Brulloft

In breid en brêgeman op harren brulloft.

In brulloft of in trouwerij is in feest dat fierd wurdt as twa minsken in houlik mei-inoar slute. Dêrby giet it meastal om in man en in frou, mar sûnt de ynfiering fan it homohoulik kinne it ek twa manlju of twa froulju wêze. De beneaming 'brulloft' wurdt ek wol brûkt om alle rituëlen mei oan te tsjutten dy't op 'e troudei plakfine. De tradysjes en gebrûken dy't mank geane mei in brulloft ferskille sterk per kultuer, lân, religy, sosjale klasse en etnisiteit. Oer it algemien kin steld wurde dat der troch de breid en brêgeman frijwol altyd trou-ûnthjitten útwiksele wurde, en faak ek ûnderlinge jeften ( ringen, blommen, jild). Neitiid wurdt it houlik bekendmakke troch immen dy't beklaaid is mei in beskaat gesach. Fierders draacht men yn 'e regel de ferklaaiersklean, net inkeld it breidspear, mar ek de gasten. De houliksseremoanje wurdt faak folge troch in feest foar de gasten.

Brulloften yn Fryslân

Yn Fryslân bestiet in trouwerij ornaris út 'e folgjende ûnderdielen:

  • It harsels oanklaaien fan it breidspear. De brêgeman draacht ornaris in swart of griis trijedielich pak (dat yn it ferline faak hierd wie) mei in wyt oerhimd derûnder en in dûnkerkleurige strik of flinterstrik. Foarhinne hearden dêr ek in swarte hege hoed en in pear tinne wite of grize wanten by. De breid is klaaid yn 'e breidsjurk, in djoere ankellange jûpe mei in sleep en in wale, dy't tradysjoneel wyt fan kleur is. Fan oarsprong mocht in wite jurk inkeld droegen wurde troch in breid dy't noch nea seksuële omgong mei in man hân hie, mar dêr lûkt tsjintwurdich nimmen him mear wat fan oan. In oar tradysjoneel gebrûk is dat de brêgeman de breidsjurk net foar de troudei sjen mei, en ek de breid sels mei er ien of twa dagen foarôfgeande oan 'e trouwerij net sjen. It ferbrekken fan dat gebrûk soe ûngelok bringe.
  • It ôfheljen fan 'e breid en har tsjûgen by har of har âlden thús troch de brêgeman mei syn tsjûgen. Faak wurdt dêrby gebrûk makke fan in bysûndere foarm fan ferfier, lykas in hierde limûsine of in troch hynders lutsen rydtúch.
  • De (ferplichte) sluting fan in wetlik, boargerlik houlik troch in dêrta machtige gemeentlik amtner. Dit fynt ornaris op it gemeentehûs fan 'e oangeande gemeente plak, al wurdt soks tsjintwurdich almar mear dien op in oare, mear pittoreske (mar wol troch de gemeente goedkarde) lokaasje.
  • De (opsjonele) sluting fan in tsjerklik houlik (of in houlik neffens in oare godstsjinst as it kristendom), troch in predikant of oare foargonger ûnder in religieuze plechtichheid yn in tsjerke of in oar godshûs. Hjirby wurde de trou-ûnthjitten útsprutsen en de trouringen útwiksele. De plechtichheid einiget mei it optillen troch de brêgeman fan 'e wale fan 'e breid sadat er har tútsje kin. As it breidspear net leauwich is, ferfalt it tsjerklik houlik en wurdt fan 'e sluting fan it boargerlik houlik meastal in wiidweidiger plechtichheid makke mei it útwikseljen fan trou-ûnthjitten, ringen en tút.
Alderwetske troufoto. Spanje, 1935.
  • In feestlik gastmiel foar it breidspear en de neiste famyljeleden en freonen, wêrby't faak troch de âlden of de tsjûgen ien of mear tapraken holden wurde. Tsjintwurdich wurdt hjirby faak in breidstaart oansnien, wat in nij gebrûk is, dat oerwaaid is út Hollân en dêrhinne út 'e Feriene Steaten.
  • In resepsje mei oanslutend in feest (de eigentlike brulloft), dy't yn 'e regel op 'e jûn holden wurdt. Dêrby ûntfangt it breidspear net inkeld de neiste famyljeleden en freonen, mar ek minder goede freonen, buorlju, kollega's, sakerelaasjes en oare kunde, dy't útnûge binne fia it ferstjoeren fan troukaarten. Under de brulloft wurde der faak foardrachten en taspraken holden, sketches opfierd en ferskes songen troch famylje en freonen, wêrby't de libbensrin fan breid en brêgeman yngeand beljochte en op mylde wize bespot wurdt. Letter op 'e jûn is der ornaris live- muzyk en kin der dûnse wurde. Oan 'e ein fan 'e jûn wurdt it blomstik dat de breid de hiele dei by har droegen hat, it saneamde breidsboeket, troch har oer har rjochterskouder nei efteren smiten nei in groep dy't alle jonge, net-troude froulike gasten omfiemet; wa't it boeket fangt, is neffens de tradysje de folgjende dy't trouwe sil. Ek dit gebrûk fynt syn oarsprong yn 'e Feriene Steaten, en kaam oarspronklik yn Fryslân net foar.

Nei ôfrin fan 'e brulloft folget de houliksnacht, wêrnei't it breidspear tsjintwurdich faak op houliksreis giet.

Other Languages
aragonés: Voda
العربية: زفاف
azərbaycanca: Toy
Boarisch: Boarische Hozad
беларуская: Вяселле
беларуская (тарашкевіца)‎: Вясельле
български: Сватба
brezhoneg: Eured
буряад: Хурим түрэ
català: Casament
čeština: Svatba
Чӑвашла: Туй
dansk: Bryllup
English: Wedding
Esperanto: Nupto
español: Boda
euskara: Eztei
فارسی: عروسی
suomi: Häät
français: Noces
Gaeilge: Bainis
Gàidhlig: Banais
galego: Voda
客家語/Hak-kâ-ngî: Fûn-lî
עברית: חתונה
Հայերեն: Հարսանիք
hrvatski: Vjenčanje
magyar: Esküvő
Bahasa Indonesia: Pernikahan
ייִדיש: חתונה
íslenska: Gifting
italiano: Nozze
日本語: 結婚式
қазақша: Үйлену тойы
한국어: 결혼식
Latina: Nuptiae
lietuvių: Vestuvės
latviešu: Kāzas
မြန်မာဘာသာ: ထိမ်းမြားမင်္ဂလာ
македонски: Свадба
монгол: Гэрлэлт
кырык мары: Сӱӓн
Bahasa Melayu: Nikah
مازِرونی: ویلاج
Nederlands: Bruiloft
norsk nynorsk: Vigsel
norsk: Bryllup
Nouormand: Neuche
Livvinkarjala: Svuad'bu
polski: Ślub
português: Boda
română: Nuntă
русский: Свадьба
Scots: Waddin
سنڌي: وھانءُ
srpskohrvatski / српскохрватски: Vjenčanje
Simple English: Wedding
slovenčina: Sobáš
slovenščina: Poroka
chiShona: Muchato
Soomaaliga: Aroos
српски / srpski: Венчање
svenska: Bröllop
Kiswahili: Harusi
Tagalog: Kasalan
Setswana: Wedding
Türkçe: Nikâh
татарча/tatarça: Туй
українська: Весілля
oʻzbekcha/ўзбекча: Nikoh toʻyi
Tiếng Việt: Lễ cưới
walon: Noice
中文: 婚礼
粵語: 婚禮