Fossyl

In boarkern mei in kokkelsoart út it Plioseen

Under fossilen wurde ferstien alle resten en spoaren fan planten en dieren dy't yn de boaiem fan de ierde konservearre binne. Wol gauris wurdt der tocht dat fossilen altyd 'ferstiend' binne, mar dat hoecht net. It wurd fossyl is ôflaat fan it Latynske fossilis, dat "opdold" betsjut. De wittenskip dy't fossilen bestudearret hjit paleontology.

Soarten fossilen

De ûndertsjeak fan in Mammoet

Fossilen wurden faak yn ferbân brocht mei de bonken fan dinosauriërs of fan mammoeten en it is yndied sa dat de hurde parten fan in organisme de grutste kâns meitsje om troch fossilisaasje konservearre te wurden. By dieren mei wringen binne dat de bonken en benammen de tosken. De sêftere weefsels fan it organisme bliuwe allinnich yn bysûndere gefallen bewarre en binne sadwaande tige seldsum. De sêftere weefsels wurde allinne bewarre as se gau bedobbe reitsje ûnder in laach dy't se ôfskermet tsjin it rottingsproses of opfretten wurde troch dieren. Mei allinne de hurde parten is it somtiids dreech op in goed byld te krijen fan it komplete oragnisme.

Der bestean in oantal bysûndere foarmen fan fossilisaasje. Yn barnstien bygelyks wurde soms folseine ynsekten fûn dy't ynsletten binne omdat de hars wêr't de barnstien út ûntstien is in goede ôfsluting foarmet tsjin oksidaasje. Datselde jildt yn it grut ek foar tarputten. Yn de omkriten fan de Amerikaanske stêd Los Angeles is de La Brea tarputten hjir in goed foarbyld fan. Fan de dieren dy't yn dizze tarput finzen rekke binne, bleaune de bonken faak tige goed bewarre. Boppedat loeken de dieren dy't fêst kamen te sitten faak rôfdieren oan dy't ek wêr ferstrikt rekken. Op dizze wize waard tidens it Pleistoseen in "bonketsjerkhôf" foarme.

Neist bonken wurde ek oare spoaren fan libben fûn, lykas printsels fan poaten.

Other Languages
Afrikaans: Fossiel
العربية: مستحاثة
asturianu: Fósil
azərbaycanca: Fosil
تۆرکجه: فوسیل
беларуская: Акамянеласці
български: Вкаменелост
বাংলা: জীবাশ্ম
brezhoneg: Karrekaenn
bosanski: Fosili
català: Fòssil
Mìng-dĕ̤ng-ngṳ̄: Huá-siŏh
Cymraeg: Ffosil
čeština: Fosilie
dansk: Fossil
Deutsch: Fossil
Ελληνικά: Απολίθωμα
English: Fossil
Esperanto: Fosilio
español: Fósil
eesti: Kivistis
euskara: Fosil
فارسی: سنگواره
suomi: Fossiili
français: Fossile
Gaeilge: Iontaise
galego: Fósil
עברית: מאובן
हिन्दी: जीवाश्म
hrvatski: Fosil
Kreyòl ayisyen: Fosil
magyar: Fosszília
Bahasa Indonesia: Fosil
ייִדיש: פאסיל
Ido: Fosilo
íslenska: Steingervingur
italiano: Fossile
日本語: 化石
Basa Jawa: Fosil
қазақша: Қазындылар
한국어: 화석
Latina: Fossile
Limburgs: Fossiel
lietuvių: Fosilija
latviešu: Fosilijas
Basa Banyumasan: Fosil
македонски: Фосил
മലയാളം: ജീവാശ്മം
मराठी: जीवाश्म
Bahasa Melayu: Fosil
Plattdüütsch: Fossil
नेपाली: जीवावशेष
Nederlands: Fossiel
norsk nynorsk: Fossil
norsk: Fossil
occitan: Fossil
ଓଡ଼ିଆ: ଜୀବାଶ୍ମ
ਪੰਜਾਬੀ: ਪਥਰਾਟ
português: Fóssil
Runa Simi: Rumiyasqa
română: Fosilă
русский: Фоссилии
Scots: Fossil
سنڌي: فاسل
srpskohrvatski / српскохрватски: Fosil
සිංහල: පොසිල
Simple English: Fossil
slovenčina: Fosília
slovenščina: Fosil
shqip: Fosilet
српски / srpski: Фосил
Basa Sunda: Fosil
svenska: Fossil
Kiswahili: Kisukuku
తెలుగు: శిలాజము
Tagalog: Posil
Türkçe: Fosil
اردو: احفور
Tiếng Việt: Hóa thạch
West-Vlams: Fossiel
Winaray: Posil
中文: 化石
粵語: 化石
Bân-lâm-gú: Hòa-chio̍h