Hugo Gernsback

Gernsback sjocht nei in tillefyzjeútstjoering fan syn stasjon WRNY (nov. 1928)

Hugo Gernsback (Lúksemboarch, 16 augustus 1884 - New York City, 19 augustus 1967) wie in útfiner, skriuwer, redakteur en tydskriftútjouwer.

Gernsback wie in soan fan Berta (Dürlacher), hûsfrou, en Moritz Gernsbacher, wynmakker.[1] Syn famylje wie joadsk.[2] Gernsback emigrearre nei de Amearika yn 1904.[3] Hy troude dêr trije kear: mei Rose Harvey yn 1906, Dorothy Kantrowitz yn 1921 en Mary Hancher yn 1951.

Yn 1925 stichte er it radiostasjon WRNY dat útsjoerde fan de 18e ferdjipping fan it The Roosevelt Hotel yn New York City. Teffens wie er belutsen by de earste tillefyzjeútstjoerings.

Gernsback wurdt beskôge as grûnlizzer fan it science fictiongenre, meidat er yn 1926 oan de widze stie fan it allerearste 'echte' SF-tydskrift Amazing Stories. Hy spile ek in rol by it opgong meitsjen fan it science fiction-fandom troch adressen fan briefskriuwers yn syn tydskrift te publisearjen.

De Hugo Award, mei de Nebula Award de wichtichste SF-priis, is nei Gernsback ferneamd.

Gernsback skreau sels ek de science fiction-roman Ralph 124C 41+, mar dat wurk falt mear op troch rikens oan ideeën as troch literêre kwaliteiten. Hy hat yn syn libben ek 80 patinten op syn namme brocht.

Keppelings om utens

Other Languages
تۆرکجه: هوقو قرنسبک
čeština: Hugo Gernsback
Esperanto: Hugo Gernsback
español: Hugo Gernsback
français: Hugo Gernsback
Bahasa Indonesia: Hugo Gernsback
italiano: Hugo Gernsback
한국어: 휴고 건스백
Lëtzebuergesch: Hugo Gernsback
latviešu: Hugo Gernsbeks
Malagasy: Hugo Gernsback
Nederlands: Hugo Gernsback
português: Hugo Gernsback
română: Hugo Gernsback
srpskohrvatski / српскохрватски: Hugo Gernsback
Türkçe: Hugo Gernsback
українська: Г'юго Гернсбек
Tiếng Việt: Hugo Gernsback