Jever

Jever
Municipalities in FRI.svg
Sifers
Ynwennertal13.829 (2013)
Oerflak42,13 km²
Befolkingstichtens330 / km²
Hichte9 m
Polityk
LânDútslân
DielsteatNedersaksen
LandkreisFryslân (Nedersaksen)
BoargemasterAngela Dankwardt
Oar
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
WebsideWebstee fan Jever
It wapen fan Jever.
Kastiel Jever.
It âlde stêdssintrum fan Jever.

Jever is in stêd yn Eastfryslân, der wenje likernôch 14.000 minsken. De stêd leit yn de Dútske dielsteat Nedersaksen en is it haadplak fan de lânkrite Fryslân (lânkrite). Jever is ferneamd om de pleatslike bierbrouwerij, it Friesisches Brauhaus, it plak wêr’t it Jever Bier makke wurdt.

Skiednis

In kaart mei it Hearskip Jever fan 1500

Archeologysk ûndersyk toant oan dat Jever in plak is dat stifte waard troch de Sjauken yn de Romeinske Tiid. Yn de 9e iuw waard Jever, en de rest fan Rjustringen, it gebiet by Jever dat doe sa neamd waard, oan de Deenske kening Hariold jûn troch Loadewyk de Fromme. Yn de Midsiuwen wie Jever bekend ûnder de namme Geverae, wat ‘gerslân’ of, yn in oare omskriuwing, ek wol ‘plak fan it Thing’ betsjut. Yn dizze tiid waard Jever oan de hartoch fan Saksen jûn. Letter kaam it ek yn hannen fan de Welfen en Aldenboarch.

Fan âlds wie Jever in wichtich plak. Yn de 10e en 11e iuw hie de stêd in grutte seehaven, dy’t nei ferrin fan tiid troch it slyk ticht gie. Dochs bleaun de stêd in wichtich hannelsplak en krige it yn 1347 stedsrjochten.

Nei de dea fan de lêste haadling fan Jever, Edo Wiemken de Jongere, yn 1511, ferlear Jever harren ôfhinklikheid en kaam it koarte tiid yn hannen fan Greve Edzard de Grutte fan East-Fryslân. Wêrnei it wer ôfhinklik waard ûnder Mary, de dochter fan Edo. Har dea yn 1575 waard in skoftke stil hâlden omdat de lieders fan Jever bang wienen foar it werom kearen fan de Eastfriezen. Yn stee fan de Eastfriezen foel Jever yn hannen fan Aldenboarch. Letter krigen ek de Saksen en Denemark Jever wer foar in skoft yn hannen.

Yn 1667 makke Jever diel út fan it âld-hearskip Anhalt-Serbst. Neidat Freedrik August, dy’t de Ingelsken finansjeel holpen hie yn de Amerikaanske Revolúsjonêre Kriich, yn 1793 stoar, foel Anhalt-Serbst útinoar. De stêd kaam doe yn hannen fan de Russyske tsares Katarina de Grutte, in prinses fan Anhalt-Serbst, dy’t Jever en it gebiet derom hinne erfde.

Jever bleau Russysk oant de komst fan Napoleon. Hy bemastere it gebiet yn 1807, en by de Frede fan Tilsit moasten de Russen it gebiet ôfstean. East-Fryslân wie fan 1808 oant 1810 ûnderdiel fan it Keninkryk Hollân, in Frânske fazalsteat. Kening Loadewyk I fan Hollân stelde Frânsk-Nederlânske generaal Étienne Jacques Travers oan as baron fan Jever. Yn 1813 kaam Jever wer yn hannen fan de Russen, fiif jier letter stienen dizzen it wer ôf oan Aldenboarch.

Omdat Anhalt-Serbst de feilichheid foar Joaden garandearre waard Jever it sintrum fan it Joadske libben yn Eastfryslân. Dit bleaun sa oant it begjin fan de 20e iuw, doe’t in protte jonge joaden nei gruttere steden ta gongen foar in bettere takomst. Letter flechten in protte joaden foar it groeiende antisemitisme. Hjirtroch wenne der yn 1938 noch mar de helte fan it tal minsken dat earder yn Jever wenne, noch mar 98 joaden wienen yn dat jier oer bleaun. De synagoge út 1802 waard yn de Kristalnacht hielendal ôfbrutsen.

Nei de Twadde Wrâldkriich wienen der yn Nederlân fier foardere plannen om in part fan Dútslân, wêrûnder ek Jever, te anneksearjen. By de Dútslânkonferinsje fan 1949 waard besletten om dit plan net troch te fieren.

Other Languages
العربية: يفير
تۆرکجه: یفر
български: Йевер
català: Jever
čeština: Jever
dansk: Jever
Deutsch: Jever
English: Jever
Esperanto: Jever
español: Jever
euskara: Jever
فارسی: یفر
français: Jever
magyar: Jever
italiano: Jever
日本語: イェファー
Кыргызча: Йевер
қазақша: Йевер
Latina: Geverae
македонски: Јевер
Bahasa Melayu: Jever
Plattdüütsch: Jever
Nederlands: Jever
polski: Jever
português: Jever
română: Jever
русский: Йевер
srpskohrvatski / српскохрватски: Jever
slovenščina: Jever
српски / srpski: Јевер
svenska: Jever
Türkçe: Jever
українська: Єфер
اردو: یفر
oʻzbekcha/ўзбекча: Jever
Tiếng Việt: Jever
Volapük: Jever
Winaray: Jever
中文: 耶费尔