Blokkade fan Berlyn

De besettingssônes yn Dútslân en de loftwegen nei Berlyn

De Blokkade fan Berlyn wie in blokkade tusken 24 juny 1948 en 12 maaie 1949 fan wei-, spoar- en binnenfeartferbinings tusken de westlike besettingssônes fan Dútslân en West-Berlyn troch de Sowjet-Uny. De blokkade wie in reaksje fan de Sowjet-Uny op it ynfieren fan de D-Mark yn de westlike besettingssônes fan de stêd Berlyn. Yn andert op de blokkade iepenen de westlike alliearden de Berlynske loftbrêge wêr't de stêd syn foarried mei krige.

Oanrin

Nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich wie Dútslân ferparte yn fjouwer besettingssônes. Ek wie de stêd Berlyn dy't yn de Sowjet-besettingssône lei, yn fjouwer parten ferdield. De stêd waard bestjoerd troch de Alliearde Kontrôleried. Yn dy Kontrôleried wiene der gauris spannings benammen tusken de Sowjet-Uny en de westlike bûnsgenoaten. Op 20 maart 1948 wie de Sowjet-Uny al út de Kontrôleried stapt. Ek op de gearkomste fan 16 juny 1948 kamen de Sowjets net, wêrnei de Kontrôleried ophold te wurkjen.

De westlike besettingsmachten hawwe ferskate kearen besocht en ûnderhannelje mei de Sowjet-Uny oer in falutaherfoarming yn Dútslân, mar dat smiet neat op. Op 20 juny 1948 besleaten hja dan ek de D-Mark yn de westlike besettingssônes (it lettere West-Dútslân) yn te fieren. Neffens Stalin wie dit tsjin de makke ôfspraken fan Jalta, wêr doe ôfsprutsen wie dat de alliearden mei-inoar besluten nimme soene oer de takomst fan Dútslân. Besprekkings tusken de westlike bûnsgenoaten mei de Sowjet-Uny op 22 juny smieten ek neat op, wêrnei op 23 juny de Sowjet-Uny mei in eigen munt foar de Sowjet-besettingssône en hiel Berlyn ynfierde. De westlike machten ferklearren dat dy eastmark yn de westlike sônes fan Berlyn net jildich wiene. De Sowjet-Uny andere dêrop mei de blokkade fan West-Berlyn. De folgjende dei, op 24 juny, waard de D-Mark ek yn West-Berlyn ynfierd.

Other Languages
العربية: حصار برلين
azərbaycanca: Berlin böhranı
français: Blocus de Berlin
Bahasa Indonesia: Blokade Berlin
한국어: 베를린 봉쇄
lietuvių: Berlyno blokada
Bahasa Melayu: Sekatan Berlin
norsk nynorsk: Berlinblokaden
português: Bloqueio de Berlim
srpskohrvatski / српскохрватски: Berlinska blokada
Simple English: Berlin Blockade
slovenčina: Berlínska blokáda
српски / srpski: Блокада Берлина
中文: 柏林封鎖