Itaalje
English: Italy

Repubblica Italiana
Flagge fan ItaaljeWapen fan Itaalje
FlaggeWapen
Lokaasje fan Itaalje
Offisjele taalItaljaansk
HaadstêdRome
SteatsfoarmRepublyk
Gebiet
% wetter
301.230 km²
2­%
Ynwenners (2003)57.998.353
MuntEuro (EUR)
TiidsôneUTC +1
Nasjonale feestdei2 juny
LânkoadeITA
Ynternet.it
Tillefoan39

Itaalje, sûnt 1946 offisjeel de Italjaanske Republyk, is in lân yn Súd-Jeropa. De haadstêd is Rome en de presidint fan de republyk is sûnt 2015 Sergio Mattarella.

Itaalje wurdt begrinzge troch:

Skiednis

Itaalje bestie foar 1861 net yn steatsferbân, omdat it gebiet ferdield wie yn ferskate lytsere steaten, faak ûnder útlânsk tafersjoch (troch lannen as Eastenryk, Frankryk en Spanje ). Yn de frije steat Piedmont kaam de greve fan Cavour yn 'e fyftiger jierren fan 'e 19e iuw mei plannen om de Eastenrikers út Lombardije en Feneetsje te reagjen, om ta in Noard-Italjaanske steat te kommen. De oare sintrale en súdlike Italjaanske steaten hiene dêr ek belang by en sluten har oan by Piedmont. It slagge Garibaldi yn 1860 om it suden fan Itaalje te feroverjen fan it Keninkryk fan Sisylje, en it Keninkryk Itaalje waard stifte. Vittorio Emanuele II wie de earste kening fan Itaalje. Yn 1861 wiene Latium en Fenetië noch hieltyd net in diel fan Itaalje, se koene har net losmeitsje fan de Paus en de Eastenrykse keizer. Feneetsje kaam nei kriich tsjin Eastenryk yn 1866 by Itaalje, en Latium mei Rome waarden yn 1870 ferovere , tagelyk wie dat de ein fan de pontifikale steat en de macht fan de paus. De paus, lilk om dat foarfal, ferklearre himsels finzen yn 'e Italjaanske Steat, omdat Katolike minsken net meidienen oan it politike barren. Itaalje focht yn 'e earste wrâldkriich mei Grut-Brittanje, Frankryk en Ruslân tsjin de sintrale mogendheden. De kriich waard fochten oan de eastlike grins fan Itaalje, dat begrinzge wurd troch Eastenryk. Nei it 'Caporetto ferlies', like de kriich foar Itaalje ferlern, mar trochdat de alliearden kriich wûnen 1918 wie it oer, en Itaalje krige Súd-Tirol, dat foarhinne Eastenryksk wie, alhoewol't it doe ek al foar in diel bewenne wie troch Italjanen.

1922 wie it jier fan in nije Italjaanske beweging, laat troch Benito Mussolini, lieder fan it Fasisme yn Itaalje. Hy waard regearingslieder en diktator, en neamde himsels 'duce'. Hy begûn in freonskip mei Adolf Hitler en focht oan syn kant mei yn 'e twadde wrâldkriich. Itaalje die fan 1940 ôf mei oan de kriich en stried mei Dútslân tsjin Frankryk, Grut-Brittanje en Ruslân. Op 25 july 1943 kaam de Faksistyske Grutte Rie gear, dêr't Mussolini ôftreedzje moast as regearingshaad. Itaalje wie fan 8 septimber 1943 ôf net mear in meistander fan Dútslân. Itaalje waard in meistander fan Frankryk en Grut-Brittanje, mar it Italjaanske hear wie betiisd, se wisten net mear wa't har fijân wie. Yn it noarden fan Itaaje begûn de Italjaanske beweging Resistenza te fjochtsjen tsjin it Dútske hear. Mussolini besocht it op 'en nij mei in Noardlik Italjaanske Faksisten steat, de Republyk fan Salò, mar dat wie net in súkses. Op 25 april 1945 wie Itaalje frij. De steat waard in republyk op 2 juny 1946, nei in referindum wêrby't froulju foar it earst stimme mochten.

Geografy

Om-ende-by 75% fan Itaalje is bercheftich of heuveleftich en rûchwei 20% fan it lân is bebosk. Der binne smelle stripen fan leechlân lâns de Adriatyske kust en parten fan de Tyrreenske kust.

Eilannen

It lân hat twa grutte eilannen, Sisylje yn it suden en Sardynje yn it westen. It tredde grutte eilân, Korsika, heart by Frankryk. Itaalje hat fansels ek in soad lytsere eilannen, dêr't Elba faaks it ferneamdst fan is. It meast súdlike eilân, Lampedusa, leit tichter by it fêstelân fan Afrika as by it fêstelân fan Itaalje.

Berchten

Om't Itaalje op it Afrikaanske kontinintale plat leit hat de hegere faasje fan Afrika yn Jeropa de Alpen opstood. De noardgrins fan Itaalje leit dan ek oer de toppen fan de Alpen. It grutste berchte dat dêrby binnen de grins leit binne de Dolomiten. Min of te mear oanslutend oan de Frânske Alpen begjint de rêchbonke fan Itaalje, de Apeninen, dy't troch gâns Itaalje nei it suden rinne. Fierders binne der yn Itaalje ferskate fulkanen, dêr't de Fesuvius by Napels, de Etna op Sisylje en it fulkaaneilân Stromboly de ferneamdste binne.

Wetter

De eastkust fan Itaalje is oan de Adriatyske See, dy't fia de Strjitte fan Otranto yn de Ionyske See oergiet, wêrfan de Golf fan Taranto de twa úteinen fan Itaalje skiedet. De Strjitte fan Messina rint tusken it fêstelân en Sisylje troch. Dat eilân hat oan de súdkant de Middellânske See, wêrfan it Malta Kanaal de ôfskieding foarmet fan Malta, en it Sisyliaansk Kanaal de ôfskieding mei Tuneezje. Oan de noardkant fan it eilân leit de Tyrreenske See, dy't fierder beheind wurdt troch Sardynje, Korsika en it fêstelân. Oan it noardein fan it Frânske Korsika skietd de Liguryske See it eilân fan de Italjaanske fêste wal.

Yn it noarden lizze de fjouwer grutte marren fan Itaalje, de Lago Maggiore, de Komo Mar, de Iseo Mar en de Garda Mar. Yn de flakte tusken de Alpen en de Apeninen rint de rivier de Po. Yn de midden fan it lân leit benoarden Rome ek noch in groep marren, wêrûnder de Mar fan Bolsena.

Enklaves

Yn Rome leit it ûnôfhinklike Fatikaanstêd. Noardliker leit ticht by de Adriatyske See San Marino.

Demografy

Befolking

Demografyske ûntwikkeling fan Itaalje

Yn 2003 bestie de befolking fan Itaalje út 57.998.353 ynwenners.

Sûnt it midden fan de njoggentiger jierren hie Itaalje as ien fan de earste Jeropeeske lannen in negative befolkingsgroei. Wat betsjut dat it oantal berten lytser is as it oantal minsken dy't stoarn binne. Lykwols is de lêste 2 à 3 jierren wer sprake fan in hiel lytse groei. Utsein Rome en Palermo hawwe de grutte stêden in omleechgeand oantal ynwenners.

taal

It meastepart fan de befolking sprekt de Italjaanske taal (wêrûnder ferskate dialekten); der binne Dútsk-, Frânsk-, Sloveensk-, Gryksk-, Friulaansk- en Kroatyske- sprekkende minderheden. It Italjaansk komt fan it Latyn (de taal dy't eartiids de Romeinen sprutsen). De Dútsksprekkende minderheid yn Noard-Itaalje wurdt Zimbern neamd.

Godstsjinst

Sawat alle Italjanen binne Roomsk-Katolyk. De Italjaanske haadstêd Rome is de sit fan de Paus.

It-kaart.png

Bestjoerlike yndieling

It lân is ferdield yn 20 regio's, dy’t yn in totaal fan 107 provinsjes wer ûnderferdield binne. Dizze 20 gebieten hawwe parleminten en oerheden. As resultaat fan in referindum fan 2001 binne de regionale foegen ferhege.

Sjoch ek de Italjaanske Regio’s.

Militêr

Struktuer

De Italjaanske definsje hat in lânmacht, loftmacht, marine en militêre polysje (Arma dei Carabinieri).

Mankracht

Yn 2005 wienen der 13.884.079 Italjaanske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 11.285.488 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2005 wienen dat der 31.317.

Budzjet

Militêr budzjet $28 miljard (2003).
Persintaazje fan it BYP 1,8 % (2004).

Gearwurking

Itaalje is in stiftsjend lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949) en de Rie fan Jeropa (1949). Sûnt 1955 is it lân lid fan de Feriene Naasjes. Itaalje is ek in stiftsjend lid fan de Jeropeeske Uny (1957).

Ekonomy

BYP per persoan is $30.900 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 2% lânbou, 27% yndustry en 70,9% tsjinsten.

Transport

Wichtichste havens binne Augusta, Genoa, Livorno, Ravenna, Sarroch, Taranto, Trieste en Feneesje. De fleanfjilden fan Rome, Milaan en Feneesje binne de grutsten fan Itaalje. De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/h.

Itaalje hat (2006):
487.700 km ferhurde dyk.
19.460 km spoardyk.
2.400 km farwetter.

 
Regio's fan Itaalje
Flagge fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje
 
Jeropeeske Uny
Flagge fan de Jeropeeske Uny
Lidsteaten:BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:Frankryk: Frânsk-GuyanaGuadelûp • Martinyk • Majot • Réunion • Sint-Marten
Portegal: AzoarenMadearaSpanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:AlbaanjeNoard-MasedoanjeMontenegroServjeTurkije
Other Languages
Аҧсшәа: Италиа
Acèh: Itali
адыгабзэ: Италие
Afrikaans: Italië
Aymar aru: Italiya
Akan: Italy
Alemannisch: Italien
አማርኛ: ጣልያን
aragonés: Italia
Ænglisc: Italia
العربية: إيطاليا
ܐܪܡܝܐ: ܐܝܛܠܝܐ
مصرى: ايطاليا
অসমীয়া: ইটালী
asturianu: Italia
авар: Италия
azərbaycanca: İtaliya
تۆرکجه: ایتالیا
башҡортса: Италия
Bali: Italia
Boarisch: Italien
žemaitėška: Italėjė
Bikol Central: Italya
беларуская: Італія
беларуская (тарашкевіца)‎: Італія
български: Италия
भोजपुरी: इटली
Bislama: Itali
বাংলা: ইতালি
བོད་ཡིག: ཨི་ཏ་ལི།
বিষ্ণুপ্রিয়া মণিপুরী: ইতালি
brezhoneg: Italia
bosanski: Italija
ᨅᨔ ᨕᨘᨁᨗ: Italia
буряад: Итали
català: Itàlia
Chavacano de Zamboanga: Italia
Mìng-dĕ̤ng-ngṳ̄: É-dâi-lé
нохчийн: Итали
Cebuano: Italya
Chamoru: Italia
Tsetsêhestâhese: Italy
ᏣᎳᎩ: ᎢᏔᎵ
Cymraeg: Yr Eidal
کوردی: ئیتالیا
corsu: Italia
Nēhiyawēwin / ᓀᐦᐃᔭᐍᐏᐣ: ᐃᑕᓖ
qırımtatarca: İtaliya
čeština: Itálie
kaszëbsczi: Italskô
словѣньскъ / ⰔⰎⰑⰂⰡⰐⰠⰔⰍⰟ: Їталїꙗ
Чӑвашла: Итали
dansk: Italien
Deutsch: Italien
Zazaki: İtalya
dolnoserbski: Italska
डोटेली: इटाली
ދިވެހިބަސް: އިޓަލީވިލާތް
ཇོང་ཁ: ཨྀཊ་ལི་
eʋegbe: Italy
Ελληνικά: Ιταλία
emiliàn e rumagnòl: Itâglia
English: Italy
Esperanto: Italio
español: Italia
eesti: Itaalia
euskara: Italia
estremeñu: Italia
فارسی: ایتالیا
Fulfulde: Italiya
suomi: Italia
Võro: Itaalia
Na Vosa Vakaviti: Itali
føroyskt: Italia
français: Italie
arpetan: Étalia
Nordfriisk: Itaalien
furlan: Italie
Gaeilge: An Iodáil
Gagauz: İtaliya
贛語: 意大利
kriyòl gwiyannen: Itali
Gàidhlig: An Eadailt
galego: Italia
Avañe'ẽ: Itália
𐌲𐌿𐍄𐌹𐍃𐌺: 𐌹𐍄𐌰𐌻𐌾𐌰
गोंयची कोंकणी / Gõychi Konknni: इटली
ગુજરાતી: ઈટલી
Gaelg: Yn Iddaal
Hausa: Italiya
客家語/Hak-kâ-ngî: Yi-thai-li
Hawaiʻi: ʻĪkālia
עברית: איטליה
हिन्दी: इटली
հայերեն: Իտալիա
Արեւմտահայերէն: Իտալիա
Fiji Hindi: Italy
hrvatski: Italija
hornjoserbsce: Italska
Kreyòl ayisyen: Itali
magyar: Olaszország
interlingua: Italia
Bahasa Indonesia: Italia
Interlingue: Italia
Igbo: Italy
ייִדיש: איטאליע
Ilokano: Italia
Ido: Italia
Yorùbá: Itálíà
ГӀалгӀай: Итали
íslenska: Ítalía
italiano: Italia
ᐃᓄᒃᑎᑐᑦ/inuktitut: Italy
日本語: イタリア
Patois: Itali
la .lojban.: italias
Jawa: Itali
ქართული: იტალია
Qaraqalpaqsha: İtaliya
Taqbaylit: Ṭelyan
Адыгэбзэ: Италэ
Kabɩyɛ: Itaalii
Kongo: Italia
Gĩkũyũ: Itari
Кыргызча: Италия
қазақша: Италия
kalaallisut: Italia
ភាសាខ្មែរ: អ៊ីតាលី
ಕನ್ನಡ: ಇಟಲಿ
한국어: 이탈리아
Перем Коми: Италья
къарачай-малкъар: Италия
Ripoarisch: Italie
kurdî: Îtalya
коми: Италия
kernowek: Itali
Latina: Italia
Ladino: Italia
Lëtzebuergesch: Italien
лезги: Италия
Lingua Franca Nova: Italia
Luganda: Yitale
Limburgs: Italië
Ligure: Italia
lumbaart: Itàlia
lingála: Italya
لۊری شومالی: ایتالٛیا
lietuvių: Italija
latgaļu: Italeja
latviešu: Itālija
मैथिली: इटाली
Basa Banyumasan: Italia
мокшень: Италие
Malagasy: Italia
олык марий: Италий
Māori: Itāria
မြန်မာဘာသာ: အီတလီနိုင်ငံ
Minangkabau: Italia
македонски: Италија
മലയാളം: ഇറ്റലി
монгол: Итали
मराठी: इटली
Bahasa Melayu: Itali
Malti: Italja
Mirandés: Eitália
مازِرونی: ایتالیا
Dorerin Naoero: Itari
Nāhuatl: Italia
Napulitano: Italia
Plattdüütsch: Italien
Nedersaksies: Italiën
नेपाली: इटाली
नेपाल भाषा: इटाली
Chi-Chewa: Italia
Nederlands: Italië
norsk nynorsk: Italia
norsk: Italia
Novial: Italia
ߒߞߏ: ߌߕߊߟߌ߫
Nouormand: Italie
Sesotho sa Leboa: Italia
occitan: Itàlia
Livvinkarjala: Itualii
Oromoo: Xaaliyaanii
ଓଡ଼ିଆ: ଇଟାଲୀ
Ирон: Итали
ਪੰਜਾਬੀ: ਇਟਲੀ
Pangasinan: Italia
Kapampangan: Italya
Papiamentu: Italia
Picard: Italie
Deitsch: Idali
Pälzisch: Italien
पालि: इटली
Norfuk / Pitkern: Italii
polski: Włochy
Piemontèis: Italia
پنجابی: اٹلی
Ποντιακά: Ιταλία
پښتو: اېټاليا
português: Itália
Runa Simi: Italya
rumantsch: Italia
romani čhib: Italiya
Kirundi: Ubutariyano
română: Italia
armãneashti: Italia
tarandíne: Itaglie
русский: Италия
русиньскый: Італія
Kinyarwanda: Ubutaliyani
संस्कृतम्: इटली
саха тыла: Италия
ᱥᱟᱱᱛᱟᱲᱤ: ᱤᱴᱟᱞᱤ
sardu: Itàlia
sicilianu: Italia
Scots: Italy
سنڌي: اٽلي
davvisámegiella: Itália
Sängö: Italùii
srpskohrvatski / српскохрватски: Italija
සිංහල: ඉතාලිය
Simple English: Italy
slovenčina: Taliansko
slovenščina: Italija
Gagana Samoa: Italia
chiShona: Italy
Soomaaliga: Talyaaniga
shqip: Italia
српски / srpski: Италија
Sranantongo: Italiyanikondre
SiSwati: INtaliyane
Sesotho: Ithali
Seeltersk: Italien
Sunda: Italia
svenska: Italien
Kiswahili: Italia
ślůnski: Italijo
Sakizaya: Italy
தமிழ்: இத்தாலி
ತುಳು: ಇಟಲಿ
తెలుగు: ఇటలీ
tetun: Itália
тоҷикӣ: Итолиё
ትግርኛ: ጣልያን
reo tahiti: ’Itāria
Türkmençe: Italiýa
Tagalog: Italya
Setswana: Italia
Tok Pisin: Itali
Türkçe: İtalya
Xitsonga: Ithali
татарча/tatarça: Италия
chiTumbuka: Italy
Twi: Italy
тыва дыл: Италия
удмурт: Италия
ئۇيغۇرچە / Uyghurche: ئىتالىيە
українська: Італія
اردو: اطالیہ
oʻzbekcha/ўзбекча: Italiya
Tshivenda: Italy
vèneto: Itałia
vepsän kel’: Italii
Tiếng Việt: Ý
West-Vlams: Itoalië
Volapük: Litaliyän
walon: Itåleye
Winaray: Italya
Wolof: Itaali
吴语: 意大利
isiXhosa: IItaly
მარგალური: იტალია
Vahcuengh: Eiqdaihleih
Zeêuws: Itâlië
中文: 意大利
文言: 義大利
粵語: 意大利
Bân-lâm-gú: Í-tāi-lī
isiZulu: ITaliya