Brief oan de Romeinen

Brief oan de Romeinen
oarspr. titel Επιστολή προς Ρωμαιους
("Epistoli pros Romaious")
auteur Paulus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 5557 n.Kr.
rige Nije Testamint
● foarich diel Hannelingen fan de Apostels
● folgjend diel Earste Brief oan de Korintiërs
bondel Bibel
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Brief oan de Romeinen
publikaasje 1933, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en  E.B. Folkertsma

It Brief oan de Romeinen, yn it oarspronklike Gryksk: Επιστολή προς Ρωμαιους, Epistoli pros Romaious, ek wol koartwei Romeinen neamd, is it sechsde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de earste fan 'e brieven, en heart ta de Brieven fan Paulus. Dat de apostel Paulus dit brief skreaun hat, is frijwol ûnbekreaud. De measte bibelwittenskippers en teologen binne it deroer iens dat it yn 'e jierren 55- 57 skreaun wêze moat mei as doel om oan 'e kristlike gemeente yn Rome de ferlossing te beskriuwen dy't besletten leit yn it evangeelje. Romeinen is de langste fan 'e Brieven fan Paulus, en wurdt beskôge as Paulus syn wichtichst teologysk neilittenskip. De earste folsleine Fryske oersetting fan Romeinen stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.

Ynhâld

It Brief oan de Romeinen iepenet mei in ynlieding (Rom. 1:1–15), dy't in groetnis (Rom. 1:1-7) en in tank gebed (Rom. 1:8-15) omfettet. Dêrnei giet Paulus fierder mei in stik kristlike lear (Rom. 1:16-11:36) te ferkundigjen, wêryn't er û.m. útleit hoe't in minske troch it leauwe rjochtfeardich wurde kin foar it antlit fan God. De bekendste tekst fan hiele Romeinen heart hjirta, ntl. Rom. 8:38-39, dêr't Paulus yn úthâldt dat der hoegenamt neat is dat de leauwende fan Gods leafde skiede kin: "Want ik bin derfan oertsjûge dat noch dea noch libben, noch ingels noch boppe-ierdske hearskers, noch hjoed noch takomst, noch oare machten, noch hichte noch djipte, noch watfoar oar skepsel ek, ea ús skiede kin fan Gods leafde yn Jezus Kristus, ús Hear."

De apostel Paulus dy't syn brieven skriuwt, op in skilderij út 'e 16de iuw. (Yn wurklikheid diktearre Paulus syn brieven oan in slaaf.)

Dan folget in fermoanjend stik (Rom. 12:1-15:13), wêryn't û.o. de sterken oproppen wurde om noed te stean foar de swakkeren. It brief einiget mei in stikmannich persoanlike meidielings en groetnissen (Rom. 15:14-16:27). Ut dat slot kin men opmeitsje dat Paulus net inkeld fan doel wie om 'e kistlike gemeente yn Rome te besykjen, mar teffens om dêrnei troch te reizgjen nei de Romeinske provinsje Hispanje, op it Ibearysk Skiereilân. Yn Rome kaam er wol (sjoch: Hannelingen fan de Apostels), sij it yn 'e boeiens. Mar oft er ek ea Hispanje berikt hat, is net dúdlik.

Other Languages
беларуская (тарашкевіца)‎: Пасланьне да рымлянаў
Mìng-dĕ̤ng-ngṳ̄: Lò̤-mā Cṳ̆
čeština: List Římanům
गोंयची कोंकणी / Gõychi Konknni: रंकारांक पावलुचें पत्र
客家語/Hak-kâ-ngî: Lò-mâ-sû
interlingua: Epistola al Romanos
한국어: 로마서
lumbaart: Letera ai Ruman
Plattdüütsch: Römerbreef
Chi-Chewa: Aroma
srpskohrvatski / српскохрватски: Poslanica Rimljanima
Simple English: Epistle to the Romans
slovenčina: List Rimanom
svenska: Romarbrevet
vepsän kel’: Kirjaine rimalaižile
中文: 羅馬書
粵語: 羅馬書
Bân-lâm-gú: Lô-má-su