûs; syn medyske status sprekt dan fan in foarstadium fan skizofreny

Karriêre

Kinski ferskynde yn ferskate Dútske films fan Edgar Wallace. Syn gearwurking mei Werner Herzog brocht him ynternasjonale ferneamdens. Hja hawwe fiif films tegearre makke: Aguirre: The Wrath of God (1972), Woyzeck (1978), Nosferatu the Vampyre (1979), Fitzcarraldo (1982), en as lêste Cobra Verde (1987). Yn 1977 blonk er út as terrorist Wilfried Böse yn de Israelyske film Operation Thunderbolt, basearre op Operaasje Entebbe yn 1976. Yn Kinskis lêste film (dy't er skreau én regisearre), Kinski Paganini (1989), spile er de rol fan Niccolò Paganini, de legindaryske fioelist.

Other Languages
aragonés: Klaus Kinski
беларуская: Клаус Кінскі
български: Клаус Кински
bosanski: Klaus Kinski
Cymraeg: Klaus Kinski
čeština: Klaus Kinski
Deutsch: Klaus Kinski
English: Klaus Kinski
Esperanto: Klaus Kinski
español: Klaus Kinski
euskara: Klaus Kinski
français: Klaus Kinski
galego: Klaus Kinski
hrvatski: Klaus Kinski
magyar: Klaus Kinski
italiano: Klaus Kinski
Lëtzebuergesch: Klaus Kinski
lietuvių: Klaus Kinski
latviešu: Klauss Kinskis
Nederlands: Klaus Kinski
polski: Klaus Kinski
português: Klaus Kinski
русский: Клаус Кински
srpskohrvatski / српскохрватски: Klaus Kinski
српски / srpski: Клаус Кински
svenska: Klaus Kinski
Kiswahili: Klaus Kinski
Türkçe: Klaus Kinski
українська: Клаус Кінскі