Gromosoom

Gromosoom.png
46 gromosomen fan in frou
Gromosoom by seldieling
   1. Gromatide
   2. Sintromear
   3. Koarte earm
   4. Lange earm
Gromosomepreparaat
Gromosomen fan de minske

In gromosoom [Gryksk: χρώμα (groma) = kleur; σώμα (sooma) = lichem] is in drager fan in part fan it erflik materiaal ( DNA) fan in organisme. It is in mei kleurstoffen goed sichtber te meitsjen aaiwytstruktuer yn de selkearn fan eukaryoaten. Prokaryoaten ( baktearjes en archaea) hawwe gjin echte gromosomen mar ringfoarmich DNA, lykas plastiden en mitogondryen. By de seldieling wurde de gromosomen goed sichtber troch gearlûken (kondinsaasje) fan it gromatine. Oan de ein fan in gromosoom sit in telomear. Der binne autosomen, X-gromosomen en Y-gromosomen.

By diploïde organismen, ek by de minske, komme gromosomen foar yn spantsjes fan homologe gromosomen, wêrby’t ién eksimplaar fan de mem komt en it oare fan de heit. Homologe gromosomen ha in likense opbou, mar binne net identyk.

Gewoanwei hat in minske 46 gromosomen (23 pear). By de seldieling ferdûbelet elk gromosoom him en bestiet dan tydlik út twa identike gromatiden. De selkearn befettet dan 92 gromatiden. As de gromatiden fan elkoar skieden binne bliuwe der 92 dochtergromosomen oer, dy’t letter ferdield wurde oer twa dochtersellen, sadat elke sel wer 46 gromosomen hat.

Algemien

Faak hearre jo dat it gromosoom drager is fan de erflike eigenskippen ( genen). Yn strikte sin is dit lykwols it DNA, dêr’t in gromosoom út opboud is. Gromatine bestiet út DNA dat om gromatine-aaiwiten ( histonen) hinne draaid is. Yn de perioade tusken twa seldielings is gromatine in lang string en as in kerrelige struktuer te sjen yn de selkearn. By de seldieling ferdûbelet it gromatine him troch replikaasje, mar beide helten (de gromatiden) bliuwe earne yn de midden ferbûn op in plak dat sintromear neamd wurdt. Hjirtroch ûntstiet de bekende X-foarm. Nei’t de gromatiden fan elkoar skieden binne, is de X-foarm ferdwûn en hat it gromosoom syn langwerpige staafkefoarm wer.

Other Languages
Afrikaans: Chromosoom
Alemannisch: Chromosom
العربية: كروموسوم
asturianu: Cromosoma
azərbaycanca: Xromosom
تۆرکجه: کوروموزوم
беларуская: Храмасома
български: Хромозома
brezhoneg: Kromozom
bosanski: Hromosom
català: Cromosoma
Mìng-dĕ̤ng-ngṳ̄: Niēng-sáik-tā̤
Cymraeg: Cromosom
کوردی: کرۆمۆسۆم
čeština: Chromozom
dansk: Kromosom
Deutsch: Chromosom
Ελληνικά: Χρωμόσωμα
English: Chromosome
Esperanto: Kromosomo
español: Cromosoma
eesti: Kromosoom
euskara: Kromosoma
فارسی: کروموزوم
suomi: Kromosomi
français: Chromosome
Nordfriisk: Kromosoom
Gaeilge: Crómasóm
galego: Cromosoma
客家語/Hak-kâ-ngî: Ngiam-set-thí
עברית: כרומוזום
हिन्दी: गुण सूत्र
Հայերեն: Քրոմոսոմ
hrvatski: Kromosomi
Kreyòl ayisyen: Kwomozòm
magyar: Kromoszóma
Bahasa Indonesia: Kromosom
ייִדיש: כראמאזאם
Yorùbá: Krómósómù
íslenska: Litningur
italiano: Cromosoma
日本語: 染色体
Basa Jawa: Kromosom
ქართული: ქრომოსომა
Кыргызча: Хромосомалар
한국어: 염색체
Kurdî: Kromozom
Latina: Chromosoma
lumbaart: Cromusoma
lietuvių: Chromosoma
latviešu: Hromosoma
олык марий: Хромосом
မြန်မာဘာသာ: ခရိုမိုဆုမ်း
македонски: Хромозом
монгол: Хромосом
मराठी: गुणसूत्र
Bahasa Melayu: Kromosom
नेपाली: गुणसूत्र
Nederlands: Chromosoom
norsk nynorsk: Kromosom
norsk: Kromosom
occitan: Cromosòma
ਪੰਜਾਬੀ: ਗੁਣਸੂਤਰ
polski: Chromosom
پنجابی: کروموسوم
português: Cromossomo
română: Cromozom
русский: Хромосома
Scots: Chromosome
srpskohrvatski / српскохрватски: Kromosom
Simple English: Chromosome
slovenčina: Chromozóm
slovenščina: Kromosom
shqip: Kromozomi
српски / srpski: Хромозом
Basa Sunda: Kromosom
svenska: Kromosom
Kiswahili: Chembeuzi
తెలుగు: వారసవాహిక
тоҷикӣ: Хромосома
Tagalog: Kulaylawas
Türkçe: Kromozom
татарча/tatarça: Хромосома
українська: Хромосома
oʻzbekcha/ўзбекча: Xromosomalar
Tiếng Việt: Nhiễm sắc thể
Winaray: Kromosoma
isiXhosa: I-chromosome
中文: 染色体
粵語: 染色體
Bân-lâm-gú: Jiám-sek-thé