Federalisme

It federalisme is in steatsfoarm wêrby't gjin sintraal steatgesach foarstien wurdt. YNstee dêrfân wurdt oan de ôfsûnderlike dielen in soad selsstannichheid jûn, mar sûnder dat it bnasjonale of federale nivo bestiet by de graasje fan de dielsteaten. In steat dy't sa ynrjochte is hjit in dielsteat. De FNP stiet ek feralisme foar.

Yn 1949 waard yn Ljouwert de FFE (Fryske Foriening foar in Federaal Europa) oprjochte, dy't yn 1950 yn de mande mei fertsjintwurdigers fan oare "nasjonale minderheden" de "Union Fédéraliste des Communautés Ethniques Européennes" stifte. Sekretaris fan begjin ôf oan wie Povl Skadegaard yn Rungsted-Kyst út Denemark. Der wie yn de earste jieren ek ferbining mei oare organisaasjes yn de Europeeske Beweging yn Europa. De earste sekretaris wie dr. yr. J.B. van der Meulen út Marsum; dr. W. Kok út Ljouwert hat in oantal jierren presidint fan de UFCE west. Yn 1950 en 1965 trede de FCE op as gasthear fan in UFCE-kongres. Yn 1952 kaam der neist de FCE in FFJ (Fryske Federalistyske Jongerein) mei as sintrale figuer G.R. Joustra te Ljouwert. Oant 1961 wie de FFJ lid fan de Nederlânske Jongereinried fan de Europeeske Beweging, dêr't de organisaasje ek ynsidinteel troch subsidiearre waard. Der waarden konferinsjes hâlden mei bûtenlânske sprekkers.

Neidat beide organisaasjes in tiid lang net folle inisjatyven ûntploaid hienen, namen leden fan de beide bestjoeren it wurk wer op. Der waard dielnomd oan konferinsjes fan de UFCE en der waarden fannijs kontakten lein mei ûnder oare Flamingen, Bretons en Basken. Ek waarden lytse brosjueres útjûn oer Fryslân en de Fryske Beweging yn it Nederlânsk, Frânsk, Dútsk en Ingelsk.

  • boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Other Languages
Alemannisch: Föderalismus
العربية: فدرالية
ܐܪܡܝܐ: ܦܕܪܠܝܐ
asturianu: Federalismu
беларуская: Федэралізм
български: Федерализъм
भोजपुरी: संघवाद
català: Federalisme
Cebuano: Pederalismo
Cymraeg: Ffederaliaeth
کوردی: فێدراڵیزم
čeština: Federalismus
Deutsch: Föderalismus
Thuɔŋjäŋ: Miiriwatwuɔt
English: Federalism
Esperanto: Federaciismo
español: Federalismo
euskara: Federalismo
فارسی: فدرالیسم
français: Fédéralisme
furlan: Federalisim
galego: Federalismo
עברית: פדרליזם
हिन्दी: संघवाद
Bahasa Indonesia: Federalisme
italiano: Federalismo
日本語: 連邦主義
ქართული: ფედერალიზმი
қазақша: Федерализм
한국어: 연방주의
Limburgs: Federalisme
lumbaart: Federalism
मैथिली: सङ्घीयता
Bahasa Melayu: Federalisme
مازِرونی: فدرالیسم
नेपाली: सङ्घीयता
Nederlands: Federalisme
norsk nynorsk: Føderalisme
occitan: Federalisme
polski: Federalizm
română: Federalism
русский: Федерализм
Scots: Federalism
Simple English: Federalism
slovenčina: Federalizmus
Soomaaliga: Federaaliisim
српски / srpski: Федерализам
svenska: Federalism
Tagalog: Pederalismo
українська: Федералізм
中文: 联邦主义