Hongaarske Opstân (1848)

Hongaarske Opstân (1848)
March15.jpg
Sándor Petőfi lêst op 15 maart 1949 syn Nasjonaal Gedicht
foar oan in mannichte folk (op in skilderij fan Mihály Zichy).
datum: 15 maart 18484 oktober 1849
plak: Hongarije, Slowakije, Transsylvaanje en
de Woiwodina
útkomst: opstân delslein, status quo noch 20 jier
hanthavene
casus belli: selsbestjoer foar it Keninkryk Hongarije
konfliktpartijen
Flag of Hungarian Revolution of 1848.png    Keninkryk Hongarije
Flag of Bulgaria.svg Banaatbulgaren
Flagge fan de Banater Swaben.PNG Banater Swaben
Flag of Croatia.svg Boargelânkroäten
Flagge fan de Bûnjevatsen (râne).PNG    Bûnjevatsen
Flagge fan de Donauswaben.PNG Donauswaben
Flag of Slovenia.svg Hong. Slovenen
Flagge fan de Hongarijedútsers.PNG Hongarijedútsers
Flagge fan de Karpatendútsers.PNG Karpatendútsers
Flag of Slovakia.svg pro-Hong. Slowaken
Rusyn flag.svg pro-Hong. Roetenen
Flag of Poland.svg Poalske legioenen
Flag of Vienna.svg Weensk legioen
Flag of Germany.svg Dútsk legioen
Flag of Italy.svg Italjaansk legioen
Flag of the Habsburg Monarchy.svg Keizerryk Eastenryk
Croatia-1848.gif Ken. Kroaasje
Flag of Serbian Vojvodina.svg de Serv. Woiwodina
Civil Flag of Serbia.svg Servyske frijwilligers
Austria-Hungary civil flag 1869-1918.svg pro-East. Hongaren
Slovak Flag (1848).svg de Slowaakske
            Nasjonale Ried

Flag of Wallachian Revolution of 1848, vertical stripes.svg Transsylvaanske
             Roemenen
Flag of the Ruthenian National Guard.svg Roeteenske
            Heechste Ried

Flag of Bohemia.svg Boheemske frijw.
Banner of arms of Moravia.svg Moravyske frijw.
Flagge fan de Transsylvaanske Saksen.PNG Sânboarger Saksen
Flag of Russia.svg Keizerryk Ruslân
befelhawwers
Flag of Hungarian Revolution of 1848.png    Lajos Batthyány
Flag of Hungarian Revolution of 1848.png    Lajos Kossuth
Flag of Hungarian Revolution of 1848.png    Artúr Görgei
Flag of Hungarian Revolution of 1848.png    Sándor Petőfi
Flag of Hungarian Revolution of 1848.png    György Klapka
Flag of Hungarian Revolution of 1848.png    János Damjanich
Flag of Hungarian Revolution of 1848.png    Lajos Aulich
Flag of Hungarian Revolution of 1848.png    János Móga
Flag of Poland.svg Józef Bem
Flag of Poland.svg Henryk Dembiński
Flag of Poland.svg Józef Wysocki
Flag of Germany.svg Peter Giron
Flag of Italy.svg Alessandro Monti
Flag of the Habsburg Monarchy.svg keizer Ferdinand I
Flag of the Habsburg Monarchy.svg keizer Frâns Joazef
Flag of the Habsburg Monarchy.svg Alfred I von Windisch-
         Grätz

Flag of the Habsburg Monarchy.svg Ludwig von Welden
Flag of the Habsburg Monarchy.svg J.J. von Haynau
Croatia-1848.gif Josip Jelačić
Flag of Serbian Vojvodina.svg Stevan Knićanin
Slovak Flag (1848).svg Ľudovít Štúr
Flag of Wallachian Revolution of 1848, vertical stripes.svg Avram Iancu
Flag of the Ruthenian National Guard.svg Hryhory Jachymovytsj
Flag of Russia.svg tsaar Nikolaas I
Flag of Russia.svg Ivan Paskevitsj
sterkte
Flag of Hungarian Revolution of 1848.png 150.000

Flag of the Habsburg Monarchy.svg 170.000
Flag of Russia.svg 200.000
ferliezen
Flag of Hungarian Revolution of 1848.png 24.000 deaden

Flag of the Habsburg Monarchy.svg 12.000 deaden
Flag of Russia.svg 13.600 deaden

De Hongaarske Opstân of de Hongaarske Revolúsje fan 1848 wie in algemiene opstân yn 'e etnysk Hongaarske dielen fan it Keninkryk Hongarije, dy't begûn yn it Revolúsjejier 1848. De Hongaren wiene wisberet om selsbestjoer te winnen nei mear as trijehûndert jier oerhearsking troch de Eastenrykske Habsburch- dynasty. Troch in ûnfersoenlike opstelling fan sawol de Eastenrykske konservativen as de Hongaarske separatisten, dy't in folsleine ôfskieding fan Hongarije bewurkmasterje woene, rûn it konflikt út op in iepen rebûlje. Dêrby namen de Hongaren it net inkeld op tsjin 'e Eastenrikers, mar ek tsjin 'e Kroäten, de Serven, de Roemenen, de Slowaken en ferskate oare etnyske minderheden yn eigen lân, dy't de kant fan Eastenryk keazen. Nettsjinsteande dat lieken de Hongaren op 'e oerwinning oan te gean, oant se troch de Russen, dy't bûnsgenoaten fan 'e Eastenrikers wiene, yn 'e rêch oanfallen waarden. Dêrnei wie it rillegau dien mei de opstân. It Eastenrykske leger fierde nei de oerjefte fan 'e Hongaren in skoft lang in wier skrikbewâld yn Hongarije.

Foarskiednis

Troch de groei fan progressive bewegings yn hiel Jeropa dy't politike, bestjoerlike en maatskiplike herfoarmings foarstiene, rekke it regear fan it Keizerryk Eastenryk, dat laat waard troch kânselier Klemens Wenzel von Metternich, yn 'e 1830-er jierren alaarmearre. De Eastenrikers hiene ek hiel wat om oer yn te sitten, want los fan it polityk radikalisme dêr't alle Jeropeeske lannen mei te krijen hiene, waard de ienheid fan Eastenryk ek bedrige troch it opkommende nasjonalisme ûnder de ferskillende befolkingsgroepen.

It keizerryk, of de Donaumonargy, sa't it ek wol neamd waard, bestie nammentlik út in stikmannich ûnderskate lannen, dy't troch in personele uny mei-inoar feriene wiene yn 'e persoan fan 'e keizer. Dy wie behalven keizer fan Eastenryk ek kening fan Bohemen, Dalmaasje, Galysje en Lodomearje, Hongarije, Lombardije-Feneesje, Kroaasje en Slavoanje, foarst fan Transsylvaanje, hartoch fan de Boekovina en Sileezje en markgreve fan Moraavje. It Keninkryk Hongarije wie grutter as it eigentlike Keizerryk Eastenryk, en omfieme behalven it hjoeddeiske Hongarije ek Slowakije, Boargelân (no diel fan Eastenryk), it grutste part Kroaasje, de Woiwodina (no ûnderdiel fan Servje), Transsylvaanje (no ûnderdiel fan Roemeenje) en de uterste westpunt fan wat no de Oekraïne is. De Eastenrykske Dútsers makken eins mar in frij beheinde minderheid út yn in ryk dat fierders befolke waard troch Hongaren, Italjanen, Kroäten, Oekraïners, Poalen, Roemenen, Roetenen, Serven, Slovenen, Slowaken, Tsjechen en in hiele rige lytsere befolkingsgroepen.

Om 'e Hongaren tusken de stringen te hâlden, waard sadwaande yn 1837 de rjochtlinige Fidél Pálffy ta kânselier foar it Keninkryk Hongarije oansteld yn it plak fan 'e moderate Adám Reviczky. Pálffy weefde mei hurde hân ôf mei de opposysje en smiet politike tsjinstanners foar trije oant tsien jier yn it tichthûs. Mar ynstee dat dêrtroch yn Hongarije rêst ûntstie, fitere dit hurde fanwegen kommen de protesten krekt oan. Om't syn oanpak gjin effekt hân hie, waard Pálffy yn 1839 alwer oan 'e kant skood. Dêrnei besocht men it op in oare manear: yn Pozsony (no Bratislava) waard datselde jiers in nije Hongaarske lândei iepene, dêr't ek de opposysje tagong ta krige. Troch in blokkade fan wetsfoarstellen fan it regear wist de opposysje doe in rige herfoarmings ôf te twingen, wêrûnder, yn 1840, in amnesty foar de finzen sette opposanten. Under de frijlittenen wie ek de radikale herfoarmer Lajos Kossuth.

Yn 1843 naam de Hongaarske lândei in wetsfoarstel oan dat fan it Hongaarsk yn Hongarije de offisjele taal meitsje soe (oant doe ta wie dat noch altyd it Latyn). Dat woe sizze dat de wetjouwing tenei yn it Hongaarsk formulearre wurde soe, en dat de amtnerij, it ûnderwiis en de tsjerken har ek fan dy taal betsjinje soene. Dat wie foar de etnyske Hongaren in lang koestere winsk, dy't boppedat de ienwurding fan 'e Hongaarske dielen fan it keninkryk befoarderje soe. Foar de nasjonale minderheden yn Hongarije wie it lykwols in slimmen tsjinslach. Want noch de Hongaarske konservativen, noch de Hongaarske liberalen lieten folle tolerânsje blike en beide streamings woene de minderheden unanym it gebrûk fan it Hongaarsk oplizze (hoewol't by de ynfiering fan 'e taalwet yn 1844 alteast foar Kroaasje in frijstelling gou).

Keizer Ferdinand I fan Eastenryk.

Dizze hurde opstelling wie in ûnnedige flater fan 'e Hongaren, want krekt yn in snuorje dat de striid tsjin it reäksjonêre bewâld yn Wenen ta in klimaks kaam, jagen se hjirmei de minderheden yn 'e earms fan 'e Eastenrikers. De misrekken blykt nammenste grutter as men betinkt dat de Hongaren eins in minderheid yn harren eigen keninkryk foarmen. Neffens de folkstelling fan 1842 wennen der yn it Keninkryk Hongarije ntl. 5.570.000 Hongaren, mar ek 2.470.000 Roemenen, 1.720.000 Slowaken, 1.320.000 etnyske Dútsers, 1.260.000 Kroäten, 1.050.000 Serven, 460.000 Roetenen en Oekraïners en rom 300.000 oaren, lykas Joaden, Roma, Slovenen en Poalen. Fral de progressiven en nasjonalisten yn Kroaasje kanten har earder oan tsjin 'e Hongaarske liberalen as tsjin 'e Eastenrykske konservativen, wylst ûnder de Roemenen, Serven en yn mindere mjitte de Slowaken deselde tendinzen fûn wurde koene. Inkeld de ferstedske en mear ûntwikkele minderheden, lykas de Dútsers en de Joaden, fersetten har net tsjin 'e oanhâldende magyarisaasje.

Mei it ynfieren fan it Hongaarsk as offisjele taal en in hiele rige oare herfoarmings fitere de lândei fan 1843- 1844 de ûnorganisearre herfoarmingsbeweging yn 'e Hongaarske haadstêd Pest yndirekt oan. Nei lange en drege diskusjes rjochten sa'n 1.200 herfoarmers fan ferskate politike kleuren op 15 maart 1847 yn Pest in offisjele politike partij op, dy't de tapaslike namme Ellenzék ("Opposysje") krige. Dizze partij stie ûnder lieding fan twa foaroansteande herfoarmers: de radikale Lajos Kossuth en moderate Ference Deák. Kossuth stribbe nei de ynstelling fan in ûnôfhinklike parlemintêre demokrasy, wylst Deák binnen de besteande grûnwetlike grinzen bliuwe woe. Dizze lieders holden inoar min ofte mear yn lykwicht. De foarsitter fan 'e nije partij waard greve Lajos Batthyány, in foaroanman fan 'e moderate herfoarmers ûnder de Hongaarske adel. Ien fan 'e radikale fleugels fan 'e partij waard oanfierd troch in stikmannich jonge, ideälistyske skriuwers en dichters, lykas Sándor Petőfi, Mór Jókai en János Arany. De tinkbylden fan 'e Hongaarske adel giene har net fier genôch, en dêrom stiene se mei publikaasjes en diskusjes yn it Kofjehûs Pilvax yn Pest in folle yngeander herfoarmingsbelied foar. Mihály Táncsics, in boerefoaroanman waans boeken yn Hongarije net ferskine mochten, late in oare radikale fleugel. It doel fan 'e nije partij waard – nei in soad toulûken tusken de ûnderskate faksjes – it stribjen nei de nasjonale ûnôfhinklikheid fan it Keninkryk Hongarije binnen it gruttere ramt fan 'e Donaumonargy.

Other Languages
Bahasa Indonesia: Revolusi Hongaria 1848
srpskohrvatski / српскохрватски: Mađarska revolucija 1848.
slovenčina: Uhorská revolúcia