Karel II fan Ingelân

Karel II
Charles-pineapple.jpg

Karel II (Ingelsk: Charles) (St. James's Palace (Londen), 29 maaie 1630 – Paleis fan Whitehall (Londen), 6 febrewaris 1685) wie kening fan Ingelân, Skotlân en Ierlân fan 1660 - 1685.

Hy wie de twadde soan fan kening Karel I en Keninginne Henriëtta Maria, in suster fan kening Loadewyk XIII fan Frankryk.

Jeugd

Syn heit waard ûnthalze as gefolch fan syn machtsstriid mei it parlemint en syn stribjen nei de absolute macht. Karel II wie yn 1646, yn de boargeroarloch, nei Frankryk flechten (hy wenne in skoftsje mei syn húshâlding yn De Haach), mar waard wol offisjeel yn 1649 útroppen ta nije kening fan Ingelân as Karel II. De macht lei lykwols by de Lord Protector Oliver Cromwell en it parlemint.

Yn 1651 foel hy fanút syn Frânske ballingsoard Ingelân binnen, mar Cromwell wie te sterk; neidat hy de slach by Worcester ferlern hie, flechte hy werom nei Frankryk.

Yn 1660, dus nei de dea fan Cromwell, luts de militêre befelhawwer fan Skotlân, generaal Monck, op nei Londen, dêr't hy it "rompparlemint' by elkoar rôp. Yn dizze gearkomst waard Karel weromroppen om de regearing oer te nimmen, wêrfoar't hy romme folmachten krige. Fanút de Republyk kaam hy werom yn Ingelân. Him waard - benammen troch Amsterdam - in grut geskink meijûn, yn de hoop op bettere ferhâldings, mooglik sels in ôfskaffing fan de Akte fan Navigaasje.

Other Languages
беларуская: Карл II Сцюарт
български: Чарлз II
čeština: Karel II. Stuart
eesti: Charles II
Gàidhlig: Teàrlach II
Bahasa Indonesia: Charles II dari Inggris
ქართული: ჩარლზ II
한국어: 찰스 2세
македонски: Чарлс II
norsk nynorsk: Karl II av England
संस्कृतम्: चार्ल्स २
srpskohrvatski / српскохрватски: Charles II od Engleske
Simple English: Charles II of England
српски / srpski: Чарлс II Стјуарт
Tiếng Việt: Charles II của Anh
მარგალური: ჩარლზ II