Keninkryk Skotlân

Keninkryk Skotlân
Rhìoghachd na h-Alba ( Skotsk-Gaelysk)
Kinrick o Scotland ( Skotsk)
843 – 1707
flagge wapen
Flag of Scotland (traditional).svg Royal Coat of Arms of the Kingdom of Scotland.svg
Skotsk: In My Defens God Me Defend
("Yn Myn Noed Sil My God Ferdigenje")
geografyske lokaasje
Kingdom of Scotland.PNG
polityk
haadstêd: Edinburch
offisjele taal: Skotsk-Gaelysk ( 743- 1495)
Skotsk ( 1495- 1707)
steatsfoarm: keninkryk
ûntstien út: ● Keninkryk Dalriada
● Keninkryk Gallowegen
Keninkryk f.d. Pikten
● Keninkryk Strathclyde
Keninkryk Noardumbrje
opgien yn: Flag of Great Britain (1707-1800).svg Keninkryk Grut-Brittanje
no diel fan: Flag of the United Kingdom.svg it Feriene Keninkryk
sifers
ynwennertal:    500.000 (1500)
1.235.000 (1700)
befolkingstichtens: 6,4 / km² (1500)
15,8 / km² (1700)
oerflak: 78.387 / km² (fan ôf 1472)
bykommende ynformaasje
muntienheid: Skotsk pûn

It Keninkryk Skotlân ( Skotsk-Gaelysk: Rhìoghachd na h-Alba; Skotsk: Kinrick o Scotland) wie in ûnôfhinklike steat yn Noardwest-Jeropa dy't neffens de tradysje stifte wie yn 843. Yn 't earstoan wie dit lân beheind ta in diel fan it tsjintwurdige Skotlân, mar meitiid wreide it him fierder út oant it yn 1472, mei de anneksaasje fan 'e Orkney- en Sjetlâneilannen, de foarm fan it hjoeddeistige Skotlân berikte. Yn 1707 gie it Keninkryk Skotlân mei syn súdlike buorsteat, it Keninkryk Ingelân, op yn it feriene Keninkryk Grut-Brittanje, dat him yn 1801, troch de tafoeging fan Ierlân, ûntjaan soe ta it Feriene Keninkryk.

Etymology

De namme "Skotlân" is ôfkomstich fan it wurd Scoti, de Latynske namme foar de Gaelen (de Kelten yn it noardwesten fan 'e Britske Eilannen, dêr't behalven de Skotten ek de Ieren en de Manksen ta hearre). Hoewol't de Latynske term Scotia oarspronklik in oantsjutting foar Ierlân wie, kaam de namme troch de Gaelyske ferovering fan westlik Skotlân, yn 'e sechsde iuw, op dat gebiet te slaan.

It Kastiel fan Edinburch.
Other Languages
Bahasa Indonesia: Kerajaan Skotlandia
italiano: Regno di Scozia
português: Reino da Escócia
srpskohrvatski / српскохрватски: Kraljevina Škotska
Simple English: Kingdom of Scotland
српски / srpski: Краљевина Шкотска
Tiếng Việt: Vương quốc Scotland
Bân-lâm-gú: So͘-kat-lân Ông-kok