Kilogram

It ynternasjonale prototype fan it kilogram

It kilogram is sûnt 1901 de ynternasjonale standertienheid foar massa en dêrmei ien fan de sân basisienheden fan it SI.

In kilogram is lyk oan tûzen gram; kilo is it foarheaksel foar 1000.

It SI-systeem definiearret dit kilogram as lyk oan de massa fan it ynternasjonale prototype, dat fan in platina-iridiumlegearing makke is en bewarre wurdt op it 'Bureau International des Poids et Mesures' (it ynternasjonale buro fan gewichten en maten) yn it Frânse Sèvres. It ynternasjonale prototype is in silinder fan 90 massa% platina en 10 massa% iridium, mei in hichte en diameter fan 39,0 mm. It kilogram is de ienige SI-ienheid dy't relatearre is oan in troch minsken makke foarwerp ynstee fan in natuerkundige eigenskip. It is ek de ienige basisienheid yn it SI dy't in SI-prefiks (kilo) yn de namme stean hat. Dit is om histoaryske en praktyske redenen sa hâlden; logysker soe wêze it 'gram' as basisienheid te kiezen.

Offisjele kopyen fan it standertkilogram binne as nasjonale prototypen beskikber. De hjoeddeiske standert fan Nederlân, kopy nûmer 53, leit yn it Van Swinden laboratoarium fan it NMI yn Delft. In foarige massastandert fan Nederlân te sjen yn it Ryksmuseum yn Amsterdam.

It ynternasjonale prototype fan it kilogram waard yn gebrûk nomd yn 1889.

De massa fan de standertsilinder is lykwols net fêst. Dit wurdt konstatearre trch de massa fan de referinsje-silinder te fergelykjen mei de massa fan kopyen fan dy silinder .Der is ûnder oare fersmoarging fan de silinder yn de oarder fan 1 µg per jier. Der binne spesjale skjinmakprosedueres om dizze fersmoarging fuort te heljen. Mar it blykt dat yn de rin fan de tsientallen jieren de massa dochs net konstant bliuwt, mar wat ôfnimt.

Dêrom wurdt der socht nei in oare definysje fan it kilogram, ien dy't net ôfhinklik is fan in fysyk foarwerp. Hjirby wurdt ûnder oare sjoen nei it tellen fan it oantal silisium atomen yn in bol fan monokristallyn silisium, of nei it ôflieden fan it kilogram fan natuerkundige konstanten.

  • keppeling om utens

Keppeling om utens

Other Languages
Аҧсшәа: Акилограмм
Afrikaans: Kilogram
Aymar aru: Kilu
Alemannisch: Kilogramm
aragonés: Kilogramo
العربية: كيلوغرام
asturianu: Quilogramu
azərbaycanca: Kiloqram
башҡортса: Килограмм
žemaitėška: Kėluograms
беларуская: Кілаграм
беларуская (тарашкевіца)‎: Кіляграм
български: Килограм
भोजपुरी: किलोग्राम
བོད་ཡིག: སྟོང་ཁེའུ།
brezhoneg: Kilogramm
bosanski: Kilogram
català: Quilogram
Mìng-dĕ̤ng-ngṳ̄: Gŭng-gṳ̆ng
Cymraeg: Cilogram
کوردی: کیلۆگرام
čeština: Kilogram
Чӑвашла: Килограмм
dansk: Kilogram
Deutsch: Kilogramm
Ελληνικά: Χιλιόγραμμο
English: Kilogram
Esperanto: Kilogramo
español: Kilogramo
eesti: Kilogramm
euskara: Kilogramo
فارسی: کیلوگرم
suomi: Kilogramma
français: Kilogramme
Nordfriisk: Kilogram
furlan: Chilogram
Gaeilge: Cileagram
贛語: 公斤
galego: Quilogramo
Avañe'ẽ: Kilogarámo
客家語/Hak-kâ-ngî: Kûng-kîn
עברית: קילוגרם
हिन्दी: किलोग्राम
Հայերեն: Կիլոգրամ
hrvatski: Kilogram
Kreyòl ayisyen: Kilogram
magyar: Kilogramm
interlingua: Kilogramma
Bahasa Indonesia: Kilogram
ייִדיש: קילאגראם
íslenska: Kílógramm
italiano: Chilogrammo
日本語: キログラム
Patois: Kilogram
Basa Jawa: Kilogram
ქართული: კილოგრამი
Кыргызча: Килограмм
қазақша: Килограмм
한국어: 킬로그램
къарачай-малкъар: Килограмм
kurdî: Kîlogram
Latina: Chiliogramma
Lëtzebuergesch: Kilogramm
Limburgs: Kilogram
lumbaart: Chilogram
lingála: Kilogálame
lietuvių: Kilogramas
latviešu: Kilograms
မြန်မာဘာသာ: ကီလိုဂရမ်
македонски: Килограм
മലയാളം: കിലോഗ്രാം
монгол: Килограмм
Bahasa Melayu: Kilogram
Malti: Kilogramm
Plattdüütsch: Kilogramm
नेपाली: किलोग्राम
नेपाल भाषा: किलोग्राम
Nederlands: Kilogram
norsk nynorsk: Kilogram
norsk: Kilogram
occitan: Quilograma
ਪੰਜਾਬੀ: ਕਿਲੋਗ੍ਰਾਮ
polski: Kilogram
پنجابی: کلوگرام
português: Quilograma
Runa Simi: Kilugramu
română: Kilogram
русский: Килограмм
русиньскый: Килограм
संस्कृतम्: किलोग्राम्
sicilianu: Chilugrammu
Scots: Kilogramme
srpskohrvatski / српскохрватски: Kilogram
Simple English: Kilogram
slovenčina: Kilogram
slovenščina: Kilogram
Gagana Samoa: Kilokalama
Soomaaliga: Kiilogaraam
shqip: Kilogrami
српски / srpski: Килограм
Basa Sunda: Kilogram
svenska: Kilogram
Kiswahili: Kilogramu
ślůnski: Kilogram
తెలుగు: కిలోగ్రాము
Tagalog: Kilogramo
Türkçe: Kilogram
українська: Кілограм
اردو: کلوگرام
oʻzbekcha/ўзбекча: Kilogramm
vèneto: Chiłogramo
Tiếng Việt: Kilôgam
Winaray: Kilogramo
吴语: 公斤
中文: 千克
文言: 公斤
粵語: 千克
Bân-lâm-gú: Kong-kin