Islamityske kalinder

De islamitiske jiertelling is de jiertelling dy't útein set mei it jier dêr't de hidjra yn plakfynt of de emigraasje fan de profeet Mohammed fan Mekka nei Medina en komt oerien mei 15 july of 16 july 622 fan de kristlike jiertelling. It wurdt binnen de Islam brûkt om bepaalde feestdagen en dagen dêr't op fêste wurdt te beskieden. De kalinder wurdt ek brûkt yn Saûdi-Araabje en lannen om dat lân hinne. De jierren wurde dêrneffens oantsjut mei AH (Anno Hegirae), wat in latinisaasje is fan hidjra.

It islamityske jier hat 12 moannen dy't útgean fan de omrin fan it himellichem de moanne. Dêrom hat de Islamityske kalinder 11 dagen minder as in kalinder dy't basearre is op in sinnejier. Dat betsjut dat de islamityske jiertelling stadiger ferrint as de kristlike. Dat is te fernimmen oan de Ramadan, it Sûkerfeest en it offerfeest dat alle jierren in oardel wike betider begjint.

Yn soera It Berou 37 wurdt it ferbod jûn op it taheakjen of fuortlitte fan skrikkeldagen:

Wiswier, it ferstellen sil it net leauwen stypje. Dyjinge, dy't net leauwe wurde sa op 'e doele brocht. It iene jier sille hja it tastean en it oare jier ferbiede hja it(...)

Moannen

Fan alle moannen fan de islamityske kalinder is ramadan meast hillich. Dy moanne wie al in hillige moanne yn de tiid fan polyteisme foar de islam. Yn dy moanne sille alle moslims fêstje wilens de dei. Oan de ein fan dy moanne is der sûkerfeest.

De islamityske moannen ha de neikommende nammen:

  1. Muharram ul Haram (ôfkoarte Muharram) محرّم
  2. Safar صفر
  3. Rabi'-ul-Awwal (Rabi' I) ربيع الأول
  4. Rabi'-ul-Akhir (of Rabi' al-THaany) (Rabi' II) ربيع الآخر أو ربيع الثاني
  5. Jumaada-ul-Awwal (Jumaada I) جمادى الأول
  6. Jumaada-ul-Akhir (of Jumaada al-THaany) (Jumaada II) جمادى الآخر أو جمادى الثاني
  7. Rajab رجب
  8. Sha'aban شعبان
  9. Ramadan رمضان
  10. Shawwal شوّال
  11. Dhul Qadah ذو القعدة (of Thw al-Qi'dah)
  12. Dhul Hijja ذو الحجة (of Thw al-Hijjah)
Other Languages
العربية: تقويم هجري
azərbaycanca: Hicri təqvim
беларуская (тарашкевіца)‎: Мусульманскі каляндар
Esperanto: Islama kalendaro
हिन्दी: हिजरी
interlingua: Calendario islamic
Bahasa Indonesia: Kalender Hijriyah
日本語: ヒジュラ暦
한국어: 이슬람력
कॉशुर / کٲشُر: اِسلامی تَقويٖم
македонски: Исламски календар
Bahasa Melayu: Takwim Hijrah
norsk nynorsk: Muslimsk tidsrekning
srpskohrvatski / српскохрватски: Islamski kalendar
Simple English: Islamic calendar
slovenčina: Islamský kalendár
slovenščina: Islamski koledar
српски / srpski: Исламски календар
Basa Sunda: Kalénder Islam
Türkçe: Hicrî takvim
татарча/tatarça: Һиҗри тәкъвим
ئۇيغۇرچە / Uyghurche: ھىجرىيە تەقۋىمى
oʻzbekcha/ўзбекча: Islomiy taqvim
Tiếng Việt: Lịch Hồi giáo
吴语: 伊斯兰历
中文: 伊斯兰历
粵語: 回曆
Bân-lâm-gú: Islam Le̍k-hoat