Heard en de McDonaldeilannen

Heard en de McDonaldeilannen
Heard Island and the McDonald Islands
Flagge Wapen
Flag of Australia (converted).svg Coat of Arms of Australia.svg
Ingelsk: Australia ("Austraalje")
Heard en de McDonaldeilannen, dy't ûnbewenne binne, fiere de flagge, it wapen en it biedwurd fan Austraalje.
Geografyske lokaasje
Kerguelen-Location.JPG
Algemien
Gebietsdiel fan Flag of Australia (converted).svg Austraalje
Pol. status ekstern territoarium
Haadstêd n.f.t.
Offisjele taal Ingelsk
Ynwennertal (ûnbewenne)
Befolkingstichtens 0 / km²
Oerflak 368 km²
Bykommende ynformaasje
Muntienheid n.f.t.
Tiidsône UTC+5
Tillefoan n.f.t.
Ynternetekstinsje n.f.t.
Webside n.f.t.

Heard en de McDonaldeilannen ( Ingelsk: Heard Island and the McDonald Islands, ôfkoarte ta HIMI) binne in ekstern territoarium fan Austraalje, dat ûnder direkt bestjoer stiet fan it Australyske federale regear. It territoarium bestiet út in ûnherberchsume subantarktyske eilannekloft, op 'e grins fan 'e Yndyske Oseaan en de Súdlike Oseaan. Der wennet gjin minske, behalven út en troch guon wittenskippers. De eilannen hawwe mei-inoar in oerflak fan 368 km².

Lânkaart fan Heard en de McDonaldeilannen.

De eilannen lizze op it Kerguëlenplato, op 53°00′ suderbreedte by 73°30′ easterlingte, wat deselde breedtegraad is as it Súdamerikaanske Fjoerlân en deselde lingtegraad as de Yndiaaske stêd Bombay. De ôfstân ta Perth, yn West-Austraalje, bedraacht 4.099 km, en dy ta Antarktika 1.630 km. De neiste lânmassa wurdt foarme troch de Kerguëlen, in ûnbewenne Frânske eilannegroep, dy't 450 km nei it noardwesten ta leit. Heard en de McDonaldeilannen binne sadwaande ien fan 'e meast ôfhandige plakken op 'e wrâld.

Geology

In sattelytfoto fan it eilân Heard, mei yn 'e midden de 2.745 m hege Mawson Peak- fulkaan.

Geologysk bestiet de arsjipel út stjurringsstientme. De fulkanen dy't de eilannen foarme hawwe, lizze net op in plaatgrins; de grinzen fan 'e Antarktyske plaat mei de Afrikaanske en Australyske platen lizze hûnderten kilometers noardliker. Wierskylik binne de eilannen ûntstien troch in hotspot. It heechste punt is de aktive fulkaan Mawson Peak, mei in hichte fan 2.745 m, op it eilân Heard, dy't ek wol "Big Ben" neamd wurdt. Dat is mei-iens ek de heechste berch fan Austraalje, 517 m heger as de Mount Kosciuszko, de heechste top op it Australyske fêstelân. De fulkaan op it eilân McDonald is, nei't er sa'n 75.000 jier sliept hat, yn 1992 wer aktyf wurden en is sûnt ferskate kearen útbarst.

Other Languages
беларуская (тарашкевіца)‎: Востраў Гэрд і астравы Макдоналд
български: Хърд и Макдоналд
srpskohrvatski / српскохрватски: Otok Heard i otočje McDonald