De Aventoeren fan Tom Sawyer

De Aventoeren fan Tom Sawyer
Tom Sawyer - bookcover.jpg
oarspr. titelThe Adventures of Tom Sawyer
auteurMark Twain
taalIngelsk
foarmroman
sjenreberneboek, aventoereroman
1e publikaasje1876, Chicago
oarspr. útjwr.The American Publishing
   Company

De Aventoeren fan Tom Sawyer, yn it oarspronklike Ingelsk: The Adventures of Tom Sawyer, is in roman fan 'e grutte Amerikaanske skriuwer Mark Twain (1835-1910). It ferhaal fertelt fan 'e eksploaten fan 'e ûndogenske jonge Tom Sawyer, dy't (krekt as Twain sels) yn 'e 1840-er jierren opgroeit, yn it fiksjonele plak St. Petersburg (basearre op Hannibal, yn 'e steat Missoury, dêr't Twain wenne), oan 'e igge fan 'e rivier de Mississippy. De Aventoeren fan Tom Sawyer, dat foar it earst publisearre waard yn 1876, is ien fan Twain syn bekendste boeken, en is withoefolle kearen adaptearre ta oare media, lykas films, tillefyzjesearjes, toaniel, musikals en ballet. Yn 1985 ferskynde der by de Afûk fan dit ferhaal in Frysktalige bewurking foar jongerein.

Other Languages
беларуская (тарашкевіца)‎: Прыгоды Тома Соера
norsk: Tom Sawyer
srpskohrvatski / српскохрватски: The Adventures of Tom Sawyer
српски / srpski: Doživljaji Toma Sojera