Brêge

De Akashi Kaikyō Brêge yn Japan, de langste brêge fan 'e wrâld.
1rightarrow.png Dizze side giet oer it bouwurk brêge. Foar oare betsjuttings, sjoch: brêge (betsjuttingsside).

In brêge is bouwurk dat in fêste of beweegbere ferbining foar ferkear foarmet tusken twa punten dy't skaat wurde troch in rivier, kanaal, kleau, delling, wei, spoar of in oar obstakel dêr't de brêge oerhinne giet. As in brêge oer in spoar of in wei hinne giet, wurdt der yn 'e regel fan in fiadukt sprutsen. In brêge kin ûntwurpen wêze om in ferhurde dyk, spoar, kanaal (kanaalbrêge) of in wetterlieding (akwadukt) te dragen.

In brêge bestiet út 'e boppebou, dêr't it ferkear oerhinne laat wurdt, en de ûnderbou, mei pylders en fundearrings, dy't it gewicht fan sawol brêge as ferkear oerbringt op 'e ûndergrûn. Brêgen oer wetterwegen hawwe faak in beweechber ûnderdiel dat iepen en ticht kin, itsij op en del, itsij fansiden, sadat it oangeande wetter net hielendal ôfsletten rekket foar de skipfeart. Tsjintwurdich binne brêgen yn 'e regel makke fan beton en metaal (benammen stiel). Foarhinne (en noch wol foar bgl. fytsbrêgen) waard gebrûk makke fan lichtere materialen, lykas hout of sels bamboe.

Brêgen binne der yn ferskate foarmen. Sa komme yn Fryslân fan âlds foar:

  • in planke, balke post of hout (de ienfâldichste soarte fan brêge sûnder lining)
  • it heechhout: smelle brêge foar fuotgongers
  • de draai: in draaibere planke mei lining
  • de barte: in losse helpbrêge dy't mei klampen of plankjes byinoar holden wurdt; sûnder lining foar fee of weinen
  • it set: in lânhaad dêr't in pear barten op lein wurde, in ienfâldich brechje wêrfan't it middenstik oan 'e kant skood wurde kin om skippen troch te litten
  • de fonder: in losse helpbrêge
  • de tille: fêste en frij brede en hege brêge mei linings oan wjerskanten
  • de piip: stiennene bôgebrêge, meastentiids yn 'e stêden
  • de post: in âlde namme foar in brechje

It ferskaat is yn plaknammen werom te kennen: Balk, Bûtenpost, Stinebarten, Hoptille en Draaisterhuzen.

  • boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


Other Languages
Afrikaans: Brug
Aymar aru: Chaka
Alemannisch: Brücke
አማርኛ: ድልድይ
aragonés: Puent
العربية: جسر (ممر)
ܐܪܡܝܐ: ܓܫܪܐ
مصرى: كوبرى
asturianu: Ponte
azərbaycanca: Körpü
башҡортса: Күпер
žemaitėška: Tėlpts
беларуская: Мост
беларуская (тарашкевіца)‎: Мост
български: Мост
বাংলা: সেতু
བོད་ཡིག: ཟམ་པ།
brezhoneg: Pont
bosanski: Most
буряад: Хүүргэ
català: Pont
нохчийн: ТӀай
Cebuano: Tulay
Tsetsêhestâhese: Hóxovôho'o
Cymraeg: Pont
کوردی: پرد
čeština: Most
kaszëbsczi: Mòst
Чӑвашла: Кĕпер
dansk: Bro
Deutsch: Brücke
Zazaki: Pırd
Ελληνικά: Γέφυρα
English: Bridge
Esperanto: Ponto
español: Puente
eesti: Sild
euskara: Zubi
estremeñu: Puenti
فارسی: پل
suomi: Silta
Võro: Sild
français: Pont
Gaeilge: Droichead
贛語:
Gàidhlig: Drochaid
galego: Ponte
Gaelg: Droghad
עברית: גשר
हिन्दी: सेतु
Հայերեն: Կամուրջ
Fiji Hindi: Pul
hrvatski: Most
hornjoserbsce: Móst
Kreyòl ayisyen: Pon
magyar: Híd
interlingua: Ponte
Bahasa Indonesia: Jembatan
ייִדיש: בריק
Ilokano: Rangtay
Ido: Ponto
Yorùbá: Afárá
íslenska: Brú
italiano: Ponte
ᐃᓄᒃᑎᑐᑦ/inuktitut: ᑭᒍᑎᙳᐊᑦ ᓂᐱᑎᓯᒪᔪᑦ
日本語:
Patois: Brij
la .lojban.: cripu
Basa Jawa: Kreteg
ქართული: ხიდი
Кыргызча: Көпүрө
қазақша: Көпір
한국어: 교량
kurdî: Pire
Latina: Pons
Ladino: Ponte
Lëtzebuergesch: Bréck (Architektur)
лезги: Муьгъ
lingála: Gbagba
ລາວ: ຂົວ
lietuvių: Tiltas
latviešu: Tilts
Malagasy: Tetezana
မြန်မာဘာသာ: တံတား
македонски: Мост
മലയാളം: പാലം
монгол: Гүүр
मराठी: पूल
Bahasa Melayu: Jambatan
Mirandés: Puonte
Plattdüütsch: Brüch
Nedersaksies: Brogge (bouwwark)
नेपाली: पुल
नेपाल भाषा: ज्याभः
Nederlands: Brug (bouwwerk)
norsk nynorsk: Bru
norsk: Bro
Nouormand: Pont
occitan: Pònt
ਪੰਜਾਬੀ: ਪੁਲ
Pälzisch: Brücke
Norfuk / Pitkern: Brij
polski: Most
پنجابی: پل
português: Ponte
Runa Simi: Chaka
română: Pod
русский: Мост
русиньскый: Міст
sicilianu: Ponti
Scots: Brig
سنڌي: پُل
srpskohrvatski / српскохрватски: Most
සිංහල: පාලම
Simple English: Bridge
slovenčina: Most
slovenščina: Most
chiShona: Zambuko
Soomaaliga: Buundo
shqip: Ura
српски / srpski: Мост
Seeltersk: Brääch
Basa Sunda: Sasak
svenska: Bro
Kiswahili: Daraja
தமிழ்: பாலம்
తెలుగు: వంతెన
тоҷикӣ: Кӯпрук
ไทย: สะพาน
Tagalog: Tulay
Türkçe: Köprü
татарча/tatarça: Күпер
українська: Міст
اردو: پُل
oʻzbekcha/ўзбекча: Koʻprik
Tiếng Việt: Cầu (giao thông)
Winaray: Tulay
吴语:
хальмг: Бурм
მარგალური: ხინჯი
中文:
文言:
粵語:
Bân-lâm-gú: Kiô (kau-thong)
Kabɩyɛ: Kondoloko