Freark Hindrik fan Oranje-Nassau

Freark Hindrik skildere troch Michiel Jansz van Mierevelt.

Freark Hindrik (Delft, 29 jannewaris 1584De Haach, 14 maart 1647), Prins fan Oranje, Greve fan Nassau, waard berne as ienige soan fan Willem fan Oranje en Louise de Coligny. Hy folge yn 1625 syn healbroer prins Maurits op as steedhâlder. As oerbefelhawwer (Kapitein-Generaal) fan it leger joech hy, krektas Maurits, de foarkar oan it belegerjen fan stêden boppe beslissende fjldslaggen, omdat de Spaanske ynfantery noch altyd tige duchtich wie. Hy krige dêrtroch de bynamme 'stêdetwinger'.

Steedhâlder

Doe't syn broer Maurits fan Oranje op 23 april 1625 ferstoar, folge Freark Hindrik him op as steedhâlder en legeroanfierder. It jier dêrnei begûn hy mei syn neef Ernst Kasimir, steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte, in fjildtocht tsjin de Spaanske Nederlannen, en ferovere yn dat jier Oldenzaal. Yn 1627 wûn hy it Belis fan Groenlo.

Brabân en Gelre

Yn 1628 wist de kaper Piet Hein in Spaanske Sulverfloat te feroverjen, dêr't er in ûnmeugende skat foar de Republyk mei wûn. Freark Hindrik koe dit goed brûke yn syn striid en it oare jier naam er de moerasdraak, De Bosk, yn.

Troch syn militêre sjeny slagge it him it grûngebiet fan de Republyk fierder út te wreidzjen nei it suden; By de Fjildtocht de Maas Bylâns, yn 1632, foel Opper-Gelre yn syn hannen troch it ynnimmen fan de stêden Fenlo en Roermond (by de lêste sneuvele Ernst Kasimir). Hy ferfolge syn paad nei Maastricht, dêr't in bestoarming fan de stêd mislearre. Troch in belis koe Freark Hindrik de stêd lykwols dochs ynnimme.

Koart nei dizze oerwinnings soe Freark Hindrik it plan hân hawwe om Brussel oan te fallen, mar hy hat dit om ûnbekende redenen net dien. Mûglik hat er harke nei de Hollânske steaten, dy't yn de tiid fan Prins Maurits ek al poer op de befrijing fan de Flaamske stêden tsjin wienen.

Other Languages