Karel de Keale

Karel de Keale (út syn psalmboek)

Karel de Keale (Frânsk: Charles le Chauve) (Frankfurt am Main, 13 juny 823 - Avrieux (Savoaye), 6 oktober 877) wie kening fan West-Frânsje, it westlik diel fan it Frankyske Ryk.

  • skiednis

Skiednis

Karel de Keale waard berne yn Frankfurt oan de Main as jongste soan fan keizer Loadewyk de Fromme, de ienige út dy syn twadde houlik, mei Judith fan Beieren. By it Ferdrach fan Ferdun (14 febrewaris 843) erfde hy it westlike gedielte fan it troch syn pake Karel de Grutte opboude Frankyske Ryk. Karels gebiet lei westlik fan de rivieren Skelde, Maas, Saône en Rhône. It waard omskreaun as West-Frânsje of West-Frankenlân. Dêrmei wurdt hy beskôge as de earste kening fan Frankryk, hoewol't Hugo Capet faaks in gebrûkliker en bettere kar wêze soe, omdat der yn Karel syn tiid noch net echt sprake is fan in Frânske of Dútse nasjonale identiteit dy't de polityk bepaalt.

Karel hie syn erfenis net sûnder stjit of slach krigen. Syn healbruorren Loadewyk de Dútser en Lotarius I moasten nei de dea fan Loadewyk de Fromme yn 840 bestriden wurde. Yn 842 sluet hy mei Loadewyk de Dútser de Eed fan Straatsboarch tsjin Lotarius.

Yn 860 besocht Karel om'e nocht de besittings fan de soan fan Lotarius Karel fan Provence te feroverjen, mar waard ferslein. Karel krige nei de dea fan Lotarius syn opfolger, Lotarius II fan Loataringen, yn 870 ( Ferdrach fan Meerssen) ek noch in diel fan dy syn Middenryk.

Op 25 desimber 875 waard hy troch paus Johannes VIII ta Roomsk keizer kroane en soe dat oant syn dea yn 877 bliuwe.

Karel de Keale troude yn 843 mei Ermentrudis fan Orléans en yn 870 mei Richildis, dochter fan Bivinus fan Metz, beiden út Frankyske huzen. Twa fan syn bern út it earste houlik oerlibben him: Loadewyk de Stammerder, dy't him opfolge, en Judith fan West-Frânsje.

Judith waard om krysttiid 861 yn Senlis skaakt troch de earste greve fan Flaanderen, Boudewyn I mei de Izeren Earm. Fermoedlik flechten se nei it Kastiel fan Rumbeke, letter fia Loataringen sels nei Rome. Hy boaske har in jier letter yn Auxerre, nei tuskenkomst fan de paus, en lei dêrmei de grûnslach fan it Greefskip Flaanderen.

Yn 864 furdige Karel it Edikt fan Pîtres út.

Other Languages
Alemannisch: Karl der Kahle
العربية: شارل الأصلع
asturianu: Carlos el Calvu
تۆرکجه: شارل تاس
беларуская: Карл II Лысы
беларуская (тарашкевіца)‎: Карл II Лысы
български: Карл II Плешиви
brezhoneg: Karl Voal
Cymraeg: Siarl Foel
čeština: Karel II. Holý
español: Carlos el Calvo
فارسی: شارل تاس
Gaeilge: Séarlas Maol
Bahasa Indonesia: Karl yang Botak
Yorùbá: Charles 1k
italiano: Carlo il Calvo
ქართული: შარლ II მელოტი
Lëtzebuergesch: Charles de Plakapp
македонски: Карло Ќелавиот
Nederlands: Karel de Kale
русский: Карл II Лысый
srpskohrvatski / српскохрватски: Charles II od Francuske
Simple English: Charles the Bald
slovenščina: Karel Plešasti
српски / srpski: Карло Ћелави
українська: Карл II Лисий
Tiếng Việt: Charles Hói
West-Vlams: Karel den Kletsn
吴语: 秃头查理
中文: 秃头查理
粵語: 光頭查理
Bân-lâm-gú: Charles 2-sè