John W. Campbell Award for Best New Writer

John W. Campbell Award for
Best New Writer
algemiene ynformaasje
nasjonaliteitFlag of the United States.svg Amerikaansk
útrikt foardebút yn science fiction- en
   fantasyliteratuer
útrikt trochWorld Science Fiction Society
frekwinsje1x jiers
plak[ferskilt per jier]
ynsteld1973
1e útrikking1973
offisjele webside
www.wsfs.org

De John W. Campbell Award for Best New Writer ("John W. Campbellpriis foar de Bêste Nije Skriuwer"), ek wol koartwei de Campbell Award neamd, is in Amerikaanske priis dy't ienris yn 't jier útrikt wurdt oan 'e as bêste beoardiele nije skriuwer waans earste profesjonele wurk op it mêd fan science fiction of fantasy publisearre is yn ien fan 'e beide foargeande kalinderjierren. De priis is ferneamd nei John W. Campbell (1910-1971), dy't desennialang njonken syn skriuwerskip ek haadredakteur wie fan it ynfloedrike tydskrift Analog Science Fiction and Fact, en wurdt sponsore troch Dell Magazines, de útjouwer fan Analog. De Campbell Award moat net betize wurde mei de John W. Campbell Memorial Award for Best Science Fiction Novel (oftewol de Campbell Memorial Award), wat in hiele oare priis is dy't útrikt wurdt troch in oare organisaasje.

De Campbell Award waard ynsteld yn 1973, en wurdt útrikt troch de World Science Fiction Society, dy't ek soarch draacht foar it nominaasje- en útornearringsproses. Dat proses fynt plak as ûnderdiel fan 'e oanrin nei de Worldcon (ôfkoarting fan World Science Fiction Convention, of "Wrâldkonvinsje foar Science Fiction"). Leden fan 'e tsjintwurdige en foarrige Worldcons meie skriuwers foar de Campbell Award nominearje. Op grûn dêrfan wurdt in shortlist fan 'e fiif meast nominearden opsteld, dêr't alle leden dan troch in stimming de winner út kieze. De eigentlike útrikking fynt plak op 'e Worldcon, as ûnderdiel fan deselde seremoanje wêrby't ek de prestizjeuze Hugo Awards útrikt wurde. Sûnt 1973 binne der 170 skriuwers foar de Campbell Award nominearre, wêrfan't 42 de priis ek echt wûn hawwe (stân fan saken 1 jannewaris 2014). Ferneamde winners binne bygelyks Jerry Pournelle (1973), C.J. Cherryh (1977), Orson Scott Card (1978), Laura Resnick (1993) en Jo Walton (2002). Foar in folsleine list fan alle winners en nominearden, sjoch op dizze side fan 'e Ingelske Wikipedy.

Other Languages