Golden Raspberry Award

Golden Raspberry Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
útrikt foar minste films
útrikt troch Golden Raspberry Award
   Foundation
frekwinsje 1x jiers
datum ein febrewaris
plak Hollywood ( Kalifornje)
ynsteld 1982
1e útrikking 1981 (sjoch tekst)
offisjele webside
www.razzies.com

De Golden Raspberry Awards binne in groep Amerikaanske anty-prizen, dy't útrikt wurde foar de minste prestaasjes op it mêd fan 'e film. Dizze prizen ûntstiene yn 1981, doe't de Amerikaanske tekstskriuwer John J.B. Wilson, dy't op 'e jûns dat yn 'e Feriene Steaten de útrikking fan 'e Oscars live útstjoerd waard altyd in feest by him thús joech, syn gasten frege om prizen ta te kennen foar de minste prestaasjes op filmgebiet. Neitiid besleat er dat barren te formalisearjen, en rjochte er dêrom de Golden Raspberry Award Foundation op, dy't de tawizing en útrikking fan 'e prizen sûnt yn 'e hannen hat.

De namme fan 'e prizen ferwiist nei it Ingelske wurd raspberry, dat (njonken de haadbestjutting framboas) ek de namme is foar it lûd dat men makket as men de tonge tusken de lippen stekt en docht as oft men ôfskyt. De prizen wurde op jierlikse basis ein febrewaris útrikt yn njoggen ûnderskate kategoryen. Der wurdt dan in offisjele útrikkingsseremoanje holden yn Hollywood, mar de measte 'winners' komme net opdaagjen om harren 'priis' yn ûntfangst te nimmen. Utsûnderings wiene Tom Green (minste akteur & minste regisseur), Halle Berry (minste aktrise), Sandra Bullock (minste aktrise) en Paul Verhoeven (minste regisseur).

Kategoryen

  • minste film
  • minste regisseur
  • minste akteur
  • minste aktrise
  • minste byrol fan in akteur
  • minste byrol fan in aktrise
  • minste filmkombinaasje (fan in akteur en in aktrise) (sûnt 1994)
John J.B. Wilson by de útrikking fan 'e troch him betochte 'prizen' yn 2009.
spesjale kategoryen
  • minste oeuvrepriis (Worst Career Achievement Award)
  • Governor's Award (útrikt troch 'gûverneur' John J.B. Wilson foar 'prestaasjes' dy't bûten de fêste kategoryen falle)
ophefte kategoryen
  • minste oarspronklike liet (1981-1999 & 2002)
  • minste nije stjer (1981-1998, útsein 1989)
  • minste filmmuzyk (1981-1985)
  • minste special effects (1986-1987)
oare kategoryen

Fierders binne der noch ferskate kearen Golden Raspberry Awards útrikt yn kategoryen dy't mar ien jier bestien hawwe.

Other Languages
беларуская: Залатая маліна
български: Златна малинка
čeština: Zlatá malina
français: Razzie Awards
hrvatski: Zlatna malina
Bahasa Indonesia: Golden Raspberry Award
italiano: Razzie Awards
lietuvių: Auksinė avietė
Bahasa Melayu: Anugerah Raspberi Emas
português: Framboesa de Ouro
română: Zmeura de Aur
Simple English: Golden Raspberry Awards
slovenčina: Zlatá malina
українська: Золота малина
Tiếng Việt: Giải Mâm xôi vàng
吴语: 金草莓奖
მარგალური: ორქოშ მუჸი
中文: 金酸莓獎