Kauaï

Kauaï
Anahola-Beach-Kauai-Trailblazer.jpg
sifers
soarte gebiet eilân
ynwennertal 67.000 (2010)
oerflak 1.430,5 km²
befolkingstichtens 46,8 / km²
polityk
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
steat Flag of Hawaii.svg Hawaï
haadplak Līhu‘e
grutste plak Kapa‘a
oar
tiidsône UTC –10
simmertiid gjin simmertiid
webside www.kauai.gov

Kauaï ( Ingelsk: Kauai, útspr.: [kə'wai.i:], likernôch: "kuh-ûai-ii"; Hawaïaansk: Kaua‘i, útspr.: [kɐṷ'wɐʔi], likernôch "kuh-û-uh-y") is it op trije nei grutste eilân fan 'e Hawaï-arsjipel, in eilannegroep yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. Kauaï hat as bynamme the Garden Isle ("it Túneilân"). Yn 'e mande mei it buoreilân Niïhau is Kauaï ien fan 'e beide meast noardwestlike bewenne eilannen fan Hawaï. De grutste stêd fan Kauaï is Kapa‘a, mar it bestjoerssintrum is Līhu‘e.

Etymology

Neffens de Hawaïaanske mytology is Kauaï ferneamd nei de leaflingssoan fan 'e legindaryske Polynezyske seefarder Hawai‘loa, dy't as earste minske de Hawaï-arsjipel ûntdutsen hawwe soe. In mooglike oersetting foar Kaua‘i út it Hawaïaansk soe "Plak om 'e Nekke" wêze kinne, wylst in oare mooglike fertaling "Jiertiid om te Iten" is.

De lizzing fan Kauaï yn 'e Hawaï-eilannen.

De eilannen Kauaï en Niïhau stiene foarhinne bekend om harren ôfwikende dialekt fan 'e Hawaïaanske taal, dat tsjintwurdich lykwols inkeld noch op Niïhau sprutsen wurdt. Wylst yn 'e Polynezyske oertaal dêr't it Hawaïaansk him út ûntwikkele hie, de fokaal [t] foarkaam, wie dy klank yn it haaddialekt fan it Hawaïaansk ferskood nei de [k] (in lûd dat yn 'e measte oare Polynezyske talen ûntbrekt). It dialekt fan Kauaï en Niïhau hie lykwols de [t] beholden, sadat de eilânnamme fan Kauaï yn it oarspronklike dialekt útsprutsen waard as Taua‘i, wylst de wichtichste delsetting op it eilân, Kapa‘a, fan Tapa‘a hiet.

Other Languages
Afrikaans: Kauai
Alemannisch: Kauaʻi
العربية: كاواي
azərbaycanca: Kauai adası
беларуская: Каўаі
български: Кауаи
català: Kauai
Cebuano: Kaua‘i
čeština: Kauai
dansk: Kauai
Deutsch: Kauaʻi
Ελληνικά: Καουάι
English: Kauai
Esperanto: Kauai
español: Kauai
eesti: Kauai
euskara: Kauai
فارسی: کائوآئی
suomi: Kauai
français: Kauai
Gaeilge: Kauai
galego: Kauai
Hawaiʻi: Kaua‘i
עברית: קאואיי
हिन्दी: कवाई
hrvatski: Kauai
magyar: Kauai
Bahasa Indonesia: Kauai
italiano: Kauai
日本語: カウアイ島
한국어: 카우아이 섬
Latina: Kauai
lietuvių: Kauai
Bahasa Melayu: Kauai
Nederlands: Kauai
norsk nynorsk: Kauai
norsk: Kauai
occitan: Kauai
polski: Kauaʻi
português: Kauai
русский: Кауаи
Scots: Kauai
Simple English: Kauai
српски / srpski: Кауај
svenska: Kauai
ไทย: คาไว
Türkçe: Kauai
українська: Кауаї
اردو: کائوائی
Tiếng Việt: Kauai
中文: 考艾岛